Springe nei ynhâld

Sint-Bonifatiustsjerke (Ljouwert)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sint-Bonifatiustsjerke)
Sint-Bonifatiustsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Ljouwert
adres Bonifatiusplein 20
koördinaten 53° 12' N 5° 48' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Bisdom Grins-Ljouwert
patroanhillige Bonifatius
status ko-katedraal
Arsjitektuer
arsjitekt Pierre Cuypers
boujier 19e iuw
boustyl neogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 24436 [1]
Webside
Side Sint-Fitusparochy
Kaart
Sint-Bonifatiustsjerke (Ljouwert-Binnenstêd)
Sint-Bonifatiustsjerke

De Sint-Bonifatiustsjerke yn Ljouwert is ien fan de hichtepunten út de karriêre fan arsjitekt P.J.H. Cuypers. De Bonifatiustsjerke funksjonearret as in ko-katedraal foar it bisdom Grins-Ljouwert.

De tsjerke falt ûnder de Sint-Fitusparochy en is ien fan 'e fjouwer roomske tsjerken, dy't de parochy brûkt.

Op 10 novimber 2023 makke it parochybestjoer bekend dat de tsjerke mei twa oare tsjerken yn 'e parochy sluten wurde sil. De Sint-Martinustsjerke fan Wergea en de Marije-Himelfearttsjerke fan Wytgaard sille nei alle gedachten ferkocht wurde. De Bonifatiustsjerke wurdt hierd fan 'e Stifting Bonifatiustoer en kin dus net troch de parochy ferkocht wurde.

Mei yngong fan 2025 sil neffens de plannen fan it parochybestjoer dan allinne de Ljouwerter Dominikustsjerke oerbliuwe. Yn Jirnsum is noch in lytse kapel oanwêzich.[2]

Byld fan Bonifatius (ûnderdiel fan it Bonifatiusalter fan de tsjerke), patroanhillige fan de tsjerke

De tsjerke waard tusken 1882 en 1884 boud foar de Ljouwerter Sint-Bonifatiusparochy (tsjintwurdich Sint-Fitusparochy). It is in grutte krúsbasilyk yn neogoatyske styl. De toer wurdt bekroand troch in hege houten spits nei foarbyld fan dy fan de Sint-Pankrastsjerke yn Inkhuzen. Op 3 jannewaris 1976 bruts de spits by in stoarm ôf. Yn 1979-1980 waard er op 'e nij boud neffens de orizjinele plannen. It koer hat in bysûnder lege apsis mei tintedak, omsletten troch in smelle omgong. Dy konstruksje is heechst wierskynlik ôfsjoen fan de Nidaros-domtsjerke yn Trondheim, wêrfan de restauraasje krekt yn dy tiid dien makke waard.

Doe't de tsjerke op 'e nij boud waard bestie der in kâns dat Ljouwert biskopssit wurde soe; mei it each dêrop waard der in biskoplik paleis by de tsjerke boud. Doe't de biskopssit nei Grins gie waard dat paleis ynrjochte as sikehûs.

Mei de oername fan it Ljouwerter blokhûs troch oanhingers fan kalvinisten yn 1580 kaam der in ein oan de sûnt 1578 ynfierde godstsjinstfrijheid. De fiering fan de roomske misse waard strang ferbean en alle tsjerken en kleasters gyngen oer op 'e oanhingers fan 'e nije leare. Preesters, muontsen en nonnen waarden dat jier út de pastorijën en kleasters set en ferballe. Alle trije parochytsjerken fan Ljouwert (de Sint-Fitus fan Oldehove, de Marijetsjerke fan Nijehove, Sint-Katarina fan Hoek) waarden ôfbrutsen (Sint-Fintus), yn in klokkejitterij (Marijetsjerke) of pesthûs (Sint-Katarina) feroare. In pear preesters achten oan it begjin fan de 17e iuw de stêd feilich genôch om yn it djipste geheim missen yn hûzen fan partikulieren te fieren, dy't trou bleaun wiene oan Rome. Yn 'e rin fan de 17e iuw rekken de alderskerpste kanten fan de reformaasje der wat ôf en wiene der seis plakken, dêr't katoliken de misse bywennen. Dy plakken waarden staasjes neamd. Doe't yn 1680 lykwols efter in hûs oan de Vleeschmarkt, tsjintwurdich de stille kant fan de Nijstêd, in oan Bonifatius wijde paapsche vergaderlaats ûntdutsen waard en de katoliken net om lyk woene om de staasje op te heffen, lieten de autoriteiten de ynrjochting út de staasje yn beslach nimme. Ek al bleau der wjerstân fan de oerheid, it hindere de Ljouwerter katoliken net om dy staasje dochs te brûken as harren tsjerke. De 18e iuw brocht foar de katoliken wer wat mear ferdraachsumens. De Bonifatiusstaasje wie no op in boppeferdjipping fan in wenhûs oan de Vleeschmarkt ûnderbrocht.

