Transavia

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Transavia
Logo
IATA

HV

ICAO

TRA

Ropteken

TRANSAVIA

In Boeing 737 yn it nije kleureskema
In Boeing 737 yn it nije kleureskema
Algemien
Oprjochte 17 novimber 1966
Haadkertier Haarlimmermar
Hub(s) Lofthaven Skiphol
Lofthaven Rotterdam-De Haach
Lofthaven Eindhoven
Floatgrutte 36
Bestimmings 88
Loyalensprogram Flying Blue
Memmebedriuw Air France-KLM
Offisjele webside
www.transavia.com

Transavia (formiele benamming: Transavia Airlines C.V.) is in Nederlânske loftfeartmaatskippij en makket diel út fan 'e Air France-KLM-groep. De thúshavens fan it bedriuw binne Skiphol, Rotterdam en Eindhoven. Fierders wurde fan Grins ôf inkelde fleanberbinings ûnderholden. Transavia fleant benammen nei bestimmings yn Jeropa en Noard-Afrika.

Yn Frankryk hat Transavia in sustermaatskippij: Transavia France.

Float[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De float fan Transavia bestiet april 2015 út 36 fleanmasines.

Fleanmasine Tal Stuollen
Boeing 737-700 9 149
Boeing 737-800 27 189

Febrewaris 2015 bestelde Transavia by Boeing 17 tastellen fan it type 737-800NG, mei in opsje op nochris trije.

Yn it ferline fleach de maatskippij mei de Douglas DC-6, de Caravelle, de Boeing 707-320, de Boeing 737-200, de Boeing 737-300, de Boeing 757-200 en de Airbus A300-B4.