Havank

Ut Wikipedy
Havank
skriuwer
Havank (1942)
Havank (1942)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Hendrikus Frederikus van der Kallen
nasjonaliteit flagge fan Nederlân
berne 19 febrewaris 1904
berteplak Ljouwert
stoarn 22 juny 1964
stjerplak Ljouwert
wurk
taal Nederlânsk
sjenre Misdieroman
bekendste
  wurk(en)
De Havank-rige
offisjele webside
Havank.nl
Havank troch Ben van der Geest

Havank (wiere namme: Hendrikus Frederikus "Hans" van der Kallen; Ljouwert, 19 febrewaris 1904 - dêre, 22 juny 1964) wie in Frysk skriuwer fan likernôch tritich misdieromans yn it Nederlânsk, meast mei De Schaduw as haadpersoan.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van der Kallen yn Londen (Vrij Nederland, 1944

Hendrikus Frederikus van der Kallen, ropnamme Rieks, wie de âldste soan fan Martinus van der Kallen en Jacoba Huberdina Maria Louwhoff, dy't op de Wirdummerdyk in huoddesaak hienen. De famylje wie katolyk, sa't Rieks yn Eindhoven by de paters Augustijnen nei it gymnasium gong, en preester wurde soe. Mar hy seach der fan ôf en kaam yn 1922 werom nei Ljouwert.

Nei ferskate baantsjes kaam Van der Kallen, dy't no de ropnamme Hans brûkte, yn Amsterdam telâne. Op advys fan Willem Merckens, keunstredakteur fan De Telegraaf, begûn er yn 1934 mei it skriuwen fan misdieromans. Nei't er twa skreaun hie koe er der earst gjin útjouwer foar fine. Mar doe't Jacob van Schevichaven ferstoar, hie Bruna ferlet fan in misdieromanskriuwer, en sa waard yn 1935 Het mysterie van St. Eustache útjûn. Anton van Duinkerken betocht foar him it pseudonym "Havank", "H van K", lykas Van Schevichaven "Ivans", "J van S", hie.

Dat earste boek spile yn Frankryk mar de beskriuwings hie Van der Kallen út reisgidsen. Sa gau't syn earste boek oannaam waard troch Bruna, gong Van der Kallen nei Frankryk om syn neikommende boeken better situearje te kinnen. Yn 1937 en 1938 wenne er yn Rome, mar doe't yn 1940 Dútslân Frankryk oerweldige, wie Van der Kallen yn Parys. It duorre oant 1942 eart er fuort komme koe nei Spanje. Fan dêr gong er nei Grut-Brittanje dêr't er oarlochskorrespondint waard. Ek kaam er yn Londen yn 'e kunde mei Cynthia Isabel Vickers.

Op 23 septimber 1946 trouden Hans en Cynthia. Se bleaunen earst noch yn Londen, mar fan 1947 oant 1950 wennen se yn Heemstede. Dernei wennen se ûnder oaren yn Cagnes-sur-Mer en op Palma de Mallorca. Mar der wie faak spul tusken de twa, en Cynthia gong in pear kear by Van der Kallen wei. Einglings gong se yn 1955 werom nei Londen, mar se binne nea útinoar gongen. Nei 1957 kaam Havank nei súd Ingelân, sa't er wykeins by syn frou wêze koe, en troch de wike skriuwe koe. Yn 1963 waard er slim siik, en waard er opnaam yn it sikehûs yn Ljouwert. Doe't er út it sikehûs kaam, naam er syn yntrek yn Hotel Amicitia, dat njonken syn bertehûs stie. Op 22 juny 1964 waard er dêr dea fûn foar syn skriuwmasine. Hy wie nei in hertoanfal ferstoarn.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van der Kalle begûn mei ferhalen nei it foarbyld fan Edgar Wallace, oer de Franske haadynspekteur Bruno Silvère. Silvère wie de idealisearre ferzje fan Van der Kallen, en wie yn alles in hear. Syn ûnderhearrige, ynspekteur Charles C.M. Carlier, taneamd "De Schaduw" ("It Skaad"), wie earst in byfiguer.