De earste Bonifatiustsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Kening Kristus (Wim Harzing)

Mei de Frânske tiid kaam der in ein oan de diskriminaasje fan de katoliken en yn 1805 waard de âlde oan Bonifatius wijde skûltsjerke ôfbrutsen en ferfongen troch in echt tsjerkegebou mei in koepeltuorke. Om't kening Willem I de biskoppen yn Nederlân sels oanstelle woe en de paus dêr net yn meigean koe, duorre it lykwols noch oant it jier 1848, doe't katoliken folsleine frijheid krigen en paus Pius IX de biskoplike hiërargy wer yn Nederlân ynfierde.

Ljouwert kaam ûnder bisdom Utert te fallen en de dekanaten fan de bisdommen waarden ûnderferdield yn parochy's. Ljouwert krige twa parochy's: de Sint-Dominikusparochy en de Sint-Bonifatiusparochy. De Dominikusparochy liet in yn 1869 ynwijde tsjerke bouwe oan de Spylmanstrjitte, dy't yn 1937 ferfongen waard troch de nije Dominikustsjerke oan de Harzerstrjitte. De tsjerke fan de Bonifatiusparochy waard te lyts en stie boppedat op it parochygebiet fan de Dominikustsjerke. Plannen fan it parochybestjoer om op it eigen parochygebiet in tsjerke te bouwen krigen yn 1881 stâl mei it oankeapjen fan grûn efter de Foarstreek.

Al in jier letter waard de nij te bouwen tsjerke útbestege foar in bedrag fan ƒ 261.550. De neffens plannen fan Pierre Cuypers boude tsjerke waard op 19 novimber 1884 yn oanwêzigens fan de boargemaster en de aartsbiskop fan Utert plechtich ynwijd. De nije Bonifatiustsjerke waard in foars, fiifensantich lang krúsfoarmich gebou, mei in dwersskip fan 32 meter en in eastlike legere apsis mei in fjouwersidige ôfsluting. Njonken de tsjerke waard der ek in westlike en in eastlike pastory boud. Cuypers folge de iuwenâlde tradysje fan in eastlike oriïntaasje. Oan de westlike kant, noardlik fan de toer, kaam de doopkapel. De arsjitekt woe foar de tsjerke in hege toer, sadat de oprop fan de klokken foar de misse fier te hearren wie.

Yn 1938 waard yn it ramt fan it sulveren preesterfeest fan pastoar Holtmann bûten de tsjerke foar it haadportaal in byld fan Kristus Kening oprjochte.

De westlike pastory, tsjintwurdich Titus-Brandsmahûs (parochyhûs)

De tsjerke waard yn de jierren 1965-1967 mei help fan it bisdom Grins restaurearre, mar de toer en de oangrinzgjende pastory foarme in lestige saak. Yn in tiid dat de binnenstêd slim te lijen hie fan ûntfolking en der katolike tsjerken yn de nijbouwiken boud waarden, hie in jimmeroan lytser wurdende parochy brek oan jild foar restauraasje. Om't de Rykstsjinst foar de Monumintensoarch it bouwurk net bysûnder genôch fûn om it op de monumintenlist te setten wie der gjin jild fan de oerheid te ferwachtsjen. Yn dy tiid waard de neogotyk benammen ûnder arsjitekten ûnderwurdearre as boustyl. En sa waard it gebouwekompleks fiansjeel in bongel oan de foet foar de parochy. Om't it oangrinzgjende Sint-Joazefpension wol útwreidzje woe, makke it tsjerkebestjoer mei it bestjoer fan Sint-Joazef tsjin it ein fan 'e jierren 1960 in plan foar in hiele nije ynrjochting fan it gebiet. It plan betsjutte de ôfbraak fan it Sint-Bonifatiuskompleks en de fernijing en útwreiding fan it pension mei de bou fan in winkelsintrum, apparteminten en in lytse tsjerke.

Oersjoch ynterieur

Alhoewol't net alle parochianen harren fine koene yn de ôfbraak, seagen de measte parochianen de útfiering fan it plan as ûnûntwynber. De sloopplannen koene lykwols net op in soad stipe fan de Ljouwerter befolking rekkenje en de gemeente woe gjin supermerk op it plak fanwegen it tekoart oan parkearplakken. Undertusken ûnstie der ek in Aksjekomitee ta behâld fan de Bonifatiustoer, dat der nei stribbe it hiele tsjerkekompleks te behâlden. Op dat stuit like it der op dat it doek foar de tsjerke feitlik al fallen wie: oan it plan om in nije tsjerke te bouwen waard gewoan fierder wurke en de gemeente dielde yn septimber 1971 mei dat it sloopbeslút fan tsjerke en toer respektearre wurde soe. It reinde ynstjoerde stikken oer de kwestje. De measte brieven wiene negatyf oer de plannen en der waard in briefkaartenaksje op tou set om de polityk der ta oan te setten harren mear yn te spannen foar de Bonifatiustsjerke. It hie effekt en it kolleezje fan B&W krige de opdracht fan de gemeenteried om tsjerke en toer hoe dat ek foar de ûndergong te behoedzjen.

De gemeente gyng mei it tsjerkebestjoer en it bestjoer fan Sint-Joazef om de tafel, mar de gemeente koe in útstel fan it tsjerkebestjoer om de gebouwen foar in symboalysk bedrach oer te nimmen net goedkarre. It tsjerkebestjoer waard fan 'e kant fan de gemeente trochferwiisd nei de yntusken oprjochte Stifting Bonifatiustoer om dy itselde útstel te dwaan. Der folge oerlis tusken it tsjerkebestjoer en de Stifting Bonifatiustoer. It wie yntusken 1972 en de útkomst fan dat oerlis wie om nochris oan de gemeente út te stellen om it gebou oer te nimmen, mar op 'e nij wiisde de gemeente dat ôf. Wer moasten it tsjerkebestjoer en de Stifting Bonifatiustoer om 'e tafel, oant yn jannewaris 1973 lang om let bekend makke waard dat der in akkoard wie en de takomst fan de tsjerke ynearsten fersekere wie. De ôfspraak wie dat de stifting it kompleks foar ƒ 1 oernimme soe en dat it tsjerkebestjoer de tsjerke en de pastory werom hiere soe foar in symboalysk bedrach. Op 18 april 1974 fûn de offisjele oerdracht plak.

De fal fan de spits

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Bonifatiustsjerke fanút it suden

Sûnt de jûn fan 2 jannewaris 1976 raasde in swiere orkaan oer Fryslân. Oerenlang hie de tritich meter hege spits swier te lijen fan 'e wynfleagen en de oare moarns stiene al tal fan Ljouwerters te sjen nei de gefaarlik skodzjende spits fan de Bonifatiustoer. Dy middeis nei trijën briek lang om let de spits en mei de fal fernielde it in diel fan it sudlike sydskip, in diel fan de westlike pastorij (it parochyhûs) en it Sint-Joazefpension, dat op 'e tiid ûntromme wie.

De toer wie net tsjin stoarmskea fersekere, mar it waard al hiel gau dúdlik dat de stifting de spits werom ha woe op 'e toer. Der waard in begjin makke mei it ynsammeljen fan jild en in aksje yn febrewaris levere fuort al ƒ 80.000 op. Yntusken krige de Bonifatiustsjerke ek de status fan ryksmonumint.

