El Cóndor Pasa
El Cóndor Pasa | ||
algemiene ynformaasje | ||
útbrocht | 1913 | |
komponist | Daniel Alomía Robles |
El Cóndor Pasa is basearre op in Perûviaansk folksferske út de 18e iuw dat oer in oare fûgel giet. Soy la paloma que el nido perdió (Ik bin in do dy 't syn nêst ferlear) foarme de basis. De opera hie as tema de striid tusken de pleatslike befolking besteande út Yndianen en harren oerhearskers yn Cerro de Pasco. De beide fûgels steane foar de ûnberikbere frijheid. Sjoen it folkskarakter is de orizjinele tekst skreaun yn Quechua, de taal fan de Inka's. Der is pas sûnt 1933 copyright op de melody, want Robles fersomme it earder fêst te lizzen.
Ferzje fan Simon & Garfunkel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]El Cóndor Pasa (If I Could) | ||
algemiene ynformaasje | ||
B-kant | Why Don't You Write Me | |
artyst | Simon & Garfunkel | |
album | Bridge over Troubled Water | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | Folk | |
útbrocht | septimber 1970 | |
opnommen | Columbia Studio's B and E, 1969 | |
doer | 3:06 | |
label | Columbia | |
skriuwer | Daniel Alomía Robles, Jorge Milchberg, Paul Simon | |
produsint | Roy Halee, Art Garfunkel, Paul Simon |
El Cóndor Pasa (If I Could) is in nûmer dat opnaam is troch Simon & Garfunkel yn 1969 yn de Columbia Studio's B and E yn Los Angeles en útbrocht op it album Bridge over Troubled Water fan Simon & Garfunkel út 1970. Bridge over Troubled Water wie it twadde nûmer op it album en waard op 20 jannewaris 1970 útbrocht as fjirde en lêste single fan it album en wie ek de lêste single fan Simon & Garfunkel as Folkduo.
Oer it nûmer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]El Cóndor Pasa (If I Could) krige yn 1963 in enoarme set yn 'e rêch, doe 't de Argentynske groep Los Incas it opnaam foar in Philips-elpee titele Amérique du Sud, alhiel wijd oan de muzyk út Súd-Amearika. Paul Simon hearde it nûmer doe't er yn 1965 yn Parys in optreden fan Los Incas besocht. Dat ynspirearre him dêrnei om it nûmer ek op te nimmen en út te fieren. Dat lêste gie net sûnder slach of stjit. It ynstrumintale part is de basis fan de ferzje fan Los Incas, dêr't gjin tastimming foar frege waard. It ferskynde yn 1970 earst op it album Bridge oer Troubled Water en letter ek op single. Paul Simon skreau in nije tekst (If I Could) op de melody, lykwols sûnder de komponist op de platen en of hoezen te neamen. Wol wurdt foar de útfiering fan it duo faak de ferlinge titel El Condor Pasa (If I Could) neamd. De soan fan de komponist spande dêrom in rjochtsaak oan tsjin Simon & Garfunkel, dy hiene doe gjin benul dat de rjochten fan de melody fêst leine. Earder al, yn 1966, wie de melody brûkt yn Sur les chemins des Andes fan Marie Laforêt, foarsjoen fan in Frânske tekst.
Muzikanten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Paul Simon - Sang & Gitaar
- Art Garfunkel - Sang
Gastmuzikanten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fred Carter Jr. - Gitaar
- Pete Drake - Dobro & Pedal steel gitaar
- Joe Osborn - Bas
- Jimmie Haskell en Ernie Freeman - Strings
- Jon Faddis, Randy Brecker, Lew Soloff en Alan Rubin - HaFaBra-ynstrumenten
- Los Incas - Panfluit
- Larry Knechtel - Toetsen
- Hal Blaine - Drums