Springe nei ynhâld

Krúswei

Ut Wikipedy
In staasje yn Cheb, Tsjechje (Loretokapel Starý Hrozňatov)

De Krúswei (Latynsk: Via crucis of Via dolorosa) is in rige fan foarstellings, dy't de lijenswei fan Jezus fan ôf de feroardieling troch Pontius Pilatus oant de grêflizzing útbyldzje. In foarstelling wurdt in staasje neamd, dat is ôflaat fan it Latynske wurd statio dat "stilstean" betsjut , Meiïnoar binne der fjirtjin staasjes en somtiden is der in fyftjinde staasje tafoege om't it mei Kristus net einiget mei de dea mar mei de opstanning.

In krúswei is altiten te finen yn katolike tsjerken. It plak en de foarm fan in krúswei ken in grutte fariaasje, mar meastentiids binne de staasjes yn de foarm fan skilderijen of reliëfs oan de muorren of pylders oanbrocht. Yn katolike streken binne ek faak krúswegen op in tsjerkhôf te finen of op spesjale plakken, dy't dan yn in searje fan kapellen yn in lânskip liede nei in krúskapel.

It ûntstean fan de krúswei datearret fan de 15e en 16e iuw, doe't Fransiskaanske muontsen rigen fan foarstellings út it Hillige Lân yn Jeropa begûnen nei te bouwen. Oarspronklik wie der gjin uniformiteit yn de krúswei, guon krúswegen bestiene bygelyks út sân staasjes, oare krúswegen út wol tritich. Sa'n staasje waard dan ûnderbrocht yn in lyts bouwurkje op 'e wei nei in tsjerke. Paus Klemens XII stelde it tal staasjes fêst op fjirtjin en tidens syn pontifaat waard in krúswei yn alle katolike tsjerken ferplicht.

Op Goed Freed, tidens it fêstjen, wurdt yn tsjerken de krúswei bidden. YHn in prosesje geane leauwenden by de ferskate foarstellings lâns om te sjongen of te bidden. By elts fan de fjirtjin foarstellings wurdt stilstien om it lijen fan Kristus te betinken. De krúswei kin ek yndividueel yn stil gebed belibbe wurde.

Staasje I Jezus wurdt ta de dea feroardiele. Mattéus 27:1, Markus 15:15, Lukas 23:25, Jehannes 19:16
Staasje II Jezus nimt it krús op. Jehannes 19:17
Staasje III Jezus falt foar de earste kear Bibelske ferwizing ûntbrekt
Staasje IV Jezus moetet Syn hillige Mem Markus 15:40, Jehannes 19:25
Staasje V Simon fan Syrene helpt Jezus it krús dragen Mattéus 27:32, Markus 15:21, Lukas 23:26
Staasje VI Veronika drûget Jezus it antlit ôf Bibelske ferwizing ûntbrekt
Staasje VII Jezus falt foar de twadde kear Bibelske ferwizing ûntbrekt
Staasje VIII Jezus treast de skriemende froulju Lukas 23:28-31
Staasje IX Jezus falt foar de tredde kear Gjin bibelske ferwizing
Staasje X Jezus wurdt Syn klaaiïng ôfnommen Mattéus 27:35, Markus 15:24, Lukas 23:34, Jehannes 19:23-24, Psalm 22:18-29 (Romeinske soldaten dobbelen om de klean)
Staasje XI Jezus wurdt oan it krús slein Markus 15:24, Lukas 23:33, Jehannes 19:18
Staasje XII Jezus stjert oan it krús Mattéus 27:50, Markus 15:37, Lukas 23:46, Jehannes 19:30
Staasje XIII Jezus wurdt fan it krús ôfnommen Lukas 23:53, Jehannes 19:38
Staasje XIV Jezus wurdt yn it grêf lein Mattéus 27:59-60, Markus 15:46, Lukas 23:53, Jehannes 19:42
Staasje XV Ferrizenis fan Kristus Mattéus 28:5-6, Markus 16:6, Lukas 24:6-7, Markus 16:6, 1 Tessalonikenzen 4:14, 1 Petrus 1:3, 1 Petrus 3:21, 1 Korintiërs 15:21, 1 Korintiërs 15:3-4, 2 Korintiërs 5:14-15, Romeinen 6:5-6, Filippenzen 3:10,

|}