Lofthaven Skiphol

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Schiphol")
Gean nei: navigaasje, sykje
Lofthaven Skiphol
Amsterdam Airport Schiphol
Amsterdam Schiphol Airport entrance.jpg
IATA: AMS ICAO: EHAM
Algemien
Oprjochte 17 maaie 1920
Type Publyk
Eigener Skiphol-Groep
Lokaasje Haarlimmermar, Nederlân
Hichte 3,35 meter ûnder NAP
Webside www.schiphol.nl
Startbanen
   Baan      Lingte   Materiaal
18R/36L 3.800 m Asfalt
06/24 3.500 m Asfalt
09/27 3.450 m Asfalt
18L/36R 3.400 m Asfalt
18C/36C 3.300 m Asfalt
04/22 2.014 m Asfalt

Lofthaven Skiphol is de grutste lofthaven fan Nederlân. Nei Londen Heathrow, Parys-Charles de Gaulle, Frankfurt am Main en Istanbûl Atatürk is it de fyfde drokste lofthaven fan Jeropa. Skiphol leit yn 'e gemeente Haarlimmermar, sa'n 15 kilometer besúdwesten Amsterdam.

Skiphol is de thúshaven fan 'e Nederlânske loftfeartmaatskippijen Arke, Corendon Dutch, KLM, KLM Cityhopper, Martinair Cargo en Transavia. Fierders is it in hub fan 'e bûtenlânske loftfeartmaatskippijen Delta Air Lines, easyJet en Vueling. De lofthaven leit inkelde meters ûnder seenivo en hat seis start- en lâningsbanen. Op it plak dêr't Skiphol no leit, hat earder it doarp Ryk lein. De namme "Skiphol" wurdt ek brûkt as plaknamme, krekt as Skiphol-East en Skiphol-Ryk.

De lofthaven is eigendom fan 'e Skiphol-Groep (formiele namme: "N.V. Luchthaven Schiphol"), mei as oandielhâlders de Nederlânske Steat, gemeente Amsterdam en gemeente Rotterdam.

Tal passazjiers en fleanbewegings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Passazjiers
1920 440
1928 10.793
1936 91.793
1938 > 100.000
1950 ± 350.000
1959 > 1.000.000
1960 < 1.400.000
1967 3.263.342
1970 > 5.000.000
1979 > 10.000.000
1988 [1]± 14.664.000
1989 > 15.000.000
Jier Passazjiers
1990 ± 16.000.000
1991 gjin gegevens
1992 19.145.064
1993 21.274.269
1994 23.559.798
1995 25.355.001
1996 27.794.881
1997 31.569.977
1998 34.420.143
1999 36.772.015
Jier Passazjiers
2000 39.606.925
2001 39.531.123
2002 40.736.009
2003 39.960.400
2004 42.541.180
2005 44.163.098
2006 46.066.050
2007 47.794.994
2008 47.430.019
2009 43.570.370
Jier Passazjiers
2010 45.211.749
2011 49.755.252
2012 51.035.590
2013 52.569.200

Op Skiphol startte en lâne it folgjend tal fleanmasines:[2]

Jier Fleanbewegings
1940 1.649
1950 40.876
1960 89.560
1970 135.520
1980 185.836
1990 246.504
Jier Fleanbewegings
2000 432.483
2001 432.101
2002 417.120
2003 403.800
2004 418.613
2005 420.736
Jier Fleanbewegings
2006 440.153
2007 454.361
2008 446.629
2009 406.975
2010 402.375
2011 [3]437.082
Jier Fleantúchbewegings
2012 423.407
2013 425.565
2014 438.300

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Amsterdam Airport Schiphol fan Wikimedia Commons.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Schiphol regio en ruimtelijke kwaliteit: synopsis, Ministearje fan VROM
  2. Schiphol: Feiten en Sifers. Ynformaasje oer ferskate jierren. Rieplachte op 8 april 2014.
  3. Verkeer & Vervoer cijfers; Schiphol Group