Notre-Dame de Reims

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Us-Leaffrou fan Reims

Notre-Dame de Reims

Reims Kathedrale.jpg
lokaasje
lân Flag of France.svg Frankryk
regio Grand Est
departemint Drapeau fr département Marne.svg Marne
plak Blason Reims 51.svg Reims
adres Place du Cardinal Luçon, 51100 Reims
bysûnderheden
boujier 12e iuw-14e iuw
boustyl Gotyk
oare ynformaasje
webside Side katedraal

De Notre-Dame fan Reims (Us-Leaffrou fan Reims) yn de Noard-Frânske stêd Reims is ien fan de wichtichste goatyske tsjerken fan Frankryk. Sûnt 1991 falt de katedraal ûnder it wrâlderfskip fan UNESCO. It as Monument histoarique klassifisearre gebou wie iuwenlang de tsjerke dêr't de Frânske keningen kroand waarden. Hjoeddedei is it de katedraal fan it aartsbisdom Reims. Alle jierren wer bringe hûnderttûzenen toeristen in besite oan de tsjerke en it religieuze keunstwurk is ien fan de grutste attraksjes fan de Champagne.

De as trijeskepige basilika boude katedraal wie, útsein de westlike gevel, al yn de 14e iuw (1211–1311) foltôge. De earste oerlevere boumastser hiet Hugo Libergier. De definitive foltôging folge yn de 15e iuw, nei't it skip langer makke waard om de minsken plak te bieden dy't by de kroanings útnûge wiene. By in brân yn 1481 waarden it dak en de tuorren slim skeind.

It meast opfallend oan de katedraal is de mei reliëfs en bylden dekorearre westlike gevel. It is in unyk foarbyld fan heechgoatyske, midsiuwske byldhoukeunst. De beide westlike tuorren mei in hichte fan 81 meter soene oarspronklik noch spitsen oant in hichte fan 120 meter krije. It haadportaal is oan de Jongfaam Marije wijd. Fuort boppe it portaal is noch binnen de goatyske spitsbôge fan it portaal in lytser roasfinster ynbrocht. Midden yn de westlike gevel is it grutte roasfinster ynbrocht. De galerij fan de kenings boppe it grutte roasfinster toant de doop fan Klovis I en de bylden fan syn opfolgers.

Yn 1870 ferliende paus Pius IX de katedraal de status fan basilica minor. De katedraal rekke slim skeind yn de Earste Wrâldkriich. Under oaren it houten dak út de 15e iuw gyng folslein ferlern. Yn 1919 waard mei de renovaasje úteinset, dy't 20 jier duorje soe.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De katedraal fan Reims as kroaningstsjerke (Kroaning fan Karel VII)

In earste tsjerke ûntstie al yn de 5e iuw op de resten fan de gallo-romeinske termen. De bou fan de katedraal fan Reims begûn yn it jier 1211 nei in grutte brân yn 1210. De katedralen fan Chartres yn 1194 en Amiens yn 1220 waarden ek boud nei grutte brannen. Neffens de troch aartsbiskop Hinkmar fan Reims betochte leginde hie de hillige Remigius tsjin de ein fan de 5e iuw as biskop fan Reims de Frankenkening Klovis I doopt en mei út de himel ôfkomstige oalje salve. Dêrmei rjochtfeardige de aartsbiskop it idee om tenei alle keningen fan Frankryk yn syn katedraal te kroanen en te salvjen. De katedraal symbolisearre as kroaningstsjerke yn de skiednis fan Frankryk de nauwe bân tusken Monarchy en Tsjerke.

Alhoewol't de katedraal fan Reims in belangryk symboal wie foar de Frânske monarchy brocht de Frânske revolúsje net sa'n soad skea oan it gebou as by de katedraal fan Chartres. Sûnt de Tredde Republyk de skieding tusken Steat en Tsjerke trochsette stiet de katedraal fan Reims symboal foar de Frânske naasje. Fan 1860 ôf late de arsjitektuerteoretikus Eugène Viollet-le-Duc de restauraasje oan de westlike gevel.

Granaateksploazje yn de katedraal fan Reims

Nei de Slach oan de Marne fan 5 oant 12 septimber 1914 hiene de Dútske troepen harren yn fersterke stellings noardlik fan Reims weromlutsen, dêr't se oant 1918 stân holden. De stêd, dêr't op 13 septimber Frânske troepen oankamen, waard út dy stellings wei troch de Dútske artillery besketten. Dêrby waard in grut part fan it histoaryske sintrum fan de stêd ferneatige. De katedraal waard fan 17 septimber ôf hieltiten wer troffen. Op 19 septimber krige de katedraal 25 ynslaggen te ferduorjen en rekke de stelling oan de noardlike toer yn 'e brân. By it ynstoarten fan de toer rekke ek it byldhouwurk oan de gevel skeind. It fjoer sloech op it dak oer, dat hielendal útbaarnde. It lead raande en in grut part fan de midsiuwske finsters gienen ferlern. Sûnt 1915 waard de gevel mei sânsekken beskerme, mar oant maart 1918 bleau de tsjerke it doel fan artillerybesjittingen. Doe't de oarloch foarby wie riisde in slim skeinde katedraal boppe de ruïnes fan de stêd út.

Fanwegen de politike betsjutting foar en de nasjonale identiteit fan Frankryk en de arsjitektuerskiedkundige betsjutting waard it ferwoastgjen fan de katedraal troch beide kanten yn de kriichspropaganda brûkt. In berjocht fan it Dútske leger fan 22 septimber 1914 dat ien fan de tuorren fan de katedraal brûkt waard troch in Frânske waarnimmingspost moast de Dútske besjittings op de katedraal rjochtfeardigje. De Frânske en ynternasjonale parse dêrfoaroer woenen hawwe dat de fernielingen in bewuste en foarnommen foarm fan barbarisme wie.

Yn it ynterbellum waard de katedraal ûnder lieding fan Henri Deneux (1874–1969) wer opboud. It houten dakstuolte waard dêrby ferfongen troch ien fan betoneleminten. De Amearikaanske famylje Rockefeller droech finansjeel by oan de weropbou. Sûnt 1927 waard de katedraal wer foar in part brûkt en op 18 oktober 1937 fûn de ynwijing fan de restaurearre katedraal plak. By dy gelegenheid wie ek de doedestiidske Frânske presidint oanwêzich.

Eksterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kroaning fan Marije

Alhoewol't de bou fan de katedraal mear dan twa iuwen duorre is it nammerste opmerkliker is it dat de bou in grutte unifoarmiteit fan styl hat. Der is hast gjin katedraal yn Jeropa mei sa'n soad bylden as de katedraal fan Reims. Meiïnoar fersiere 2303 bylden de katedraal. Dêrfan hawwe 211 bylden in hichte fan 3 oant 4 meter. Der binne 788 bylden fan bisten fan ferskillende grutte.

De ferneamde glimkjende ingel

Yn 'e midden fan de foargevel steane yn de keningsgalerij 56 bylden fan keningen mei in hichte fan 4,5 meter. Sintraal stiet de doop fan Klovis I mei Klotildis rjochts en Sint-Remigius lofts fan de kening. It sintrale portaal is wijd oan Marije en hat in foarstelling fan de kroaning fan Marije. Fuort boppe it grutte roasfinster wurdt it ferhaal fan David tsjin Goliat útbylde.

De gevels fan de transepten binne ek fersierd mei bylden. De biskoppen fan Reims, in foarstelling fan it Jongste Gerjocht en in byld fan Jezus foarmje de fersiering fan it noardlike transept, wylst de gevel fan it súdlike dwersskip fersierd is mei profeten en apostels. Beide gevels fan it dwersskip hawwe in roasfinster. Nei de brân yn 1481 binne de spitsen fan de fjouwer tuorren dy't yn de hoeken fan it transept stienen net wer opboud, meidat tsjintwurdich gjin ien fan dy tuorren mear boppe it dak útkomt. Boppe it koar is in yn de 15e iuw en 20 iuw rekonstuearre houten toer fan 18 meter heech.

De katedraal is fersierd mei in soad bylden fan ingels en wurdt dêrom ek wol de "katedraal fan ingels" neamd. Yn de portalen binne ferskate laitsjende ingels te sjen, mar de ferneamste is wol de glimkjende ingel mei de útsleine wjukken fan it noardlike portaal.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De katedraal hat fan binnen in lingte fan 139 meter. Yn it trijeskepige dwersskip mei in dûbele fiering is de katedraal 55 meter breed. De trijeskepige tsjerke is 32 meter breed.

Finsters[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oant de Earste Wrâldkriich hie de katedraal yn de hegere dielen fan it middenskip, yn it koar en it dwersskip noch in soad oarspronklik brânskildere glês út de 13e iuw. Nei de kriich krigen de finsters mei ferneatige ruten by de weropbou ynearsten ruten foar need en yn de tiid dêrnei stadichoan wer kleure glês, dat troch eigentiidske keunsters levere waard. Yn de jierren 1930 waarden it lytse roasfinster boppe it haadportaal, de traveeën fan de sydportalen en it roasfinster fan it súdlike dwersskip ynset. Marc Chagall levere trije ruten foar de sintrale kapel fan it koar. Se stelle de Beam fan Jesse, sênes út de beide Testaminten en út de stedsskiednis fan Reims foar. Fierdere ruten waarden troch Brigitte Simon, Tsuguharu Foujita, Josef Šíma en Maria Helena Vieira da Silva makke.

Nei oanlieding fan it 800-jierrich jubileum fan de wijing fan de katedraal waarden der yn 2011 acht nije ruten fan de Dútske keunstner Imi Knoebel yn de apsis ynbrocht. De lêste trije needfinstersn yn de Jeanne d'Arc-kapel waarden yn maaie 2015 ferfongen troch nije ruten, dy't ek troch Imi Knoebel makke binne. De Knoebel-ruten binne abstrakt en hawwe primêre kleuren; de fersplintere komposysje ferwiist nei de ferneatiging troch de Dútsk-Frânske striid en de fersteuring fan de Dútsk-Frânske relaasjes. By de ynwijing fan de nije finsters dêrfoaroer waard de symboalyske betsjutting fan de Dútsk-Frânske freonskip ûnderstreke.

Jeanne d'Arc[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jehanne au Sacre

Yn de Hûndertjierrige Kriich waard de stêd fan 1359 oant 1360 troch de Ingelsen belegere. Alhoewol't de belegering net slagge, slagge it de troepen fan kening Hindrik V letter om it leger fan Karel VI te ferslaan. Tegearre mei it grutste diel fan Noard-Frankryk foel Reims doe yn Ingelske hannen. Yn 1429 befrijde Jeanne d'Arc de stêd en koe Karel VII op 14 july 1429 yn de katedraal ta kening kroand wurde. It betsjutte in ommekear yn de Hûndertjierrige Kriich.

Oargel

Jeanne d'Arc, de nasjonale hillige fan it lân, wurdt yn en by de katedraal betocht mei twa bylden. Bûten de tsjerke stiet in stânbyld fan in striidbere Jeanne op it hynder fan Paul Dubois út 1896. It 1,70 meter hege byld ‘Jehanne au Sacre’ yn de tsjerke is hiel oars fan karakter. It waard yn 1901 foltôge en makke troch Prosper d'Épinay en toant in hillige Jeanne .

Labyrint[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke hie ûnder it tredde en fjirde travee fan it middenskip eartiids in labyrint oer de flier. It labyrint koe op de knibbels folge wurde as in symboalyske pylgertocht of om in ôflaat te fertsjinjen. It waard yn 1286 yn gebrûk nommen, mar yn 1779 ferneatige troch de koarhearen om't bern de tsjinsten fersteurden troch te boartsjen op it labyrint.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De skiednis fan oargels yn de katedraal giet werom op it jier 1489, doe't der foar it earst in oargel yn de katedraal kaam. Yn de rin fan ’e tiid waard it oargel ferskate kearen fergrutte en ferboud en ek de oargelkast waard ferskate kearen feroare.

It hjoeddeiske oargel waard yn de jierren 1937-1938 troch Victor Gonzales boud. It hat 86 registers op fjouwer manualen en pedaal. Foar in part binne by it ynstrumint pipen út de 17e oant 19e iuw brûkt.

Tsjerkeskat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it Paleis fan de Aartsbiskop (Palais du Tau) wurdt de tsjerkeskat bewarre. Yn it Palais du Tau wurde in soad kostbere saken bewarre. It neamen wurdich is de Sainte Ampoule, de hillige ampul. Yn de ampul waard de oalje bewarre dêr't de Frânske kenings mei salve waarden. By de Frânske revolúsje briek de orizjinele ampul. De tsjintwurdige ampul befettet in fragmint fan it orizjineel. Ek binne der bylden en tapiten út de katedraal te sjen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kathedrale von Reims