De 96 meter hege toer

Yn 1976 waard foar de reparaasje fan de toer in steiger om de toer boud. Troch it ferkeapjen fan de reklamerjochten oan de bouwer fan de steiger koe de stifting de bou fan de steiger werom fertsjinje. De reklametoer bleau oant 1979 stean, doe't op it plein njonken de tsjerke in bouwerf ynrjochte waard foar de rekonstruksje fan de spits. Ferskillende organisaasjes joegen jild foar dat doel en yn febrewaris 1980 waard nochris hûs oan hûs ƒ 50.000 by inoar sammele. Op 25 maart 1980 brocht in 96 meter hege kraan de rekonstruearre spits yn twa dielen op 'e toer en as lêste waard it seis meter hege krús op de spits set. Oant de hjerst fan dat jier waard der noch wurke oan de toer en noch in jier langer waard der ek noch wurke oan 'e reparaasje fan it tsjerkegebou. Ek de fieringstoer waard renovearre.

Yn de rin fan de tiid waard de tsjerke fierder restaurearre en foar oare funksjes geskikt makke en modernisearre. De ferhûzing fan Sint-Joazef brocht leechstân en fertutearzing fan it gebiet om de tsjerke. De leechsteande gebouwen wiene ideale plakken foar brânstifting en fernielings. Yn 'e jierren 1980 waarden de glês-yn-leadramen fan de sakristy ynsmiten. In hek moast tenei it gebou better beskermje tsjin fernielings. Yn 1983 gyng ek it leechsteande, monumintale Amelânhûs oan de Foarstreek troch brân ferlern. Fiif jier letter wie it wer raak en wie der in grutte brân in de eastlike pastorij. Mei de werynrjochting fan de omjouwing ferbettere de sitewaasje, ek al bedrigen heechbouplannen efter de tsjerke de monumintaliteit fan de tsjerke.

Njonken de trije klokken út 1948 waard op 3 oktober 2007 in fjirde klok tafoege, dy't ôfkomstich is út de sletten Jehannes de Dopertsjerke oan de Huzumerleane. Yn itselde jier krige it Bonifatiusbyld fan it Bonifatiushospitaal in plak yn de hal fan de tsjerke. Earder wiene al de yn de jierren 1960 ferwidere bylden fan hilligen yn 'e tsjerke werom set. Njonken restauraasjes oan it gebou sels fûnen der yn de 21e iuw ferskate restauraasjes oan de ynrjochting plak. De muorre efter it sakramintsalter krige de neogoatyske beskildering werom. De bylden waarden fan de sokkels helle en restaurearre en yn 2019 waard ek de krúswei restaurearre. Yn oktober 2022 waard de restauraasje fan it Adema-oargel ôfsletten mei in plechtige ynwijging fan 'e biskop. [3]

Planum, koeroargel, kommunybank

De grutte trijeskippige tsjerke is foar in grut part fersierd mei keunstwurken út it atelier fan Cuypers, mar der binne ek keunstwurken te sjen dy't âlder dan de tsjerke sels binne en út de tiid fan de staasjes stamme. Foar yn de tsjerke is nei it Twadde Fatikaanske Konsylje ûnder de krusing in grut planum mei in folksalter oanlein.

It stjerferwulft fan de apsis wurdt troch seis smelle pylders droegen, wertroch in lytse omgong ûnstiet. Cuypers soe him foar dit diel fan de tsjerke ynspirearre hawwe troch de domtsjerke fan Trondheim of de Apollinaristsjerke fan Remagen.

It heechalter yn 'e apsis stamt út it atelier fan Cuypers en hat in tafel fan wyt moarmer en in neogoatyke opbou. Eartiids waard de eucharisty troch de preester mei de rêch nei it westen ta foar it heechalter fierd. It noardlike sydalter stamt oarspronklik út it Sint-Joazefpension en waard by de ferhûzing nei de nijbou skonken oan de tsjerke. Yn it alter stiet in 15e-iuwsk houten byld fan Anna, Marije en Jezus, dat earder stien hie yn de Willibrordus-staasje. Yn it suder dwersskip is it sydalter wijd oan de patroanhillige fan de tsjerke. Boppe de alteropset mei de bylden fan Willibrord, Bernulfus, paus Gregoarius II en biskop Freark is it mânske byld fan Bonifatius te sjen. Njonken de sakristy stiet it Sakramintsalter.

Efter it folksalter stiet de mei reliëfs fan hilligen fersierde kommunybank. Op it kateder stiet in 18e-iuwske lessener, dy't oarspronklik yn de Bonifatiusstaasje brûkt waard. De fjouwer poatsjes fan de lessener binne yn de foarms fan de evangelisten fike.

18e-iuwske kânsel

De preekstoel hat gjin klankboerd en is fersierd mei reliëfs fan Jezus en de jezuïeten Fransiskus Ksavearius en Ignatius fan Loyola. De preekstoel hat nei alle gedachten noch yn de staasje oan de Vleeschmarkt stien.

15e-iuwsk byld yn it noarder sydalter

Nei it Twadde Fatikaansk Konsylje binne in soad bylden út de tsjerke ferwidere, mar oan it begjin fan de jierren 1980 kamen se werom yn de tsjerke. De bylden hawwe de lêste tiid in restauraasje ûndergien.

Oan wjerskanten fan it folksalter binne oan de bundelpylders de hillich-hert bylden fan Jezus en Marije oanbrocht. Oan 'e pylder yn it noarder dwersskip is in grut byld fan Barbara fan Nikomeedje en oan de oare kant yn it suder dwersskip in byld fan Sint-Joazef. Oan de ein fan de twa transepten steane bychtstuollen mei bylden fan Petrus en, mei syn finger op de mûle, Jehannes fan Nepomuk. Efteryn de tsjerke steane oan wjerskanten fan de útgong nei de hal de bylden fan Sint-Aloysius en Antonius fan Padua. By de doopkapel, mar noch yn de tsjerke, stiet foar in stjerfoarmich mozaïek mei ingels op in sokkel fan swart moarmer in grutte piëta. Yn de foartsjerke is noch in grut byld fan de hillige Kristoffel. Foar it byld fan Kristoffel oer hinget oan de oare kant in skilderij fan Willibrord. It skilderij fan de biskop mei stêf en in model fan de tsjerke yn syn oare hân hat eartiids ûnderdiel west fan in alter fan de Bonifatiusstaasje en is makke troch Hermannus Fridericus Carolus de Hosson.

It byld fan in segenjende Bonifatius by yngong fan de tsjerke is ôfkomstich út de tún fan it Bonifatiushospitaal en krige dêr yn 2007 syn plak.

Krúsweistaasje

Oan de muorren binne de staasjes fan de krúswei oanbrocht. De staasjes wurde ôfwiksele troch ôfbylden fan profeten. As lêste staasje waard oan it begjin fan de 21e iuw in byldegroep fan 'e opstanning fan Kristus tafoege. De yn 1920 troch Wijnand Geraedts yn Toorop-styl skildere staasjes waarden oantaaste troch oksidaasje en binne yn 2019 restaurearre.[4]

Brânskildere ramen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke hat fjouwer roasfinsters. Under de triomfbôge is Kristus it middelpunt. Oan de oare kant boppe de oargelgalerij is in roasfinster fan Kristus Kening. De twa transepten hawwe roasfinsters fan it Laam Gods (noard) en de Sint-Piter fan Rome (súd). Yn it noarder transept is in grut raam mei de likenis fan de wize en sleauwe jongfammen, wylst it grutte raam yn it suder transept de ropping fan Petrus ôfbyldet.

De ramen yn it tsjerkeskip binne oars fan styl en moderner.

Doopkapel

Yn 'e doopkapel stiet it grutte brûnzen doopfont út 1930. It doopfont is makke troch Jan Eloy en Leo Brom út Utert en it bekken is fersierd mei Ald-Testamintyske foarstellings, dy't mei wetter te meitsjen ha. It deksel is fersierd mei reliëfs fan de doop fan Jezus, de opwekking fan Lazarus, de opstanning fan Jezus en de doop fan 'e Friezen troch Bonifatius.

