Piëta
In Piëta (Italjaansk: pietà, itjinge meilibjen of piëteit betsjut), ek in fesperbyld, is yn 'e keunst in namme foar in skilderij of in byld fan in yn 'e regel sittende Marije mei de ferstoarne Kristus op 'e skurte. Faak binne sokke foarstellings achter yn in roomsk-katolike tsjerke te sjen.
De foarstelling moat net betiizge wurde mei de beskrieming fan Kristus of de krúsôfname en is mear in reflektyf ûnderwerp. De piëta ûntwikkele him út de 13e- en 14e-iuwske foarstellings fan 'e krúsôfname yn Spanje en it noarden fan Europa. Fan dêr waaide de foarstelling oer nei Itaalje.
Faaks is it meast ferneamde foarbyld fan in piëta it keunstwurk fan Michelangelo, dy't makke waard yn opdracht fan in Frânske kardinaal. Om 't yn Itaalje it ûnderwerp net sa bekend wie beskreau de kardinaal it ûnderwerp yn it kontrakt.
Ien fan 'e belangrykste eleminten fan in piëta is dat der net tefolle figueren om in piëta hinne stean meie. Yn dat gefal soe de foarstelling al gau yn in beskrieming fan Kristus feroarje en dêrmei skea dwaan oan it meditative doel fan 'e foarstelling.
De piëta is ien fan 'e trije meast foarkommende artistike ôfbylden fan in drôve Marije. De oare twa binne de Mater Dolorosa (drôve mem; bekend as Us-Leaffrou-fan Smerten) en de Stabat Mater (steande mem).
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Sint-Servaasbasilyk, Maastricht
-
Annibale Carracci
-
Giovanni Bellini
-
William-Adolphe Bouguereau
-
Otto Robert Nowak
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|