Mar mei't Van der Kallen dryster waard mei it skriuwen, feroare syn styl mear nei dy fan Leslie Charteris; fan Charteris sette er ek in grut tal fan boeken oer. Mei dat syn taalgebrûk orizjineler, frijer waard, paste dat net mear by Silvère, en ek wie dy haadynspekteur wylst it plysje-apperaat fan minder belang waard. Dat, stadichoan skode Silvère nei de achtergrûn, wylst De Schaduw mear frijheid krige en mear op de foargrûn kaam.

Njonken dizze feroaring binne ek feroaringen yn it libben fan Van der Kallen sels werom te finen yn syn boeken. Sa krige Carlier begelyks in Ingelske freondinne nei it houlik fan Van der Kallen, mar doe't dat fêstrûn, bekuolle ek de relaasje fan De Schaduw.

Op besite by syn freon Gerard van Wageningen op Dekemastate rekke er obsedearre troch in portret fan Anna Maria van Burmania. Yn syn lêste twa boeken is de ynfloed dêrfan dúdlik sichtber.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Het mysterie van St. Eustache (1935)
  • Het raadsel van de drie gestalten (1936)
  • Het spookslot aan de Loire (1936)
  • Het probleem van de twee hulzen (1937)
  • De man uit de verte (1937)
  • De NV Mateor (1938)
  • Er klopt iets niet (1938)
  • Vier vreemde vrienden (1939)
  • De cycloop (1939)
  • Hoofden op hol (1939)
  • Polka mazurka (1939)
  • De Schaduw grijpt in (1940)
  • Drie dartele doodgravers (1943)
  • De Schaduw is terug (1946)
  • Lijk halfstok (1948)
  • In memoriam de Schaduw (1948)
  • De versierde bedstee (1949)
  • Schaduw waarom? (1949)
  • De weduwe in de wilgen (1950)
  • Deurwaarders delirium (1950)
  • Het geheim van de zevende sleutel (1951)
  • De verkavelde bruidegom (1952)
  • De zwarte pontifex (1953)
  • Havank omnibus (1953)
  • Circus Mikkenie (1953)
  • Spaanse pepers (1954)
  • Dodemans dollars (1955)
  • De Schaduw & Co (1957)
  • Vier schaduwen en een spook (1958)
  • Caviaar en cocaïne (1959)
  • Menuet te Middernacht (1964)

Terpstra[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By syn ferstjerren wie Van Kallen noch dwaande mei fjouwer manuskripten. Oan Menuet te Middernacht hie er al in pear jier wurke, en it wie al foar in grut part skreaun. Om't er kranteman Pieter Terpstra in pear moannen earder it ferhaal ferteld hie, waard Terpstra frege it ta in ein te bringen.

Doe't dat in sukses waard, skreau Terpstra ferhalen op basis fan de trije oare manuskripten, dy't net mear as oansetten wienen. En nei dy trije skreau er oant 1985 syn eigen ferhalen oer De Schaduw.

Neitins[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 9 novimber 1994 is de Havankstichting Mateor stifte, om it grêf Van der Kallen de rêden en te restaurearjen. Ek hâldt de stifting ûnder oaren elts jier in betinking foar Havank.

It Nederlânsk Genoatskip fan Nederlânsktalige Misdieauteurs hat de Schaduwpriis ynsteld. Dit is in priis foar de bêste spannende debútroman yn it Nederlânsk.

Op ferskate plakken yn Ljouwert binne strjitten ensfh. neamd nei Van der Kallen en syn figueren.

Op Dekemastate is in fitrinekast ynrjochte oer Havank.

It bertehûs fan Rieks van der Kallen is ôfbrutsen, en Hotel Amicitia dêr't Hans van der Kallen ferstoarn is ek. Mar tusken de gebouwen dy't der no stean is op 22 juny 1996 in reliëf yn brûns fan it gesicht fan Van der Kallen oanbrocht.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]