Springe nei ynhâld

Silen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hurdsilen)
Hanse Sail, Rostock
De wynjammer Alexander von Humboldt

Silen is it mei help fan silen foarút komme. Sûnt de opkomst fan it motorisearre ferkear wurdt silen hast allinnich noch dien as rekreaasje en as sport, mar foar dy tiid hat it lang gewoan ferkear west. In gefolch hjirfan is ek dat der in soad spesjale silers-wurden binne.

Skiednis fan it hurdsilen yn Fryslân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De âldst beskreaune wedstryd yn Fryslân wie op 5 augustus 1754 doe't Aarnt Hanses, hospes yn De Jonge Prins yn Grou in wedstryd fersile liet: Fleugel met Baltje, mits de Jachten niet boven 22 voet lang zijn. It wiene yn dy tiid lykas by it keatsen faak kastleins dy't de wedstriden organisearren. Meast tusken fear- en beurtskippen lykas folle letter by it skûtsjesilen. De gewoane man kaam nea oan hurdsilen ta. Op 4 septimber 1777 waard bygelyks hurdsyld by Aldskou. De Snitser keapman Mintsje Wouters wûn dy wedstryd dêr't ek de steedhâlderlike famylje ûnder it publyk wie. De priis wie in sulveren skearhout dat no yn Frysk Museum te sjen is.

Yn de sylsport wurdt meast yn klassen syld, dêr't eltse boat of skip likernôch lyk by boud is. Yn de rin fan jierren hat der in grut tal standertklassen west. Der binne lykwols ek klassen foar bysûndere foarmen fan sylsport:

De wyn blaast tsjin de seilen en de boat driuwt mei de wyn mei. Troch in kyl of in swurd yn de lingterjochting fan it skip wurdt in part fan de krêft opfongen en kin yn in oare rjochting fearn wurde as foar de wyn.