Frysk Fersetsmuseum

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Fersetsmuseum)
Jump to navigation Jump to search
Fersetsmuseum

It Frysk Fersetsmuseum is in museum dat diel útmakket fan it Frysk Museum op it Saailân yn Ljouwert dat wijd is oan de Twadde Wrâldoarloch. It waard yn 1979 oprjochte as in selsstannich museum, mar gie yn 1995 op yn it gruttere Frysk Museum. Yn 2003 ferhuze it Frysk Fersetsmuseum mei fan 'e Kânselarij nei de nije lokaasje fan it Frysk Museum op it Saailân. De kolleksje is yndield yn:

Yn de kolleksje binne trije monuminten yntegreard:

  • Earegalerij mei de 290 fallenen yn it Frysk ferset
  • De muorre mei de nammen fan de 616 fermoarde joaden út Fryslân
  • In tinkstien foar de ±1000 omkommen Fryske twangarbeiders

De Twadde Wrâldoarloch wurdt boppedat presintearre yn 25 haadstikken. Middels tema's wurdt de fersetsline trochlutsen nei it meitsjen fan in kar yn it hjoeddeiske libben.

Yn de besikerskompjûter binne tûzenen foto's & feiten tagonklik. Der kin socht wurde op namme, datum of plak. De Bibleteek, Argyf en Dokumintaasjesintrum binne spesjaal bedoeld foar ûndersyk en publikaasje. It Fersetsmuseum is ek yn boekfoarm ferskynd ûnder de titel 'Een Tweede Wereldoorlog'.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: