Lauwersloop
Appearance
De Lauwersloop is in estafette-hurdrinwedstryd fan Ljouwert oer Lauwerseach nei Grins oer sa'n 115 kilometer. De oarspronklike Lauwersloop waard organisearre fan 1980 oant 2000.
Nei oanlieding fan it 400-jierrich bestean fan de Ryksuniversiteit Grins waard de rin nei trettjin jier fannijs, op 30 maaie 2014, foar (âld)studinten holden. De Lauwersloop wurdt organisearre troch de Lauwersloopcommissie en de organisaasje fan it 400-jierrich bestean fan de universiteit yn Grins.
De Lauwersloop giet oer:
- Ljouwert (start)
- Gytsjerk
- Aldtsjerk
- Rinsumageast
- Dokkum
- Ie
- Eanjum
- Lauwerseach
- Ulrum
- Leens
- Eenrum
- Baflo
- Onderdendam
- Zuidwolde
- Grins (einstreek)