Springe nei ynhâld

Ljouwerter Bosk

Ut Wikipedy
Ljouwerter Bosk
Leeuwarder Bos
De bosk yn 2019
De bosk yn 2019
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert (gemeente)
neiste plak Ljouwert (stêd)
oare ynformaasje
status rekreaasjebosk
oerflak 140 ha
stifting 1996
behear Gemeente Ljouwert
webside www.leeuwarderbos.nl

De Ljouwerter Bosk (Nederlânsk en offisjeel: Leeuwarder Bos) is in bosk yn 'e Nederlânske provinsje Fryslân, dy't yn 'e gemeente Ljouwert leit, fuort oan 'e noardrâne fan 'e stêd Ljouwert, grinzgjend oan 'e wyk Bilgaard. De bosk is bedoeld as rekreaasjegebiet. De VVV omskriuwt it as 'in moai stikje natoer, dêr't hûnen lekker har gong gean kinne."

De oanplant fan 'e Ljouwerter Bosk wie in inisjatyf fan 'e FACE Foundation, in stifting dy't oeral yn 'e wrâld bosken oanplantet by wize fan kompinsaasje foar de útstjit fan koalstofdiokside. (FACE is in ôfkoarting fan Forest Absorbing Carbondioxide Emissions, "Wâld Absorbearret Koalstofdiokside Utstjit".) De oanlis fan 'e Ljouwerter Bosk begûn yn 1992. Yn 1996 wie de bosk klear en koed er iepene wurde foar it publyk.

Yn 2016 -2017 is twa hektare fan de bosk feroare yn in 'fiedselbosk'. [1]

Underwilens is de Ljouwerter Bosk útwoeksen ta in gebiet mei in oerflak fan 140 ha, in multyfunksjoneel karakter en in soarterike floara en fauna. Behalven de oarspronklike funksjes fan koalstofdiokside-opname en rekreaasje, is it tsjintwurdich ek wichtich foar de natoer, en hat it bykommende funksjes krigen op it mêd fan lânskipsbehear en houtproduksje. De bosk wurdt trochsnien troch sân- en skulpepaden, en omfiemet ek stikken greidlân. It gebiet is tagonklik fanôf in (fergees) parkearterrein oan 'e Fjouwerthústerwei.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Groen Leeft in Leeuwarden Argivearre op 25 juny 2022. Rieplachte op 5 maaie 2022.