Grutte fibula fan Winaam
De Grutte Fibula fan Winaam is in fibula út de earste helte fan de 7e iuw. De fibula is fan goud makke en ynlein mei reade almandyn.
It earste diel fan de fibula of mantelspjelde waard yn 1953 yn in terp by Winaam fûn. Om 1990 hinne en yn 2009 binne oare dielen fan de fibula weromfûn. It sieraad wie fan immen mei in hege status en wurdt dêrom ek wol de keningsfibula fan Winaam neamd.
De fibula is ûnderdiel fan de kolleksje fan it Frysk Museum.
De fynst by Winaam
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1953 waard yn de terp Tsjitsma by Winaam de fuotplaat fûn fan in grutte fibula. De spjelde wie lykwols troch in ploech skansearre en wie dêrtroch net mear kompleet. Amateurarcheologen hawwe jierrenlang mei metaaldetektors socht nei de ûntbrekkende dielen.
By opgravings yn de njoggentiger jierren binne de sulveren brêge mei gouden beklaaiïng, de knier en dielen fan de kopplaat weromfûn.
Yn augustus 2009 waard op in ikker by Winaam noch in ûntbrekkend stik fan de fibula weromfûn. It giet om in fragmint fan twa by trije sintimeter dat ûnderdiel wie fan de kopplaat. Troch dy fynst wie it mooglik en ûntsiferje de ôfbylding op de kopplaat.
Undersyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de lêste fynsten fan 2009 wie it sieraad foar in grut part folslein. Neffens saakkundigen wie de fibula yn de earste helte fan de 7e iuw fan in keninginne of in frou mei hege status. Troch dyselde fynst waard de ferskining fan Weda (Odin) op de kopplaat sichtber.[1][2]
Yn 2012 waard de fibula ûndersocht troch it 'Sintrum foar Undersyk en Restauraasje fan Frânske Musea' yn Parys. Utkomst fan it ûndersyk wie dat de fibula fersierd is mei sa'n 300 granaatstikjes. Ut analyse die bliken dat de reade granaatstiennen út Yndia komme.[3][4]
Fryske keningen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By Winaam, op de terp Tsjitsma, inkelde kilometers noardeastlik fan Harns, waarden fan 1991 oant 1993 archeologyske opgravings dien troch de universiteiten fan Grins en Amsterdam. Dat ûndersyk krige ynternasjonaal omtinken fanwege de bysûndere fynsten dy't dêr dien waarden. De útkomsten fan it ûndersyk joegen ek oanleiding om te tinken dat Winaam it haadplak west hat fan in Fryske kening.[5]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|