Sud Aviation Caravelle
Sud Aviation "Caravelle" | |
---|---|
Rol | Narrow-body passazjiersfleantúch |
Makker | Sud Aviation |
Earste flecht | 27 maaie 1955 |
Yn tsjinst | April 1959 |
Ut tsjinst | July 2005 |
Tal makke | 282 (1958 - 1972) |
Grutste brûkers | Air France, Scandinavian Airlines, Swissair, Finnair en Transavia (2) |
Farianten | Sjoch tekst |
De Sud Aviation Caravelle (Frânsk foar karveel, in histoarysk skip) is in Frânske fleanmasine dy't troch Sud Aviation makke waard. It wie it earste ferkearsfleantúch mei strieloandriuwing dat yn Frankryk ûntwikkele en produsearre waard en ornearre wie foar de koarte en middellange ôfstân.
Binnen in pear jier nei't de Caravelle foar passazjiersferfier ynset waard, waard er ien fan de meast suksesfolle Europeeske strielfleantugen fan de earste generaasje. It tastel waard goed ferkocht oan eksploitanten yn hiel Europa, dy't him meast brûkten foar lineflechten binnen Europa. Ek de Amerikaanske United Airlines bestelde 20 Caravelles.
De Caravelle hie foar it earst twa achteroan de romp pleatste motors, dat in 'skjinne' fleugel, in konfiguraasje dy't noch altyd in soad tapast wurdt op lytse strielfleantugen, lykas sakejets. Om de ûntwikkeling flugger ferrinne te litten waarden de noas en de cockpit fan de De Havilland DH.106 foar in grut part oernaam. Omdat it stabilo net deun efter de útlit sitte mei fanwegen de hjitte, waard dy yn de midden fan it kylflak pleatst, in wichtich skaaimerk foar it weromkennen fan de Caravelle.
Der binne totaal in lytse 300 Caravelles ferkocht. It lêste tastel, mei searjenûmer 280, waard yn 1973 oplevere en stiet no op in peal útstald by Toulouse. Yn België bleau in Caravelle fan de Sabena bewarre yn it Loftfeartmuseum oan it Jubelpark yn Brussel. Yn it Loftfeartmuseum Aviodrome yn Lelystêd stiet in cockpit fan in Caravelle opsteld.
-
Cockpit fan in Caravelle
-
It efterste part fan de romp mei de Rolls-Royce Avon turbojet
Technyske gegevens fan de ferskate ferzjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gegevens | Mk.I/IA | Mk.III | Mk.VI-N/VI-R | Mk.10B | Mk.10R | Mk.11R | Mk.12R |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Langte | 32,01 m | 33,01 m | 32,01 m | 32,71 m | 36,24 m | ||
Hichte | 8,72 m | ||||||
Breedte / Romptrochsneed bûtenkant | 3,20 m[1] | ||||||
Kabinebreedte binnendoar | 3,01 m[1] | ||||||
Fleugelspanwiidte | 34,30 m | ||||||
Hoeke fleugelstân | 20,0° | ||||||
Fleugeloerflak | 146,7 m² | ||||||
Fleanberik | 1.500 km | 1.700 km | 2.350 km | 3.640 km | 2.650 km | 2.800 km | 2.655 km |
Krúsfaasje | 746 km/o | 805 km/o | 845 km/o | 800 km/o | 835 km/o | ||
Maks. fleanhichte | 10.700 m | 12.000 m | 10.700 m | 12.100 m | 10.700 m | ||
Maks. startgewicht | 45 t | 46 t | 48 t (VI-N) 50 t (VI-R) |
52 t 56 t (Super B) |
52 t | 54 t | 56 t |
Maks. lâningsgewicht | 41,5 t | 46 t | 48 t | 49,5 t | |||
Maks. oantal stuollen | 80 | 99 | 80 | 105 | 140 | ||
Oandriuwing | Mk.I: 2 Rolls-Royce Avon RA-29 Mk.522 fan 46,7 kN Mk.IA: 2 Rolls-Royce Avon RA-29/1 Mk.526 fan ? kN |
Mk.10B/10R/11R: 2 Pratt & Whitney JT8D-7 fan 62,3 kN Mk.12: 2 Pratt & Whitney JT8D-9 mei 64,5 kN | |||||
Earste flecht | 27 maaie 1955 (prototype) 14 maaie 1958 (I) |
30 desimber 1959 | 10 septimber 1960 (VI-N) 6 febrewaris 1961 (VI-R) |
31 augustus 1962 (10A) 3 maart 1964 (10B) |
18 jannewaris 1965 | 22 septimber 1967 | 29 oktober 1970 |
Keppelingen om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- SudAviation.com – Caravelle webstee
- "Flying the Caravelle" artikel yn Flight, 1957
- YouTube fideo oer in Caravelle fan United Air Lines SE210
- How Sud’s Caravelle powered Europe’s airliner charge , Max Kingsley-Jones
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sud Aviation Caravelle fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|