Chiquitita
Chiquitita | ||
algemiene ynformaasje | ||
B-kant | Lovelight | |
artyst | ABBA | |
album | Voulez-Vous | |
taal | Ingelsk, Spaansk | |
sjenre | Pop | |
útbrocht | 16 jannewaris 1979 | |
opnommen | Polar Studios, 13 desimber 1978 | |
doer | 5:26 | |
label | Polar Music | |
skriuwer | Benny Andersson, Björn Ulvaeus | |
produsint | Benny Andersson, Björn Ulvaeus | |
fideoclip | ||
ABBA - Chiquitita (Official Music Video) | ||
resultaten | ||
hitlisten | Kent Music Report - 4, Ö3 Austria Top 40 - 6, Ultratop 50 - 1, Suomen virallinen singlelista - 1, Top 40 - 1, Single Top 100 - 1, Recorded Music NZ - 1, VG-lista - 4, Sverigetopplistan - 2, Schweizer Hitparade - 1, UK Singles - 2, Billboard Hot 100 - 29, Adult Contemporary - 15, Cashbox Top 100 Singles - 36, Official German Charts - 3 | |
sertifisearre | Japan Platina, Nederlân Goud, Grut-Brittanje Goud |
Chiquitita is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch ABBA op 13 desimber 1978 yn de Polar Studios yn Stockholm en útbrocht op it album Voulez-Vous út 1979. Chiquitita wie it achtste nûmer op it album en waard op 16 jannewaris 1979 útbrocht as earste single fan it album.
Oer it nûmer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Chiquitita waard skreaun troch Benny Andersson en Björn Ulvaeus. wat yn it Spaansk "lyts famke" betsjut. Is de earste single ôfkomstich fan it album Voulez-Vous. Der binne gâns iere ferzjes fan Chiquitita, wêrby't it wurktitels Kålsupare, Three Wise Guys, Chiquitita Angelina en In The Arms of Rosalita hie. In revisearre ferzje, mei ynfloeden fan it Simon & Garfunkel nûmer El Cóndor Pasa wurdt úteinlik opnaam yn desimber 1978 en útbrocht yn jannewaris 1979. Nei it sukses fan de Ingelske ferzje nimt ABBA Chiquitita ek yn it Spaansk op, nettsjinsteande it feit dat de band dizze taal hielendal net praat. Dêrom sjonge se it nûmer fonetysk yn.
Muzikanten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Agnetha Fältskog – Sang
- Anni-Frid Lyngstad – Sang
- Björn Ulvaeus – Sang & Gitaar
- Benny Andersson – Sang & Toetsen