Springe nei ynhâld

Nidarosdom

Ut Wikipedy
Nidaros domtsjerke

Nidaros domkirke

Lokaasje
lân flagge fan Noarwegen Noarwegen
plak 7013 Trondheim
adres Kongsgårdsgata 2
koördinaten 51° 43' N 8° 45' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Tsjerke fan Noarwegen
Arsjitektuer
boujier 1070-1300
grutskalige rekonstruksje fan 1869 oant 2001
boustyl romaanske arsjitektuer en gotyk
Webside
Side domtsjerke Nidaros
Kaart
Nidarosdom (Noarwegen)
Nidarosdom

De Nidaros domtsjerke (Noarsk: Nidarosdomen / Nidaros Domkirke) is in katedraal fan 'e Tsjerke fan Noarwegen yn de Noarske stêd Trondheim (midsiuwske namme Nidaros). De katedraal waard boud oer it begraafplak fan kening Olaf II (± 995-1030), dy't beskermhillige fan it lân waard. It wie de tradisjonele lokaasje dêr't de nije kenings fan Noarwegen wijd waarden. De bou fûn plak yn in tiidrek fan 230 jier fan 1070 oant 1300. Neitiid waarden der noch tafoegings, feroarings en renovaasjes oan it gebou útfierd.

De tsjerke moast de biskopstsjerke wurde fan Nidaros, sa't it midsiuwske Trondheim hiet. Mei de reformaasje waard de tsjerke fan 'e katoliken ôfnommen en oerdroegen oan 'e yn 1537 stifte Tsjerke fan Noarwegen, dy't de lear fan Marten Luther, Philipp Melanchthon en oare herfoarmers oannommen hie. De domtsjerke is de meast noardlike midsiuwske katedraal fan 'e wrâld.

De katedraal fanút it noarden yn 1661.

Mei de bou fan 'e romaanske en goatyske domtsjerke waard yn 1070 útein set om it begraafplak fan Olaf II te betinken, de kening dy't yn 1030 by de Slach fan Siklestad ferstoar. Hy waard in jier letter troch Grimketel, de biskop fan Nidaros, hillich ferklearre, itjinge de paus letter nochris befêstige. De tsjerke soe as de katedraal fan it katolike aartsbisdom Nidaros (stifte yn 1152) tsjinje en bleau dat oant de ynfiering fan 'e reformaasje yn 1537.

Eartiids wie de katedraal in wichtich doel foar pylgertochten fan minsken út hiel Noard-Europa. Sûnt de reformaasje is it de katedraal fan de lutherske biskoppen fan Trondheim (of Nidaros) fan it bisdom Nidaros.

Ofbyld fan 'e domtsjerke út 1857 mei de barokke bekroaning fan it eastlike oktogoan.

Om 1300 hinne wie de katedraal foltôge, likernôch 150 jier nei de stifting fan it aartsbisdom. Brannen yn 1327 en yn 1531 brochten grutte skea oan it bouwurk en by de lêste brân rekke it westlike skip slim skeind. Noch yn 1520 hie de aartsbiskop reparaasjes oan 'e tsjerke útfiere litten, mar nei de skea fan 1531 bleau it skip as in ruïne stean. Dat wie te witen oan 'e politike krisis yn dy tiid oer de mjitte fan de Noarske selsstannigens yn 'e personele uny mei Denemark, in striid om 'e Deenske troan en de ynfiering fan 'e reformaasje. Mei de reformaasje waard de lêste katolike aartsbiskop Olaf Engelbrektsson ferballe.

Gevel foar de restauraasje (1839).

By de weropbou sûnt 1537 waard it ynterieur lytser makke. Oan 'e westlike kant waard tusken it dwersskip en de krusing in muorre boud. Westlik dêrfan waard de tsjerke net resteaurearre. Allinne de stompe tuorren en de bûtenmuorren krigen needdakken. Yn it eastlike diel krige it lange koer in flak plafond. De krusingstoer waard mei in hege spits oant 110 m bekroand.

Dy spits stoarte 150 jier letter by in stoarm yn en yn 1708 baarnde de hiele tsjerke oant op de muorren ôf. By de renovaasje dy't dêrop folge krige it oktogoan in barokke bekroaning. Pas yn 1741 waard it yn 1708 ferneatige oargel troch in nij barok oargel ferfongen.

In nije wurdearring fan 'e kulturele wearde fan 'e domtsjerke begûn mei de útjefte fan it boek Beskrivelse over den tilforn meget prægtige og vidtberømte Dom-Kirke i Trondhjem (1762) fan Gerhard Schønings. Yn 'e jierren 1820 makke de skilder Johan Christian Clausen Dahl ferskate skilderijen fan it gebou.

De noch besteande midsiuwske dielen fan 'e katedraal.
De katedraal tusken 1890 en 1900.
De westlike gevel foar de foltôging (1930).

Yn 1840 waard fêststeld dat it gebou it net lang mear hâlde soe en folslein drige yn te stoarten. Om in ein te meitsjen oan noch fierder ferfal, besocht it Tsjerkeministearje (Kirkedepartementet) nei oplossings te syken. De Dútske arsjitekt Heinrich Ernst Schirmer krige yn 1841 de opdracht om ûndersyk te dwaan nei de restauraasje en weropbou fan 'e domtsjerke. Tagelyk ûndersocht de histoarikus Peter Andreas Munch de bouskiednis fan 'e tsjerke. Fanwegen de hege kosten waarden de earste plannen fan Schirmer om 'e katedraal wer op te bouwen ôfwiisd, mar de ynteresse foar it projekt waard yn 'e folgjende desinnia jimmeroan grutter. Yn 1869 waard mei de stifting fan 'e Nidaros Domkirkes Restaureringsarbeider (NDR) in oanset makke nei de weropbou. Om't lykwols hast gjin histoarysk materjaal oanwêzich wie, soe de rekonstruksje foar in grut part op spekulaasjes rêste. Alhoewol't Schirmer's opfolger Christian Christie mear war die om de rekonstruksje yn oerienstimming mei it oarspronklike romaansk-goatyske bouwurk te bringen, bleau ek syn wurk net sûnder krityk om't ek Christie brek oan betroubere boarnen en archeologysk materjaal hie. Alle lettere weardefolle feroarings út de 16e, 17e en de 19e iuw liet er boppedat ôfbrekke, om't se neffens Christie net pasten by it ideaal fan in romaansk-goatysk bouwurk. Dêrby sneuvele ek de barokke ôfsluting fan it oktagoan. Ek krityk wie der û.o. op 'e nije toer fan Christie, dy't neffens de kritisi fierstente leech wie. Neffens syn ûntwerp waard yn 1901 ek it nije karakteristike dak op de haadtoer boud, ek sûnder histoaryske foarbylden. Christie soe ek de plannen foar de nije westlike gevel leverje, mar nei syn dea yn 1906 waarden dy net útfierd.

De hjoeddeiske katedraal.

Nei Christie wurken Henrik Bull (1864–1953), Olaf Brochmann Nordhagen (1883–1925) en Helge Thiis (1897–1972) oan 'e rekonstruksje fan 'e domtsjerke. De lêste levere ek it ûntwerp foar it westlike gevelfront. De twa tuorren waarden yn 1964 en 1968 foltôge. Oant hjoeddedei binne der noch jimmeroan 30 lju warber mei de bou fan it ynterieur en eksterieur oan 'e tsjerke..

It hiele bouwurk is 102 m lang. De tsjerke is (ynklusyf it transept) 50 m breed en it ferwulft is 21 m heech. It is ferdield yn in goatysk skip mei tuorren (boutiid 1140-1180 en 1220-1240, reparaasjes yn 1328), in romaansk transept mei in kapel (boutiid 1140-1180), in sakristy (in noardlike ferlinging út 1170-1180) en it eastlike oktogoan (1183-1210). De katedraal hat trije tuorren: twa twillingstuorren oan 'e westlike kant en ien boppe de krusing. De katedraal hat seis portalen en it tapaste boumateriaal is foar it measte spekstien.

Ynterieur.

Yn 'e krypte binne noch trije kapellen, dy't ornaris net foar toeristen iepen binne: de Marijekapel, de Olafkapel en de Michaelkapel. De westlike gevel is yn 'e styl fan de heechgotyk neffens Ingelsk foarbyld, lykas de Westminster Abbey. Fan 'e eartiids 40 bylden dy't oan 'e gevel stienen, wiene der yn 'e 19e iuw noch mar fiif oer. De weropbou fan 'e gevel fanôf 1929 folge as in kassettegevel mei in grut tal bylden, dy't persoanen út it Alde Testamint foarstelle. It krúsribferwulft yn 'e skippen ûntstie by de rekonstruksje fan it gebou.

It oktogoan oan 'e eastlike kant fan 'e domtsjerke is sûnt de 12e iuw hast ûnferoare bleaun en wurdt dêrom beskôge as it meast autentike diel fan 'e Nidarosdom. It ynterieur wurdt foarme troch dekorative arkades sûnder dragende funksje en is fersierd mei reliëfs yn stiennen bylden yn in tige realistyske styl. Wichtich is it byldhouwurk yn it oktogoan út it twadde fearnsjier fan 'e 14e iuw, dat in muzikant mei in soarte fan talharpa foarstelt. Yn 'e apsis stie de skryn foar de hillige kening Olaf.

De domtsjerke hat in preekstoel út 1890, twa doopfonten (ien út 1728 fan Jon Jensen en in twadde út 1905 fan Gustav Vigeland) en in alter.

De brânskildere ramen binne makke troch Gabriel Kielland (1908-1934) en Oddmund Kristiansen (1950-1985). Se binne ynspirearre op Frânske foarbylden lykas de katedraal fan Chartres en stelle û.o. bibelske foarstellings en sènes út it libben fan kening Olaf foar. It wie by de rekonstruksje kontroversjeel oft der wer kleurde ramen komme moasten en hoe't de westlike gevel ûntwurpen wurde moast. Nei in kompetysje hat it Noarske parlemint de útfiering fan 'e nije ûntwerpen definityf goedkard.

Wagner-oargel.

De domtsjerke hat trije oargels. Yn it noardlike dwersskip stiet in ynstrumint út 1741, dat foar in grut part noch orizjineel is. It haadoargel yn it westlike diel stamt út 1930 en sûnt 2015 stiet yn it koer ek in koeroargel.

It haadoargel stamt fan de firma Steinmeyer en waard yn 1930 yn it ramt fan 'e 900-jierrige betinking fan 'e Slach by Stiklestad yn it noardlike dwersskip ynboud. Nei de foltôging fan 'e westlike ôfsluting ferhûze in ynstrumint nei de westlike galerij. By de ferhûzing waard it swelwurk fan it twadde manuaal as in selsstannich koeroargel yn it koer brûkt. Ek waarden in tal registers ferwidere, dy't earne oars opslein waarden en by in brân ferlern gyngen. De Dútske oargelbouwer brocht yn 'e jierren 2012-2014 it ynstrumint wer yn 'e oarspronklike disposysje fan 1930 en moast dêrfoar 17 nije registers rekonstruëarje. Ek de fjouwermanualige spyltafel is nettsjinsteande de moderne technyk in replika fan 'e spyltafel fan 1930. De ynwijing fan it ynstrumint fûn op 17 maaie 2014 plak, de nasjonale feestdei yn Noarwegen.

It âldste oargel waard yn 1741 troch de Berlynske oargelbouwer Joachim Wagner makke en troch in learling fan him ynboud. It oargel waard yn 1930 troch it nije Steinmeyer-oargel efter de histoaryske oargelkas ferfongen en yn 1960 ferhûze dat ynstrumint nei de westlike galerij. In grut diel fan it histoaryske piipmateriaal waard doe opslein en bleau sa bewarre. Yn 1994 rekonstruearre Jürgen Ahrend it barokke oargel yn 'e oarspronklike disposysje yn it noardlike dwersskip. It foar it grutste part orizjinele ynstrumint besit 30 registers op twa manualen en pedaal.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Nidarosdom