In Marijebyldsje efter it traaljewurk yn in westlik lizzende nis fan de doopkapel is in replika fan Us-Leaffrou yn't Sân, dat yn 1947 út tankberens skonken waard troch de biskop fan Roermond foar it ûnderdak jaan oan evakuee's yn 'e Twadde Wrâldkriich. Yn 1978 waard it byldsje út de tsjerke fan Ljouwert stellen, mar it waard letter troch bern yn it wetter yn Dokkum werom fûn.[5]. Op 11 maaie 2013 waard it glês ynslein en it sulveren kroantsje fan it byldsje stellen. It kroantsje is letter ferfongen troch in nij kroantsje.

Boppe de nis is in raam dat de doop fan Jezus troch Jehannes foarsteld.

Koeroargel

Yn de Bonifatiustsjerke binne twa oargels oanwêzich. It haadoargel op de sjongersgalerij waard yn 1899 boud troch de firma Adema út Ljouwert. Sybrandus Adema, ien fan de eigners fan it oargelbedriuw, spile oant syn dea yn 1941 op it oargel. De firma Verschueren út Heythuysen boude mei gebrûk fan it âlde materjaal in nij oargel yn de Twadde Wrâldkriich. Yn dy tiid waard ek de mechanyske traktuer ferfongen troch in elektro-pneumatyske traktuer.[6].

Doe't it oargel al lang net mear te bespyljen wie, waard nei skoft fan jild ynsammeljen op 8 jannewaris 2018 útein set mei in restauraasje. It ynstrumint waard mei njoggen registers útwreide en kin njonken de begelieding fan de earetsjinst ek brûkt wurde as konsertoargel. De elektro-pneumatyske traktuer waard werom brocht nei de oarspronklike mechanyske traktuer. Fierder waarden der Verschuerenpipen ferfongen troch Ademapipen. Op 11 septimber 2022 is it restaurearre oargel troch biskop Mgr. C.F.M. van den Hout ynwijd.[7]

It oargel besit gjin oargelkas en de opstelling fan de pipen hâldt rekken mei it roasfinster fan Kristus Kening. Sûnt 2014 is it oargel in gemeentlik monumint.

It iuwfeest fan de Bonifatiustsjerke yn 1984 wie foar de Stifting Bonifatiustoer oanlieding om in koeroargel út 1886 oan te skaffen fan de ferneamde Frânske oargelbouwer Cavaillé-Coll. Oarspronklik wie it oargel boud foar it Willibrorduskolleezje yn Katwyk oan de Ryn en it is ien fan de seldsumer oargels yn ús lân fan dy oargelbouwer. It oargel koe mei stipe fan ferskate ynstellings restaurearre wurde troch de firma Verschueren.

Hjoeddeisk gebrûk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Bonifatiustsjerke is ien fan 'e twa tsjerken dy't de roomske mienskip fan Ljouwert brûkt (2023). De tsjerke is regelmjittich iepen foar besichtiging en ek wurde der konserten organisearre. Oant 2000 wie ek de toer frij tagonklik foar besikers, mar nei it fernielen fan de glês-yn-leadramen yn de traptoer kin de toer allinne noch ûnder tafersjoch besocht wurde.

Yn 'e nacht fan 11 septimber 2022 fûn de plysje op it dak fan de tsjerke it lichem fan in deade man. It lichem lei op sa'n 20 meter hichte. Fanwegen in renovaasje stie it koer yn 'e stegers.[8]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • De Sint-Bonifatiuskerk te Leeuwarden, útjefte "Stichting Moderne Architectuur Friesland en Stichting Bonifatiustoren", Ljouwert 1984
  • Van Vitus tot Titus, 500 jaar katholike leven in Leeuwarden, Tjebbe T. de Jong, Hans P, Jorna, Frank G.H. Löwik, Frans E. Prins ISBN 978-90-814830-1-8