TUI Airlines Nederlân

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Arke
Logo
IATA

OR

ICAO

TFL

Ropteken

ARKE

In Boeing 737-800 fan Arke
In Boeing 737-800 fan Arke
Algemien
Oprjochte 2005
Haadkertier Skiphol-Ryk
Hub(s) Lofthaven Amsterdam Skiphol
Floatgrutte 9
Bestimmings 53
Alliânsje(s) TUI Airlines
Memmebedriuw TUI Group
Kaaifigueren Elie Bruyninckx, direkteur
Finansjeel
Omset €1,8 miljard (2014)
Wurknimmers 2.500
Offisjele webside
www.tuifly.nl

TUI Airlines Nederlân, better bekend ûnder de hannelsnamme Arke, is in Nederlânske loftfeartmaatskippij dy't sawol sjarter- as feste flechten útfiert, benammen nei fakânsjebestimmings. It haadkertier fan it bedriuw stiet yn 'e neite fan Skiphol, de grutste lofthaven fan Nederlân. Tegearre mei fiif oare loftfeartmaatskippijen foarmet Arke de TUI Airlines-groep, de grutste ferfierder fan fakânsjegongers fan Europa.

Oktober 2015 sil de loftfeartmaatskippij Arke definityf omneamd wurde ta TUI Airlines Nederlân. De namme Arke ferdwynt dêrmei út it loftfeart- en toerismelânskip.

Float[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De float fan Arke bestiet april 2015 út 9 fleanmasines.

Fleanmasine Tal Stuollen
Boeing 737-800 5 189
Boeing 787-8 3 291
Boeing 767-300ER 1 283

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]