Springe nei ynhâld

Dûane

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Dûanier)
In dûanepost op 'e grins fan Itaalje en Switserlân.

De dûane (fan it Frânske douane) is in oerheidstsjinst belêstge mei it ynjen fan ynfierrjochten en de bestriding fan smokkeljen. Dat wurdt dien troch it kontrolearjen fan persoanen en fracht dy't it oangeande lân binnenkomme. It wurkterrein fan 'e dûane beslacht sadwaande grinsoergongen, havens en lofthavens. Immen dy't wurket by de dûane is in dûanier (útspr.: "dûanjee").

Taken en foech fan 'e dûane ferskille per lân. Yn guon lannen en territoaria is de dûane inkeld in spesjalisearre ôfdieling fan 'e belestingtsjinst, dy't belesting inet en belestingfraude oanpakt. Yn oare lannen is de dûane lykwols in plysjetsjinst is dy't ek ferantwurdlik is foar de grinsbewekking.

Dûanetsjinsten yn ûnderskate lannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.