Dekemastate (Jelsum)

Ut Wikipedy
Dekemastate yn 2015

De Dekemastate is in state en ryksmonumint yn Jelsum. De namme komt út de 16e iuw, doe't in famylje mei de namme Dekema de state bewenne. It gebou is lykwols folle âlder en hat ek de nammen Fetsastate en Camstrastate hân. De skreaune skiednis begjint mei de fernijing yn in oarkonde út 1486. Undersyk hat bliken dien dat der yn de 13e iuw al in stins stie op it plak fan it hjoeddeiske gebou.

Dekemastate hat as mei-eigener Piter Dekema. In oare ferneamde bewenner hat J.H.J.van Wageningen thoe Dekema west.

Bewenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dekemastate, foar 1940

De Cam(p)stra's[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste bewenners dêr't de namme fan bekend is, binne Piter fan Cam(p)stra en Syts Lousma, mei harren soan Rienk Camstra. Fan dy famylje wurdt wol tocht dat sy oarspronklik út Weidum kamen. Letter wennen se ek yn Wurdum en Jelsum. De Camstra's wienen foaroansteande Skieringers. Boppedat hienen se besit yn de klokslach fan Ljouwert. Mar yn de stêd hienen se neat te sizzen. Boppedat stie Ljouwert oan de kant fan de Fetkeapers. As kriichshearen hawwe de Campstra's der alles oan dien om de macht yn Ljouwert oer te nimmen. Bekend is dat in Camstra yn 1498 op Goed Freed in oanfal op Ljouwert dien hat. Dêr hat er tige húsholden.

De Dekema's[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't de Dekama's harren namme oan de state jûn hawwe, hat dy net sa hiel lang harren besit west. Om't de Dekema's útstoarn binne, hawwe der mear famyljes eigener fan de state west. Uteinlik kaam it yn besit fan de van Wageningen, mei't de frou fan Gerardus van Wageningen Dekemastate by lotting erfde. It pear is der yn 1791 wenjen gien.

Van Wageningen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lêste famylje dy't Dekemastate bewenne, hat de famylje Van Wageningen west, hja wennen fan 1791 oant 1996 op de state. It besit fan Dekamastate is dêrnei oerdroegen oan it Old burger Weeshuis te Ljouwert.

Museum & restauraasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stifting Old Burger Weeshuis is noch hieltyd dwaande mei de restauraasje. Troch har is Dekemastate no iepensteld as museum. Earder al, yn 1814, is de boppeferdjipping fan de stins ôfhelle.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Wim Hoogendam - Stinzenplanten op Dekema State (Ljouwert, 2006)
  • Yme Kuiper en Sjoerd Cuperus - Dekemastate Jelsum: Biografie van een landgoed. (Utjouwerij Noordboek, 2020)

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: