Abdij fan Westminster
Abdij fan Westminster
Collegiate Church of St Peter | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
plak | Londen | |
adres | 20 Deans Yd, Westminster, London SW1P 3PA | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | Fan 1065 ôf | |
boustyl | Gotyk | |
monumintale status | Grade I listed building | |
offisjele webside | ||
Side Westminster Abbey |
De Abdij fan Westminster (Ingelsk: Westminster Abbey), en offisjeel de Kollegiale Tsjerke fan Sint-Petrus (Ingelsk: Collegiate Church of St Peter) is it nasjonale tsjerkegebou fan Ingelân. Sûnt de kroaning fan Willem de Oermasterder yn 1066 binne alle Ingelske en Britske foarsten yn de Abdij fan Westminster kroane. Ek wurde dêr tradisjoneel de begraffenissen fan leden fan it Britske keningshûs holden en wurde der houliken sletten fan de keninklike famylje. Njonken de funksje fan nasjonale tsjerke stiet de Abdij fan Westminster fol mei tal fan grêven en monuminten foar minsken dy't in wichtige rol spile hawwe yn de Britske skiednis. Meiïnoar fûnen likernôch 3.300 minsken dêr harren lêste rêstplak. Dêrtroch hat de tsjerke, ferwizend nei de Noardske mytology de bynamme krigen fan it "Britske Walhalla".
De goatyske tsjerke waard yn 1987 mei it Paleis fan Westminster (Westminster Palace) en de Saint Margaret's Church ynskreaun op de wrâlderfgoedlist fan de UNESCO.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Untstean[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Neffens in leginde soe de tsjerke werom gean op de stifting fan in abdij op in eilân yn de Teems ûnder kening Sæberht fan Esseks, doe't in fisker in fizioen hie oer Petrus. Yn de tiid fan Edward de Belider waard de abdij yn Normandyske styl ferboud (1045-1065). Op 28 desimber 1065 waard de benediktynske delsetting ynwijd. De kening sels wie doe al te siik om de plechtichheid by te wenjen en waard nei syn dea yn de tsjerke byset. It iennige ôfbyld fan dy earste abdij stiet op it fernemade Tapyt fan Bayeux. De lokaasje tichteby it keninklike paleis fan Westminster, it bestjoerssintrum fan it lân, droech by oan macht dy't de abt en de muontsen tafoel yn de iuwen nei de Normandyske oermastering.
De goatyske ferbouwing yn de styl fan de Frânske heechgotyk fan de abdij sette fanôf 1245 ûnder kening Hindrik III útein. Oant 1269 wiene it koer, it transept en it eastlike diel fan it tsjerkeskip mei de oanbuorjende kleastergong en it kapittelhûs foltôge. De boumaster fan dat diel fan de tsjerke stiet bekend ûnder de namme Henry of Reyns, dy't mooglik út Reims kaam en dêr ek oan de Notre-Dame wurke hat. It âld romaanske skip bleau noch wol hûndert jier oan de nijbou stean mar waard ôfbrutsen om tusken 1376 en 1506 it tsjerkeskip te foltôgjen yn deselde styl as de rest fan de tsjerke. De bou waard foltôge troch de arsjitekt Henry Yevele ûnder it regear fan Richard II. Hindrik VII liet tusken 1503-1519 de oan Marije wijde kapel yn de perpendicular styl tafoegje, ien fan de moaiste let-goatyske gebouwen fan Jeropa.
Reformaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De abdij waard mei de brek mei Rome en ynfiering fan in nasjonale protestantske tsjerke ûnder Hindrik VIII lykas alle oare kleasters en abdijen yn it lân opheft. De katolike keninginne Marije I joech de abdij werom oan de muontsen, mar fan har suster en [protestanske opfolger Elizabeth I moasten de muontsen de gebouwen wer en no foargoed ferlitte. Elizabeth ferliende de tsjerke yn 1579 de tsjerke de status fan royal peculiar; in tsjerke dy't streekrjocht ûnder de ferantwurdlikens fan de foarst en net ûnder dy fan de aartsbiskop fan Canterbury kaam te fallen en makke der de Collegiate Church of St Peter fan, in net-katedrale tsjerke mei in kapittel fan koarhearen ûnder lieding fan in dekaan dy't troch de Kroan beneamd wurdt. De tsjerke hie slim te lijen ûnder de turbulinte jierren 1640, doe't puriteinen, mar profitearre yn de tiid fan de Mienebêst fan de beskerming troch de Steat. Oliver Cromwell krige yn de tsjerke yn 1658 noch in grutte begraffenis yn de tsjerke, mar waard yn 1661 opgroeven en postúm ophinge oan 'e galge by Tyburn, it plak dêr't misdiedigers ophongen waarden.
18-19e iuw[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De twa westlike tuorren waarden tusken 1722 en 1745 troch de arsjitekt Nicholas Hawksmoor fan stien út Portland boud en binne in ier foarbyld fan in neogoatysk ûntwerp. De muorren en de flierren fan de Westminster Abbey waarden mei Purbeck-moarmer belein, ek al binne de ferskate tombes fan ferskillende soarten moarmer makke. Fierder waard yn de 19e iuw in restauraasje útfierd troch George Gilbert Scott.
Twadde Wrâldkriich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De skea oan de Westminster Abbey yn de Twadde Wrâldkriich bleau op 15 novimber 1940 noch beheind, mar op 10 maaie waarden de gebouwen troffen troch brânbommen. De bommen waarden al gau ûnskealik makke troch leden fan de loftbeskerming, mar ien bom boppe it noardlike transept wie dreech benei te kommen en ûntplofte. It fjoer fan de baarnende balken die al gau it daklead ranen en begûn fan boppe ôf te fallen op it tsjerkemeubilêr. Meiwurkers brochten sa folle mooglik meubilêr yn feiligens, mar moasten harren weromlûke. Mei it ynstoarten fan it dak yn de krusing koe lang om let fierdere fersprieding fan it fjoer tefoarren komd wurde.
Nei de oarloch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn de jierren 1990 waarden der twa ikoanen fan de Russyske ikoaneskilder Sergej Fjodorov hongen yn de tsjerke. Yn 1997 waard foar it earst yntree frege oan it grutte tal toeristen, dat yn dy tiid alle jierren al op likernôch 1,75 miljoen rûsd waard. Op 6 septimber 1997 waard de begraffenis holden fan Diana, prinsesse fan Wales. Op 17 septimber 2010 wie paus Benediktus XVI de earste paus dy't in foet yn de abdijtsjerke sette.
Yn 2009 waarden der plannen makke foar de earste grutte bouwurksumheden sûnt 250 jier. In kroanfoarmige ôfsluting boppe de krusing, dy't de lege pyramide fan nei 1950 ferfange moast, waard útsteld. It wie in ûnderdiel fan in grutter projekt dat £ 23 miljoen kostje moast en foltôge waard yn 2013. Nettsjinsteand it tariedend wurk dat al dien wie, makke de deken yn 2010 bekend dat der fan in corona boppe de krusing ôfsjoen waard.
On 29 april 2011 fûn it ynsegenjen fan it houlik fan prins William en Catherine Middleton plak yn de abdij.
De Queen's Diamond Jubilee Galleries binne yn it midsiuwske trifoarium fan de abdij. Dêr, heech om it skip fan de tsjerke hinne, wurde de skatten fan de abdij útstald. Ek waard der in nije goatyske tagong mei lift ûntwurpen troch de arsjitekt fan de abdij. De nije galerijen binne yn juny 2018 iepene.
Bou en ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De haadyngong is oan de westlike kant. It portaal wurdt mei foarstellings fan de fjouwer kristlike deugden Wierheid, Gerjochtichheid, Barmhertigens, Frede en tsjien 20e-iuwske martlers omseame.
Yn it middenskip fan de abdij leit it Grêf fan de Unbekende Soldaat. Yn de ierde fan de Frânske slachtfjilden rêst dêr in ûnbekende soldaat fan de Earste Wrâldkriich "tusken kenings wylst er syn God en Heitelân goed tsjinne', sa't it ynskrift yn it swarte moarmer it beskriuwt. De fallen soldaten fan de twa wrâldkrigen wurde ek yn de Sint-Joriskapel betocht.
Ek yn it skip binne de grêven fan de ûntdekker David Livingstone, de dichter en toanielskriuwer Ben Jonson en de premiers Andrew Bonar Law en Neville Chamberlain. Yn it súdlike transept is de Poets' Corner mei in monumint foar Shakespeare de grêven fan û.o. Chaucer, Tennyson, Browning, Longfellow, Dickens en Händel
Ut it noardlike diel fan it dwersskip wei kin de achter it heechalter lizzende Kapel fan Edward de Belider berikt wurde. Yn it midden stiet dêr de sark fan de yn 1066 ferstoarne kening. Dêrefter stiet de kroaningstroan, dêr't oant 1996 ûnder it sitflak de saneamde Stone of Scobe bewarre waard. Op dy stien waarden eartiids iuwenlang de Skotske kenings kroand, oant Edward I de stien yn it jier 1297 meinaam. De stien waard yn de Kryst fan 1950 stellen en nei lang sykjen werom fûn. Yn 1996 waard de stien, dy't as in symboal fan de ienheid fan Ingelân en Skotlân jildt, wer oan Skotlân oerdroegen. Sûnt wurdt de stien yn it Slot fan Edinburgh bewarre. Yn de kapel steane de sarken fan Hindrik III, Edward I, Edward III, Richard II en Hindrik V.
Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It oargel fan de Westminster Abbey is ferdield oer de noardlike en súdlike kant fan it westlike diel fan it koerskip. It ynstrumint waard yn 1937 boud troch de Britske oargelbouwer Harrison & Harrison (Meadowfield) en foar de earste kear brûkt foar de kroaning fan George VI.
Ynearsten hie it oargel 84 registers, ferdield oer fjouwer manualen en pedaal. Yn it oargel waard in diel fan it piipmaterjaal fan de foargonger wer op 'e nij brûkt, dat troch William Hill yn 1848 boud wie. De fronten fan it oargel datearje út 1895 en binne yn it ein fan de 19e iuw ûntwurpen troch John Loughborough Pearson.
Yn 1982 en 1987 fergrutte Harrison & Harrison it oargel mei in Lower Choir Organ en in Bombarde Organ. It hjoeddeiske oargel hat fiif manualen en 109 registers.
Kapittelhûs[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It kapittelhûs, in foarbyld fan suvere gotyk, waard tusken 1245 en 1253 mei de eastlike dielen fan de abdij ûnder Hindrik III boud. George Gilbert Scott restaurearre it kapittelhûs yn 1872. De yngong is fanút it eastlike diel fan de kleastergong. In doar yn it portaal datearret fan 1050 en der wurdt tocht dat it de âldste fan Ingelân is. Yn guon bline nissen oan de muorren binne 14e iuwske fresko's bewarre bleaun. De tegelflier is noch orizjineel 13e-iuwsk. Under de seal leit in achthoekige krypte.
De loftbôgen bûten binne tafoege yn de 14e iuw en it tintfoarmige dak op in stielen frame is in 19e iuwsk ûntwerp fan Scott.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Westminster Abbey
|