Bernard Slicher van Bath

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Bernard Hendrik Slicher, bekend as Bernard Hendrik Slicher van Bath (Ljouwert, 12 febrewaris 1910Wageningen, 27 septimber 2004) wie in Nederlânse histoarikus, spesjalisearre yn agraryske skiednis. Syn fan wie offisjeel Slicher, mar doe't er titulêr hear fan it Siuwske Bath waard nei de dea fan syn pake, heakke er van Bath offisjeus oan syn namme ta.[1]

Bernard Slicher van Bath studearre oan de Ryksuniversiteit Grins en de Universiteit Utert en promovearre yn 1945 bij Jan Romein te Amsterdam op Mensch en Land in de Middeleeuwen. Bijdrage tot een geschiedenis der nederzettingen in Oostelijk Nederland. Hy wurke dêrnei yn it argyfwêzen, as heechlearaar yn Grins, by de Lânbouhegeskoalle Wageningen en, nei syn pinsjoenearring, oan de Ryksuniversiteit Leien (1976-1981) en oan de Katolike Universiteit Nimwegen. Slicher van Bath syn meast bekende wittenskiplik wurk is it gesachhawwende De agrarische geschiedenis van West-Europa 500-1850 uit 1960.

Yn 1974 krige Bernard Slicher van Bath de Priis foar Masterskip. Hy stoar mei 94 jier yn syn went te Wageningen.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strik en bef fan Slicher van Bath yn it Grinzer Universiteitsmuseum
  • B.H. Slicher van Bath: Mensch en land in de Middeleeuwen. Bijdrage tot een geschiedenis der nederzettingen in oostelijk Nederland. 2 Dielen. Assen, 1944.
  • B.H. Slicher van Bath: Een samenleving onder spanning. Geschiedenis van het platteland in Overijssel. 1956
  • B.H. Slicher van Bath: De agrarische geschiedenis van West-Europa (500-1850). 6e printinge. Utert, 1987. (1e pr. 1960) ISBN 90-274-5319-5 (5e pr.), ISBN 90-274-1821-7 (6e dr.)
  • B.H. Slicher van Bath: De bezinning op het verleden in Latijns-Amerika, 1493-1820. Auteurs, verhalen en lezers. 1988. ISBN 90-801871-8-6
  • B.H. Slicher van Bath: Leven met het verleden. Grins, 1998. ISBN 90-801871-9-4

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Artikel yn it Biografysk Wurdboek, prof. dr. P. Kooij