Mattijs ten Brink
Mattijs ten Brink (Bergen, 23 maaie 1963) is sûnt 1 augustus 2013 algemien direkteur fan Transavia. Hy folge doe de nei Air France-KLM ferhuze Bram Gräber op. Tal fan jierren wie er yn ferskillende funksjes wurksum by KLM Cargo en Martinair Cargo.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mattijs ten Brink waard berne op 23 maaie 1963 yn Bergen as jongste fan fiif bern fan Jan ten Brink en Wilhelmina van Imhoff. Syn heit Jan wie neurolooch, bestjoerder yn de medyske wrâld en partijfoarsitter fan D66. Wilhelmina soarge nei harren skieding allinnich foar de bern en wurke as rjochter en letter as fise-presidint fan de arrondissemintsrjochtbank yn Haarlim.[1]
Fan 1975 oant 1981 folge Ten Brink in gymnasiumoplieding oan it Kennemer Lyseüm yn Overveen. Dêrnei gong er nei de Universiteit fan Amsterdam, dêr't er yn 1989 ôfstudearre yn bedriuwsekonomy.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|