Mamma Mia! Here We Go Again

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Mamma Mia! Here We Go Again
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
Mamma Mia! Here We Go Again logo.png
makkers
regisseur Ol Parker
produsint Judy Craymer
Gary Goetzman
útfierend
   produsint
Benny Andersson
Björn Ulvaeus
Rita Wilson
Tom Hanks
Richard Curtis
Phyllida Lloyd
Nicky Kentish Barnes
senario Ol Parker
basearre op Mamma Mia fan
   Catherine Johnson
kamerarezjy Robert Yeoman
muzyk Benny Anderson
Björn Ulvaeus
filmstudio Playtone
Littlestar Productions
Legendary Pictures
Perfect World Pictures
distribúsje Unversal Pictures
spilers
haadrollen Amanda Seyfried
Lily James
byrollen Christine Baranski
Julie Walters
Pierce Brosnan
Colin Firth
Stellan Skarsgård
Jessica Keenan Wynn
Alexa Davies
Cher
Andy García
Meryl Streep
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United Kingdom.svg Feriene Keninkryk
Flag of the United States.svg Feriene Steaten
premiêre 16 july 2018
foarm langspylfilmmusical
sjenre romantyske komeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 114 minuten
budget en resultaten
budget $75 miljoen
opbringst $395 miljoen
filmsearje
filmsearje Mamma Mia!
● foarich diel Mamma Mia!

Mamma Mia! Here We Go Again is in Britsk-Amerikaanske filmmusical út 2018 yn 'e foarm fan in romantyske komeedzje. De film waard regissearre waard troch Ol Parker en is in jukeboxmusical mei bekende lieten fan 'e Sweedske band ABBA. De haadrollen waarden fertolke troch Amanda Seyfried en Lily James, ûnderstipe troch Christine Baranski, Julie Walters, Pierce Brosnan, Colin Firth, Stellan Skarsgård, Jessica Keenan Wynn, Alexa Davies, Cher, Andy García en Meryl Streep yn byrollen. De titel betsjut: "Mamma mia! Hjir geane we wer", en ferwiist nei de namme en in fersregel út it ABBA-liet Mamma Mia. De film is in ferfolch op Mamma Mia!, út 2008. De plot fan Mamma Mia! Here We Go Again bestiet út twa ferhaallinen. Yn ien dêrfan wurdt Sophie, de dochter fan Donna (it haadpersonaazje út 'e foargeande film) folge as se har memme hotel yn Grikelân runt nei't har mem ferstoarn is; yn 'e oare wurdt in jonge Donna folge as se tritich jier earder yn Grikelân arrivearret. Dêrby spegelje guon sênes út 'e beide ferhaallinen inoar. Mamma Mia! Here We Go Again krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes, en wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. Yn 2020 waard bekend dat in trêde film yn produksje nommen wie.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op it (fiktive) Grykske eilân Kalokairi risselwearje Sophie Sheridan en ien fan har trije heiten, Sam Carmichael, yn 2009 foar de weriepening fan it hielendal renovearre hotel fan Sophie har mem, de koartby ferstoarne Donna Sheridan. Se krije dêrby help fan 'e nije hotelmanager: de âldere Meksikaan señor Cienfuegos, in sympatike, mar drôve man, dy't Sophie fertelt dat de leafde fan syn libben him lang lyn ferlitten hat en dat er him fermoedsoene hat mei it feit dat er nea gelokkich wêze sil. Sophie freget har ôf wat har mem fan al har krewearjen mei it hotel tocht hawwe soe.

Yn in flashback nei 1979 is te sjen hoe't de jonge Donna en har kammeraatskes Tanya en Rosie feestfiere nei't se ôfstudearre binne oan 'e Universiteit fan Oxford. Dy jûns litte de fammen harren tinzen gean oer hokker libben op harren wachtet. Donna fertelt de oaren dat se net weromgiet nei hûs, om't se in trûblearre relaasje hat mei har mem Ruby, dy't in ferneamd sjongster yn Las Vegas is en net de muoite nommen hat om it ôfstudearjen fan har dochter by te wenjen. Har heit hat se nea kend. Se dreamt fan in libben dat rjochte is op it meitsjen fan goede oantinkens en ornearret dat har takomst yn Grikelân leit, op in eilân dat Kalokairi hjit en dat foarhinne as ien fan wrâldseinen beskôge waard. Se beslút fuort de oare deis dêrhinne ôf te setten om har lotsbestimming te finen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Donna reizget oer Parys, dêr't se in tuskenstop makket om 'e stêd te besichtigjen. Se moetet dêr yn in hotel de bleue mar sympatike Britske jonge Harry Bright, dy't fuortendaliks fereale op har rekket. Se bringe tegearre de dei troch, en Harry wit Donna te fersieren, wêrnei't se ek de de nacht tegearre trochbringe. De oare moarns as Harry noch sliept, set Donna lykwols ôf nei Grikelân.

Dêr oankommen, mist se de fearboat nei Kalokairi om't se opholden wurdt troch in dûanier dy't it foar de moade hat om familiêre opmerkings te meitsjen tsjin reizgers. In oantreklike Sweedske jonge, Bill Anderson, biedt lykwols oan om har oer te farren op syn syljacht. Sûnder dat se it wit, is Harry Donna efternei reizge nei Grikelân, mar hy arrivearret te let en sjocht mei drôvens ta hoe't se yn 'e fierte mei Bill fuortsylt. Underweis nei it eilân flirt Donna mei Bill, mar foar't se mei-inoar op bêd reitsje kinne, wurde se ûnderbrutsen troch in jonge Gryk, Alexios, dy't op see strâne is om't syn bûtenboardmotor it net mear docht. Hy moat driuwend nei Kalokairi, om't de frou fan syn dreamen op it punt stiet om ûnder druk fan har famylje mei in oare man te trouwen. Donna en Bill helpe him om it eilân te berikken, dêr't Alexios syn leafste fan har trouwerij ôf wit te hâlden. Neitiid set Bill ôf mei syn jacht om oan in sylwedstryd diel te nimmen, mar hy ûnthjit dat er neitiid foar Donna weromkomme sil.

Yn 'e hjoeddeistige tiid kriget Sophie berjocht fan har oare beide heiten Harry en Bill dat se spitigernôch net by de weriepening fan it hotel oanwêzich wêze kinne. Harry, dy't bankier is, sit dy deis yn Japan fêst yn ûnderhannelings foar in wichtich kontrakt, en Bill kriget dy deis de priis útrikt foar Geweldichste Sweed Aller Tiden. Beppe Ruby hat Sophie mar net iens útnûge, want dy komt dochs nea opdaagjen. Underwilens binne Sophie en Sky, mei wa't se al mear as tsien jier in relaasje hat, ek wat útinoar dreaun. Hy is nei New York ta gien om dêr by in foaroansteand hotel de keunst fan it eksploitearjen fan sa'n gelegenheid ôf te sjen, mar no hawwe se him dêr in fêste baan oanbean, en dat is eins te moai om ôf te slaan. Hy tinkt der sadwaande serieus oer om it oanbod oan te nimmen, mar Sophie wol net fan Kalokairi ôf, dat it soe de ein fan harren leafde betsjutte.

Donna har âlde freondinnen Tanya en Rosie, dy't muoikes allyk binne foar Sophie, arrivearje mei de fearboat op it eilân om Sophie by de weriepening fan it hotel te stypjen. Sophie lit harren grutsk it renovearre gebou sjen; dy rûnlieding spegelet it ferline, mei't de jonge Donna tritich jier earder, nei har oankomst op it eilân, it ferfallen gebou ferkent dat úteinlik it hotel wurde sil. Yn 'e flashback komt der dy nachts swierwaar oer. Donna ûntdekt yn in diel fan it hûs in hynder dat yn panyk rekket troch de tonger en wjerljocht en in pylder omlûkt sadat dat part fan it gebou ynstoart. Se giet út om help en moetet de jonge Britsk-Ierske toerist Sam Carmichael, dy't har helpt om it hynder te kalmearjen en út 'e púnfal te lieden. Neitiid reitsje Sam en Donna fereale en krije in hertstochtlike relaasje.

Yn it hjoed driuwt in swiere stoarm oer Kalokairi hinne, dy't al Sophie har tariedings foar de grutte weriepening yn it hûndert rinne lit. Flaggen waaie stikken, dingen waaie om of fuort, guod dat net wiet kin ferreint, en de loftfeartmaatskippijen skoarje har flechten op 'e lofthaven fan Atene in pear dagen op, mei as gefolch dat de miljonêrs en de media by wa't Sophie troch de weriepening it renovearre hotel as lúksebestimming ûnder oandacht bringe woe, net komme kinne. Sophie is der hielendal ôf en hat it gefoel dat se har mem teloarsteld hat. Sam fertelt har dat dat net mooglik is, om't eltse ôfdijer foar Donna yn it neat foel nei de teloarstelling dy't hy har sels tritich jier lyn oandien hie.

Yn in flashback einiget de românse fan Sam en Donna like hommels as er begûn, as Donna in foto fan Sam syn ferloofde Lorraine ûnder eagen kriget en ûntdekt dat er har net de wierheid ferteld hat. Hy besiket har út te lizzen dat er net fan Lorraine hâldt, dat harren oankommende houlik min ofte mear beknopedraaid is troch harren âlden en dat er krekt nei Grikelân ta flechte wie om soks te ûntrinnen, mar Donna wol net harkje en wiist him yn triennen de doar. Sam nimt mei pine yn 't hert de fearboat nei it fêstelân. Neitiid komme de jonge Tanya en Rosie nei Kalokairi om Donna op te sykjen. De beide fammen besykje harren freondinne op te fleurjen mei in optreden fan harren band, Donna and the Dynamos. As Bill weromkomt, sa't er al ûnthjitten hie, jout Donna har by him op syn boat, ta argewaasje fan Rosie, foar wa't it mei Bill leafde op it earste gesicht is. Op 'e boat sliept Donna mei Bill om Sam te ferjitten. Underwilens keart Sam werom op it eilân, nei't er thús syn ferloving mei Lorraine ôfsein hat. As er lykwols heart dat Donna al in oare frijer hat, jout er him telider slein wer ôf.

Yn 'e hjoeddeistige tiid fertelt de âlde Rosie oan Sophie hoe't har relaasje mei Bill einige is nei't se him tsien jier lyn einlings en te'n lêsten oan 'e heak slein hie. It ferhaal jout Sophie nije soargen oer har eigen relaasje mei Sky. Underwilens kriget Harry by syn ûnderhannelings yn Japan troch wat dat ien fan syn Japanske sakepartners seit foar it ferstân dat er, yn syn eigen wurden, "de ferkearde muorre oan it beklimmen is". Hoewol't er mei it kontrakt in protte jild fertsjinje kin, beseft er dat Sophie folle wichtiger foar him is. Hookstrooks set er ôf nei Grikelân. Underwilens is Bill yn Sweden ta deselde reälisaasje kommen. Hy beslút syn priis yn ûntfangst nimme te litten troch syn twillingbroer en sels halje-trawalje nei Grikelân te reizgjen. Dêr oankommen moetet er Harry op 'e kade, mar se hawwe de fearboat fan dy deis mist. As se yn in kafee beprakkesearje hoe't se Kalokairi berikke kinne, treft Bill dêr Alexios, de Gryk dy't er tritich jier lyn holpen hat om syn faam werom te winnen. Dyselde is in fisker, mar troch de ôfname fan 'e fiskstân en de fan boppen opleine fiskerijbeheinings hawwe de fiskers op 't heden neat om hannen. Bill ornearret dat se dan grif wol ta binne oan in feestje en nûget alle fiskers en harren gesinnen út foar it feest op Kalokairi.

Op it eilân sitte Sophie-en-dy mei in ûnbidige berch yn 't foar tamakke iten en net ien dy't it opite kin (behalven Rosie, dy't dapper besiket der in flink gat yn te slaan). Dat feroaret as de fiskers arrivearje mei by harren net inkeld Bill en Harry, mar ek Sky, dy't ta it beslút kommen is dat er de baan yn New York net oannimt om't Sophie wichtiger foar him is. Underwilens is Sophie oanhelle rekke mei moarnssykte, spegele troch in flashback wêryn't de jonge Donna itselde oerkomt. Donna wit net wa fan 'e trije mannen, mei wa't se de lêste tiid it bêd dield hat, de heit is. As Bill syn âldmuoike Sofia har sizzen heart dat se op it eilân bliuwe wol, fertelt dy har dat sy de eigneresse is fan it ferfallen gebou dat Donna earder bewûndere, en dêr't se de lêste tiid bivakearre hat. Donna nimt it oanbod oan om har dêr foargoed nei wenjen te setten, en befalt der njoggen moanne letter fan in lyts famke, dat se nei de sympatike âlde frou Sophie neamt.

Yn it hjoed fertelt Sophie oan Sky yn fertrouwen dat se swier fan him rekke is en dat se har noch nea sa nei oan har mem field hat. Sky ûnthjit om it nijs foarearst geheim te hâlden, mar hy fertelt it dochs oan Sam, dy't it oan Bill fertelt, dy't it oan Harry fertelt, dy't it oan eltsenien útbringt. It feest wurdt fersteurd as der op it eilân in helikopter arrivearret mei dêryn Ruby, de beppe fan Sophie. Dat blykt it wurk fan Sky te wêzen, dy't har yn New York opspoard hie. Ruby leit út dat se no (tritich jier te let) einlings ree is om beppe te wurden. It komt har raar oer it mad as bliken docht dat se ek mei-iens oerbeppe wurdt. Nei't Sophie en Ruby de striidbile begroeven hawwe, fersoarget Sophie yn it stee fan har mem in optreden mei Tanya en Rosie as Donna and the Dynamos. Neitiid makket Ruby har beppesizzer knoffelige mar goedbedoelde kompliminten. As se lykwols señor Cienfuegos, de hotelmanager, ûnder eagen kriget, stiet se ynienen as yn it gat beneile. Cienfuegos, dy't fan foarren Fernando blykt te hjitten, is nammentlik nimmen oars as de frijer dy't Ruby yn 1959 yn Sintraal-Amearika efterlitten hat (en, sa wurdt suggerearre, de heit fan Donna en de pake fan Sophie). It wersjen is ûnferwachts, mar de leafde tusken harren beiden lôget fuortendaliks wer op.

Njoggen moanne letter skinkt Sophie it libben oan in lyts jonkje, dat de namme Donny kriget. By de doop, yn deselde kapel dêr't de jonge Donna tritich jier earder Sophie dope liet, wekket de geast fan 'e âlde Donna oer har dochter foar't se einlings ôfset nei it hjirneimels.

Wylst de ôftiteling begjint, fiert de hiele cast mei-inoar it nûmer Super Trouper op.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Sophie Sheridan Amanda Seyfried
de jonge Donna Sheridan Lily James


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Tanya Chesham-Leigh Christine Baranski
Rosie Mulligan Julie Walters
Sam Carmichael Pierce Brosnan
Harry Bright Colin Firth
Bill Anderson Stellan Skarsgård
de jonge Tanya Chesham-Leigh Jessica Keenan Wynn
de jonge Rosie Mulligan Alexa Davies
Ruby Sheridan Cher
señor (Fernando) Cienfuegos Andy García
Donna Sheridan Meryl Streep
Sky Dominic Cooper
de jonge Sam Carmichael Jeremy Irvine
de jonge Harry Bright Hugh Skinner
de jonge Bill Anderson Josh Dylan
Sofia Maria Vacratsis
Lazaros Panos Mouzourakis
konrektor universiteit Celia Imrie
Grykske dûanier Omid Djalili
Alexios Gerard Monaco
dhr. Tatyama Togo Igawa
Yumiko Naoko Mori
dr. Inge Horvath Anastasia Hille
perfester Björn Ulvaeus (cameo)
pianist yn Parysk restaurant Benny Andersson (cameo)
Rafael Cienfuegos Jonathan Goldsmith (cameo)

Lieten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. When I Kissed the Teacher – de jonge Donna, de jonge Tanya, de jonge Rosie en de konrektor
  2. I Wonder (Departure) – de jonge Donna, de jonge Tanya en de jonge Rosie¹
  3. One of Us – Sophie en Sky
  4. Waterloo – de jonge Harry en de jonge Donna
  5. Why Did It Have to Be Me? – de jonge Bill, de jonge Donna en de jonge Harry
  6. I Have a Dream – de jonge Donna
  7. Kisses of Fire – Lazaros
  8. Andante, Andante – de jonge Donna
  9. The Name of the Game – de jonge Donna
  10. Knowing Me, Knowing You – de jonge Donna en de jonge Sam
  11. Mamma Mia – de jonge Donna, de jonge Tanya en de jonge Rosie
  12. Angeleyes – Tanya, Rosie en Sophie
  13. Dancing Queen – Sophie, Tanya, Rosie, Sam, Bill en Harry
  14. I've Been Waiting for You – Sophie, Tanya en Rosie
  15. Fernando – Ruby en Fernando Cienfuegos
  16. My Love, My Life – de jonge Donna, de geast fan Donna en Sophie
  17. Super Trouper – Ruby, de jonge Donna, de jonge Tanya, de jonge Rosie, Sophie, Sky, de jonge Sam, de jonge Bill, de jonge Harry, Donna, Tanya, Rosie, Sam, Bill, Harry en Fernando
  18. The Day Before You Came – Donna¹

¹) komt foar op it soundtrackalbum, mar net yn 'e film

Dêropta komme yn 'e film in stikmannich sterk ferkoarte ferzjes fan ABBA-nûmers foar, dy't net opnommen binne op it soundtrackalbum. Yn gronologyske folchoarder binne dat:

  1. Thank You for the Music – Sophie
  2. I Let the Music Speak – ynstrumintaal
  3. SOS – Sam
  4. Take a Chance on Me – ynstrumintaal
  5. Hasta MañanaHelen Sjöholm (radio/voice-over)
  6. Hole in Your Soul – Lazaros
  7. Slipping Through My Fingers – ynstrumintaal
  8. Chiquitita – ynstrumintaal

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Omreden fan it kommersjele súkses fan 'e film Mamma Mia!, út 2008, hie finansier en distributeur Universal Pictures al lange tiid belangstelling foar it meitsjen fan in ferfolchfilm. De produksje fan Mamma Mia! Here We Go Again waard úteinlik yn maaie 2017 oankundige. De film waard regissearre troch Ol Parker nei in senario dat er sels skreaun hie, op basis fan in idee fan himsels, Catherine Johnson en Richard Curtis.

F.l.n.rj.: Alexa Davies, Lily James en Jessica Keenan Wynn (de jonge Rosie, de jonge Donna en de jonge Tanya), by in fraachpetear op MTV yn 2018.

As produsinten wiene Judy Craymer en Gary Goetzman by it projekt belutsen foar de filmstudio's Playtone, Littlestar Productions, Legendary Pictures en Perfect World Pictures. Dêrmei wie Mamma Mia! Here We Go Again in Britsk-Amerikaanske ko-produksje. Benny Andersson en Björn Ulvaeus fan ABBA, Tom Hanks en syn frou Rita Wilson fan Playtone, Phyllida Lloyd dy't de earste film regissearre hie, en fierders Richard Curtis en Nicky Kentish Barnes wiene útfierend produsint. Der wie foar de film in budget beskikber fan $75 miljoen.

De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Robert Yeoman. De opnamen setten útein op 12 augustus 2017 en duorren oant en mei 2 desimber fan dat jier. Der waard filme yn 'e Shepperton Studios yn Londen en op lokaasje yn op it Kroätyske eilân Vis en yn Bordeaux, Stockholm, Oxford en de Londenske wyk Hampton. De filmmontaazje waard dien troch Peter Lambert. De lieten en soundtrack wiene skreaun troch Benny Anderson en Björn Ulvaeus fan ABBA, mei ynsidintele bydragen fan harren oarspronklike muzykprodusint Stig Anderson.

Mamma Mia! Here We Go Again waard opdroegen oan 'e neitins fan produksje-ûntwerper Alan Macdonald, dy't ûnder de opnamen kaam te ferstjerren.

Casting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De hiele rolbesetting út de earste film die mei oan Mamma Mia! Here We Go Again. De cast fan 'e nije film waard oanfolle mei in seistal jonge akteurs, dy't de jonge wjergaders fan Donna, Tanya, Rosie, Sam, Bill en Harry spilen. De wichtichste nije rol waard datoangeande fertolke troch Lily James as de jonge Donna, foar wa't Mamma Mia! Here We Go Again in trochbraak betsjutte. De rol fan Ruby, de mem fan Donna en beppe fan Sophie, waard spesjaal skreaun foar sjongster Cher, dy't eigenhandich Andy García útkeas om yn 'e film har romantyske partner te spyljen.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Mamma Mia! Here We Go Again waard fersoarge troch Unversal Pictures. De film gie op 16 july 2018 yn Londen yn premiêre en iepene dêrnei op 20 july fan dat jier yn sawol de Britske as de Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum Mamma Mia! Here We Go Again waard op 13 july 2018 tagelyk útbrocht by Capitol Records foar de Amerikaanske merk en by Polydor yn alle oare lannen. Op 9 oktober 2018 kaam Mamma Mia! Here We Go Again beskikber as digitale download, en op 23 oktober fan dat jier kaam de film ek út op dvd en blu-ray.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige Mamma Mia! Here We Go Again oer it algemien positive resinsjes. Sa krige de film yn The Observer fan Mark Kermode 5 fan 5 stjerren. Peter Bradshaw fan The Guardian omskreau de film as "nuveraardich ûnwjersteanber" en parte him 3 fan 5 stjerren ta. Dat wie in nammenste gruttere ferrassing, ek foar himsels, om't er de earste film hielendal neat fûn. Hy einige syn resinsje mei de konklúzje: "Fermaakliker as ik ferwachte hie. Mar asjebleaft. No hat it moai west."

F.l.n.rj.: Hugh Skinner, Jeremy Irvine en Josh Dylan (de jonge Harry, de jonge Sam en de jonge Bill) by in fraachpetear op MTV yn 2018.

Peter Travers fan it tydskrift Rolling Stone joech Mamma Mia! Here We Go Again 21/2 fan 5 stjerren en bekritisearre de ôfwêzigens fan Meryl Streep yn it grutste part fan 'e film, dy't it spul foar him wat bedoar. Yn 'e Chicago Sun-Times parte Richard Roeper de film 2 fan 4 stjerren ta. Stephanie Zacharek fan it Amerikaanske blêd Time skreau: "Mamma Mia! Here We Go Again is ferskriklik. En geweldich. De film is in gearklûntering fan alle redens dat jo nea nei de bioskoop gean moatte. En fan alle redens dat jo no fuortendaliks ta de doar útsprinte moatte om in kaartsje te keapjen."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Mamma Mia! Here We Go Again in frij heech goedkarringspersintaazje fan 79%, basearre op 275 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] bringt op 'e nij alles fan 'e oarspronklike film dêr't fans sa fan holden – en och heden, hoe kinne fans dat wjerstean?" (And my my, how can fans resist it?: in ferwizing nei de liettekst fan Mamma Mia: And my my, how can I resist it?) Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Mamma Mia! Here We Go Again in goedkarringspersintaazje fan 60%, basearre op 46 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mamma Mia! Here We Go Again brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $120,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $274,4 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $395 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $75 miljoen betsjut dat in winst fan $320 miljoen, hoewol't dêr de mânske marketingkosten noch wol ôf moatte. Yn it Feriene Keninkryk wie Mamma Mia! Here We Go Again de op ien nei meast opbringende film fan 2018, nei de superheldefilm Avengers: Infinity War.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mamma Mia! Here We Go Again waard nominearre foar trije People's Choice Awards, yn 'e kategoryen bêste komeedzjefilm, bêste akteur/aktrise yn in komeedzjefilm (Amanda Seyfried) en bêste aktrise (Lily James).

Ferfolchfilm[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn juny 2020 makke filmprodusinte Judy Craymer bekend dat der in trêde Mamma Mia!-film yn produksje nommen wie. Dêryn soene de nije ABBA-lieten opnommen wurde dy't skreaun wiene foar de reüny fan 'e band. Hja murk op dat de ûntwikkeling fan it projekt oansjenlike fertraging oprûn hie troch de koroanafiruspandemy.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.