De Flughafen Frankfurt am Main, 12 kilometer súdwest Frankfurt am Main, iepene op 8 july1939, is de grutste lofthaven fan Dútslân. Nei London Heathrow Airport en Aéroport de Paris-Charles de Gaulle is it de tredgrutste Europeeske lofthaven foar persoaneferfier, wrâldwiid stiet de lofthaven op plak alve. Yn 2013 wienen der 58,0 miljoen passazjiers op de lofthaven. Mei sa'n 2,2 miljoen ton frachtferfier yn 2011 wie de Frankfurter lofthaven nûmer sân fan de wrâld. De lofthaven hat twa terminals dy't mei elkoar ferbûn binne troch in shuttlebaan, de saneamde Skyline.[1]