Psy-Fi

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Psy-Fi
plak en tiid
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Flagge fan Ljouwert (gemeente).png Ljouwert (gemeente)
plak Flagge fan Ljouwert.png Ljouwert (stêd)
holden yn De Griene Stjer
tiid fan it jier augustus
bysûnderheden
soarte evenemint muzykfestival
sjenre dance
bestean 2013 – no
offisjele webside
www.psy-fi.nl

Psy-Fi (Ingelske útspraak: "saai-faai") is in fiifdeisk muzykfestival dat elts jier yn augustus holden wurdt yn it rekreaasjegebiet De Griene Stjer, oan 'e eastkant fan 'e Fryske haadstêd Ljouwert.[1][2] It bestiet sûnt 2013,[3] en hoewol't it hiel populêr is by fans fan psytrance, in subsjenre fan 'e dancemuzyk,[4] leit it op in tige minne namme yn guon oare fermiddens, wêrûnder dy fan natoerbeskermers en omwenjenden. Nei de dramatyske lûdsoerlêst dy't de Psy-Fi-edysje fan 2014 oant djip yn 'e Trynwâlden feroarsake,[5] rjochten guon omwenjenden de Stifting Griene Stjer Duorsum op, dy't sûnt in stikel yn 'e foet is foar de organisaasje fan it festival, en dy't it evenemint op alderhanne manearen ferbean besiket te krijen, lykas mei beswierprosedueres en rjochtsaken.[2]

Yn 2018 kamen der yn totaal 12.500 besikers[4] út 'e hiele wrâld[6] op Psy-Fi ôf, nettsjinsteande it feit dat de rjochter fiif dagen foar it begjin útspraak dien hie dat de muzyk nachts suniger set wurde moast en dat der troch festivalgongers langer net kampearre wurde mocht yn it strewelleguod.[2] De reden dêrfoar wie om beskerme bistesoarten dy't yn De Griene Stjer foarkomme, lykas de wetterpipermûs en de heidekikkert, te ûntsjen.[2] Yn in oare saak, dy't oanspand wie troch Griene Stjer Duorsum en wêryn't beswier makke waard tsjin it feit dat de organisaasje fan Psy-Fi mei ynbegrip fan op- en ôfbouperioades suver de hiele moanne augustus eksklusyf oer De Griene Stjer beskikke koe, die de rjochter útspraak yn it foardiel fan it muzykfestival.[2]

Op tiisdei 14 augustus, noch foar it begjin fan it festival, die lykwols bliken dat Psy-Fi him net oan 'e útspraak fan 'e rjochter hold, en dat der dochs sa'n 1.000 tinten yn it strewelleguod opslein wiene. Neffens Wiebe Kootstra fan Psy-Fi koe dat net oars om't der te min romte wie. De Gemeente Ljouwert griep lykwols net hanthavenjend yn: boargemaster Ferd Crone stjoerde in lulk brief oan Kootstra en liet it dêrby, om't yngripen neffens him de iepenbiere oarder en de feilichheid yn gefaar bringe soe. Op 15 augustus ljochte Crone de Provinsje Fryslân yn. Dy stjoerde daliks amtners dy't fêststelden dat de strûken yndie fol tinten stiene. Dêrop kaam deputearre Sander de Rouwe op 16 augustus sels del en op 17 augustus lei de provinsje Psy-Fi in twangsom fan €10.000 op: foar 18.00 oere op sneon 18 augustus moasten de tinten tusken de strûken wei wêze. Kootstra lape dat befel oan syn lears, om't er dat neffens him allinnich mar foarinoar krije koe troch it festival healwei ôf te brekken. It gefolch wie dat de provinsje oan Psy-Fi in boete fan €10.000 útskreau. Psy-Fi stapte nei de rjochter. De rjochtsaak begûn heal septimber.[7][8]

Psy-Fi hie yn 2018 as ûndertitel A Shamanic Experience, "In Sjamanistyske Underfining". It stie dêrom alhiel yn it teken fan it sjamanisme, foarâlderferearing en oare aspekten fan natoerreligyen.[1] It festival waard yn ferbân dêrmei iepene mei in rituële seremoanje dy't útfierd waard troch de Inûyt-sjamaan Angaangaq Angakkorsuaq út Grienlân en trije fan syn amtsgenoaten: in lânseigen sjamaan út Meksiko, in Yndiaanske medisynfrou út Noard-Amearika en in sjamaan fan 'e Maoary út Nij-Seelân.[1] Nei ôfrin fan it festival levere Psy-Fi it terrein nei eigen sizzen skjinner op as dat se it yn besit nommen hiene; der wiene doe allinnich al 16 jiskepûden fol sigarettepeuken opsocht dy't ôfkomstich wiene fan oare festivals (lykas Welcome to the Village en Promised Land).[4] Fierders waarden ek alle kartonnen fuortsmytbekers, boarden, servetten en taffelreau opsocht. Foar de Ljouwerter Krante oer oppenearre de organisaasje om tenei mar in ôfwaskmasine oan te skaffen om ierdewurken servysguod en metalen taffelsreau (dat wer ynlevere wurde koe) skjin te meitsjen, mei't biologysk ôfbrekber spul net goed genôch wie.[4]

Heal july 2019 makke de organisaasje fan Psy-Fi bekend dat 2019 it lêste jier wie dat it evenemint yn De Griene Stjer holden wurde soe,[9] om't it fanwegen alle regels en beheinings "net mear mooglik [wie] om yn Ljouwert in grut ynternasjonaal festival te organisearjen."[9] Dêrmei waard de skuld fierhinne by de Gemeente Ljouwert lein. Dy reägearre yn 'e persoan fan wethâlder Sjoerd Feitsma yrritearre en neamde it "gelul" dat de gemeente net genôch meiwurke hie. Krektoarsom, de gemeente hie alles dien dat mooglik wie om Psy-Fi te geriven.[10] Foar de organisaasje fan it evenemint wie in nije edysje yn De Griene Stjer lykwols "definityf gjin opsje."[10] It muzykfestival woe wol troch, mar hie noch gjin nije lokaasje fûn.[10] De Stifting Griene Stjer Duorsum (GSD) reägearre skeptysk op it nijs. "Earst sjen, dan leauwe," sei foarsitter Theo van Gelder. Neffens him hie de organisaasje fan it festival al twa kear earder oankundige út Ljouwert wei te gean.[11]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 Haagsma, Jacob, Psy-Fi geopend met sjamanenceremonie, yn: de Ljouwerter Krante, 16 augustus 2018, s. 13.
  2. 2,0 2,1 2,2 2,3 2,4 Walthaus, Asing, Psy-Fi: muziek zachter en uit de bosjes blijven, yn: de Ljouwerter Krante, 10 augustus 2018, s. 3.
  3. Ynformaasje oer Psy-Fi op Festivalinfo.nl.
  4. 4,0 4,1 4,2 4,3 Koen, Wietske, Vaatwasser en wasmachine bij volgende editie van Psy-Fi, yn: de Ljouwerter Krante, 22 augustus 2018, s. 29.
  5. ——, Psy-Fi jaagt vogels angst aan, yn: de Ljouwerter Krante, 27 desimber 2014.
  6. Vlies, Marscha van der, Zoeken naar sprookjes en knuffels, yn: de Ljouwerter Krante, 15 augustus 2018, s. 27.
  7. Vries, Atze Jan de, Rel om 1000 tenten Psy-Fi, yn: de Ljouwerter Krante, 12 septimber 2018, s. 1.
  8. Vries, Atze Jan de, Psy-Fi vecht boete van provincie aan, yn: de Ljouwerter Krante, 12 septimber 2018, s. 18.
  9. 9,0 9,1 Haar, Patrick van 't, Dancefestival Psy-Fi stopt na 2019 yn Leeuwarden, yn: de Ljouwerter Krante, 18 july 2019, s. 1.
  10. 10,0 10,1 10,2 Haar, Patrick van 't, Psy-Fi: nog geen nieuwe locatie, yn: de Ljouwerter Krante, 18 july 2019, s. 3.
  11. Bosma, Willem, Actiegroep GSD wil eerst zien, dan geloven dat Psy-Fi vertrekt, yn: de Ljouwerter Krante, 19 july 2019, s. 3.