Remigius fan Reims

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Sint Remigius doopt Klovis I, ±1500

De hillige Remigius fan Reims (Frânsk: Saint Remi) († 13 jannewaris, om-ende-by 536, Reims) wie biskop fan Reims.

Neffens de tsjûgenis fan Gregorius fan Toers doopte hy de Frankyske kening Klodovech en syn twa susters Abboflede en Lantegilde en sawat 3000 Frankyske kriichslju op Krystdei fan 496. Dat jiertal, alhoewol't tradisjoneel, wurdt lykwols net befêstige troch oare boarnen. Allyksa fertelt Gregorius fan Toers dat Remigius al yn 458 op 18-jierrige leeftyd ta biskop ferkeazen waard, wat syn termyn as biskop ûngewoan lang makket. Ut dizze boarne falt fierders op te meitsjen dat Remigius ûnder de Gallyske biskoppen in hege posysje besette.

Oar histoarysk bewiis foar it bestean fan Remigius jout de brief fan him oan Falko, biskop fan Tongeren-Maastricht en dy't datearre is om de jierren 511/512 hinne.

Hy wurdt alle jierren betocht op syn stjerdei 13 jannewaris.

Boarne[bewurkje seksje | edit source]

Gregorius fan Toers - "Decem libri historiae" (tsjien boeken skiednis)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]