Springe nei ynhâld

Us Leaffrou fan Ljouwert

Ut Wikipedy
Us Leaffrou fan Ljouwert
Us Leaffrou fan Ljouwert
Detail byld Marije by de prosesje fan 2016

Us Leaffrou fan Ljouwert is in merakelsk byld fan Marije, dat fereare wurdt yn de Sint-Dominikustsjerke yn Ljouwert.

Skiednis fan de omgong

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It byld stie sûnt 1506 yn de Sint-Fitustsjerke by de Aldehou. Yn 1510 waard begûn mei in jierlikse prosesje fan it byld troch de strjitten fan Ljouwert. Yn it jier derfoar hie der in grutte wettersneed west yn Fryslân en op 12 maaie 1510 in geweldige brân yn de Tsjerkestrjitte. Mei de omgong woenen de Ljouwerters de bysûndere foarspraak fan Marije ôfsmeke. It byld krige al gau de faam merakelsk te wêzen.

De jierlikse omgong hat oant 1580, it jier dat de roomsk-katolike religy yn Fryslân ferbean waard, in wichtige rol spile yn it tsjerklik libben fan Ljouwert. Minsken kamen fan fier om it byld te sjen. De 'grote ommeganck' wie mei bedoeld ta beskerming fan de stêd. It waard yn 1580 ferbean as 'paepse superstitiën en stoutigheden'. It byld waard tidens en nei de reformaasje ferburgen, wêrtroch't it de byldestoarm oerlibbe en net op de brânsteapel bedarre.

Nei de offisjele erkenning fan de Roomsk-katolike tsjerke yn de 19e iuw mochten troch it prosesjeferbod de plechtige optochten allinnich op it eigen terrein hâlden wurde. Nei de Twadde Wrâldoarloch waarden wol geregeld stille omgongen hâlden, mar der mochten perfoarst gjin religieuze kenmerken yn foarkomme. It prosesjeferbod is mei de nije grûnwet fan 1983 sneuvele, mar de tradysje wie al ferdwûn, al is de Marijedovoasje by in soad minsken noch grut.

It genedebyld is in 77 sintimeter heech iken byld. It hat stien yn de Fitustsjerke en waard nei de reformaasje troch inkelde dominikaner susters ferstoppe, dy't harren kleaster foar de reformaasje op de hoeke fan de Spylmanstrjitte en de Bûntepapestege hiene en yn in diel fan it sletten kleaster bleaune wenjen. Dêr moat it oant 1640 noch stien ha. Mei de stifting fan de dominikaner staasje 't Clooster op itselde plak krige Us Marije in plak yn de staasjetsjerke. It byld ferhuze nei de sakristy doe't de Dominikustsjerke oan de Spylmanstrjitte boud waard. Letter, doe't yn de jierren 1930 in gruttere tsjerke oan de Harnzerstrjitte boud waard, krige it byld in fêst plak yn de nije Dominikustsjerke. [1] Dêr stiet it tsjintwurdich yn in spesjale Marijekapel. It raam fan dy kapel is skonken út tankberheid troch oarlochsflechtlingen út Tyl en Roermond dy't nei Ljouwert evakuearre wienen.

De werynfiering fan de tradysje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 3 oktober 2010 wie it neffens de Ljouwerter Titus Brandsmaparochy fiif iuwen lyn dat de prosesje foar it earst hâlden waard. Yn dat ramt waard dêrom it itinisjatyf nommen om it byld op 'e nij fan ôf de Sint-Bonifatiustsjerke yn in prosesje troch de strjitten fan de Ljouwerter binnenstêd te dragen nei de Sint-Dominikustsjerke. De prosesje waard yn de Dominikustsjerke ôfsluten mei in feestlik Marijelof.[2] Op snein 2 oktober 2013 waard it byld foar de twadde kear sûnt de reformaasje troch de Ljouwerter binnenstêd droegen. Njonken oare earder foat katoliken wichtige plakken die de prosesje no ek it Aldehouster Tsjerkhôf oan, dêr't ea de katedraal fan it bisdom Ljouwert stien hat. De prosesje waard wer in tradysje, dy't no ienris yn de trije jierren fierd wurdt.[3] Op 18 septimber 2016 fûn ûnder grutte belangstelling de prosesje foar de tredde kear plak. Njonken de korpsen "Ons Genoegen" út Marsum en "Euterpe" út Beetstersweach, dy't al foar de tredde kear dielnamen, rûn no ek it orkest "de Keuninklikke" út Roermond mei.[4]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: