Tjitske Reidinga
Tjitske Reidinga | ||
akteur | ||
Tjitske Reidinga (2012) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Tjitske Jacoba Reidinga | |
nasjonaliteit | ||
berne | 20 febrewaris 1972 | |
berteplak | Ljouwert | |
jierren aktyf | 1996-no | |
prizen | Colombina foar de bêste froulike byrol | |
offisjele webside | ||
(in) IMDb-profyl Reidinga |
Tjitske Reidinga (Ljouwert, 20 febrewaris 1972) is in Nederlânsk aktrise dy't ûnder oaren bekend is fan rollen yn Het Klokhuis. Yn 2002 wûn se de Colombina foar de bêste froulike byrol yn Who's Afraid of Virginia Woolf? foar har rol fan de popperige Honey. Yn it teäterseizoen 2006-2007 en 2007-2008 spile hja Toos yn De familie Avenier.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Reidinga waard berne yn Ljouwert, mar waard grutbrocht yn Malawy. Sy studearre yn 1997 ôf oan de Amsterdamske Toanielskoalle & Lytskeunstakademy en gie it teäter yn. Yn it programma Het Klokhuis spile sy ûnder oaren as prinseske Petronella en dochter knyn. Dêrnei spile se mei yn de ferfilming fan Ja zuster, nee zuster as Jet. Dan wie hja ek noch warber by teäterproduksjs fan organisaaasjes sa as Suburbia, de Toneelschuur, it RO Theater en it Onafhankelijk Toneel. De ôfrûne fjouwer telefyzjeseizoenen waard Reidinga by it grutte publyk bekend fan har rol as de kâlde Claire van Kampen yn de telefyzjerige (RTL) Gooische Vrouwen. Se spile in rol yn de teäterproduksje 'De god van de slachting' fan Yasmina Reza, makke troch Theatergroep Suburbia yn Almere. Ek wie hja te sjen 'De ingebeelde zieke', fan teatergroep DUS. Reidinga krige de Johan Kaartpriis foar it seizoen 2008/2009. Fan jannewaris ôf 2010 hat se in rol spile yn Truckstop fan Het Toneel Speelt.
Op 16 maaie 2011 krige Reidinga de Mary Dresselhuys Priis: Met haar weldoordachte rolopbouw, trefzekere timing, haar geheel eigen, droge humor en de haar typerende, wat slepende stem weet Tjitske van elke rol een klein monumentje te maken miende de sjury. Altijd slaagt zij erin diepere lagen van haar personage te verbinden met een lichte toets.
Fan 2019 ôf is Reidinga geregeldwei gast yn it tf-programma Ladies Night op NET 5. Ek waard bekend dat sy tegearre mei har freondinne Linda de Mol wurket oan in nije searje foar de stjoerder. Dêrneist flogde sy yn 2020 foar it platfoarm LINDA. Yn de flogs lit se sjen hoe't sy en har húshâlding omgean mei de maatregels rûnom it koroanafirus.
Fan april 2023 ôf hat Tjitske Reidinga in eigen podcast mei de titel Tjits Chat wêryn 't se har deistich libben bekommentariearret.
Privee
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Reidinga wie sechstjin jier troud mei akteur Vincent Croiset. Sy krigen in twilling, Foppe en Klaas en letter noch in soan. Yn maart 2014 waard bekend dat sy in ferhâlding begûn wie mei kollega Peter Blok. Sy krigen kunde oan elkoar by de filmopnamen fan De verbouwing.[1]
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De zeemeerman (1996) as Emily
- Ja zuster, nee zuster (2002) as Jet
- Kees de jongen (2003) as Juffrouw Dubois
- De Passievrucht (2003) as Anke Neerinckx
- Ellis in Glamourland (2004) as Roosje
- 'n Beetje Verliefd (2006) as Aafke
- Taartman (2009) as Bregtje
- Gooische Vrouwen (2011) as Claire van Kampen
- De verbouwing (2012) as Tessa
- Alles is familie (2012) as Linda
- Pim & Pom: Het Grote Avontuur (2014) as Pom (stim)
- Gooische Vrouwen 2 (2014) as Claire van Kampen
- Sneeuwwitje en de zeven kleine mensen (2015) as freondinne fan Alexia
- De zevende hemel (2016) as Silke
- Doris (2018) as Doris Dorenbos
- Het irritante eiland (2019) as Lidia
- April, May en June (2019) as June
- The Willoughbys (2020) as mem (stim)
Telefyzjerige
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Plaatjes Kijken (1985) yn Dank u Sinterklaasje!
- Baantjer: De Cock en de XTC-moord (1998) as Puck Geldermans
- Goede daden bij daglicht: Zwerfvuil (1998) as Sylvia
- Televisie, rige (2000) as backstage assistinte
- De vloer op (2002-2003) as/yn ferskate parten
- De Band (tf-rige) (2003) as Belinda
- FIT (2004) as Major
- Ibbeltje (tf-rige)| (2004) as Mientje
- Gooische Vrouwen (2005-2009) as Claire van Kampen
- Keyzer & De Boer Advocaten (2005) as Linda van Drunen (Waar rook is, is vuur)
- Verborgen Gebreken (dramasearje) (2011) as Annabet Schuit
- Hart tegen Hard (2011) as Rebecca Franssen
- Volgens Robert (2013) as psychiater Lea
- Doris (2013) as Doris Dorenbos
- Nieuw zeer (2020) ferskate rollen
- De K van Karlijn (2021) as Karlijn
Teäter
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De ziekte die jeugd heet (1997; RO Theater)
- Sterrenstof (toanielstik) (1998; Spuitheater)
- Trainspotting (toanielstik) (1998; ZAP Producties)
- Een stukje time out (1999; Fact)
- Het vissenkind (1999; Het Paleis)
- A Midsummer Night's Dream (1999; RO Theater)
- Ja zuster, nee zuster (1999-2000; RO Theater) as Jet
- Hollandse Revue (2000; Toneelschuur)
- De Trojaanse (2001; Onafhankelijk Toneel)
- Who's Afraid of Virginia Woolf? (2001-2002, Hummelinck Stuurman) as Honey
- Hedda Gabler (toanielstik) (2002-2003; Trust) as Hedda Gabler
- Da Vinci en de drol (2003; Toneelschuur Haarlem)
- Treinen kunnen keren (2003-2004; Hummelinck Stuurman)
- Amadeus (toanielstuk) (2005; 't Bos Theaterproducties)
- Uit liefde (2005; Hummelinck Stuurman)
- De Geschiedenis van de Familie Avenier (2007-2008; Het Toneel Speelt) as Toos
- De ingebeelde zieke (2009; De Utrechtse Spelen (DUS)) as Bélin
- De god van de slachting (2009; Suburbia) as Annette Reille
- Truckstop (2010; Het Toneel Speelt) as Mem
- Alice in Wonderland (2010; Orkater y.g.m. Holland Symfonia) as Alice
- Augustus: Oklahoma (2011; De Utrechtse Spelen (DUS)) as Ivy Weston
- Het geheugen van water (2012; DeLaMar Theater) as Marie
- Een ideale vrouw (2013; DeLaMar Theater) as Constance Middleton
- De tijd voorbij (2013; DeLaMar Theater) as Betty
- Bedscènes (2014; DeLaMar Theater) as Johanna
- Terug naar toen (2015; DeLaMar Theater) as Rosalie van Rooij
- Sophie, een leven in 12 scènes (2015/2018; DeLaMar Theater) as Sophie
- In de ban van Broadway (2016; DeLaMar Theater) as Grace
- Palm Springs (2016; DeLaMar Theater) as Brooke Wyeth
- Geen paniek! (2017; DeLaMar Theater) as Kitty van Veen
- Single Camping (2019; Nederlânske Teätertoer) as Franscesca
- Dangerous Liaisons (2020; Nederlânske Teätertoer) as La Marquise de Merteuil
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |