St Margaret's (Westminster)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Sint-Margaretatsjerke

Church of St Margaret

St-Margaret's- Westminster.P1130954-PS.jpg
lokaasje
lân Flag of England.svg Ingelân
plak Londen
adres St Margaret St, Westminster, London SW1P 3JX
bysûnderheden
type bouwurk tsjerke
boujier 1486-1523
boustyl Tudorstyl
monumintale status Grade I listed building
oare ynformaasje
webside Side fan de tsjerke

De Sint-Margaretatsjerke (Ingelsk: Church of St Margaret) by de Westminster Abbey op it Parliament Square yn Londen, Ingelân, wie, oant 1972, de Anglikaanske parochytsjerke fan it House of Commons. De tsjerke is wijd oan Margareta fan Antiochje, en makket mei de oanbuorjende Westminster Abbey en it Palace of Westminster diel út fan it wrâlderfgoed fan UNESCO. Yn de tsjerke wurdt alle sneinen tsjinst holden.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke waard yn de 12e iuw stifte troch benediktynske muontsen foar de bewenners yn de omjouwing, sadat hja in eigen parochytsjerke hiene. De Margaretatsjerke waard tusken 1486-1523 op oantrunen fan kening Hindrik VII op 'e nij boud en de nijbou, dy't hjoeddedei foar in grut part noch jimmeroan deselde is, waard op 9 april 1523 ynwijd. De tsjerke soe de lêste tsjerke west ha dy't noch foar de reformaasje neffens de roomske tradysje oanklaaid waard. Besiden it grutte triomfkrús stiene de ryk beskildere bylden fan Marije en Jehannes, wylst yn it gebou ferskate kapellen wienen.

Reformaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur

Yn de jierren 1540 skeelde it net folle of de tsjerke wie ôfbrutsen. Edward Seymour, hartoch fan Somerset en broer fan Jane Seymour, de tredde frou fan Hindrik VIII, wie wis fan doel de tsjerke te slopen, dy't sagoed boumaterjaal foar syn nije hûs yn it Strand oplevere. Syn plannen botsten lykwols op grut ferset fan de bewenners en konfrontearre mei parochianen dy't de wapens oppakten seach er lang om let fan de sloop ôf.

Yn 1614 waard de Margaretatsjerke de parochytsjerke fan it Palace of Westminster. Doe't de Puriteinen harren net fine koene yn de liturgy sa't dy fierd waard yn de abdijtsjerke, keazen hja der foar om harren offisjele tsjinsten yn de Margaretatsjerke te hâlden .

De noardwestlike toer waard tusken 1734 en 1738 boud troch John James. Yn 'e selde tiid waard de tsjerke beklamme mei Portland-stien. Letter waarden troch J.L. Pearson it eastlike en westlike portaal tafoege. George Gilbert Scott restaurearre en feroare de tsjerke yn 1877 yn de tsjintwurdige foarm, alhoewol't er by syn wurk in soad fan skaaimerken fan de Tudorstyl yntakt hold. Troch de ûntfolking ferlear de tsjerke yn de jierren 1970 de funksje fan parochytsjerke en waarden de parochianen by oanbuorjende parochy's yndield, wylst de tsjerke yn behear oerdroegen waard oan de deken en it kapittel fan de Westminster Abbey.

Finsters[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it eastlike finster is in brânskilderd raam út 1509, dat ynbrocht waard ta neitins fan de ferloving fan Arthur Tudor, de âldere broer fan Hindrik VIII, mei Katarina fan Aragon. Oarspronklik waard it raam makke foar de abdij fan Waltham en it waard fia in omwei yn 1758 oankocht troch de Margaretaparochy.

Oare finsters betinke William Caxton, de earste printer fan Ingelân, dy't yn 1491 yn de tsjerke begroeven waard, de yn 1618 eksekutearre en yn de tsjerke begroeven dichter-politikus Walter Raleigh, de dichter en parochyaan John Milton en admiraal Robert Blake.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:St Margaret's, Westminster