Syt Palma

Ut Wikipedy
Syt Palma
persoanlike bysûnderheden
echte namme Syta Bakker-Palma
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 1936
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt ûnderwizeresse
aktyf as oersetster
jierren aktyf 2010 – no
bekendste
  wurk(en)
In Wrâldreis yn Tachtich Dagen
De Pest
In Reis nei de Moanne

Syt Palma (folút: Syta Bakker-Palma; 1936) is in Frysk ûnderwizeresse en oersetster.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Palma helle har ûnderwiisdiploma's oan 'e kweekskoalle te Dokkum, dêr't hja yn 'e kunde kaam mei har doetiidske klasgenoat en de lettere nearlandikus Sybe Bakker, mei wa't hja troude en fjouwer bern (en ûnderwilens ek al fjouwer bernsbern) krige. Palma stie nei har stúdzje oan in ferskaat fan skoallen, fan basisûnderwiis oant Fuortset Wittenskiplik Underwiis, wêrûnder fyftjin jier oan it Gomarus Kolleezje te Grins. Dêrby ferskode har wurkmêd stadichoan fierder nei de Frânske taal. Hja behelle dêryn it twadde- en earstegraads foech, en studearre yn 1995 oan 'e Universiteit fan Utert ôf mei in skripsje oer de skriuwer Albert Camus. Yn 2000 helle Palma ek noch it doktoraal eksamen Frysk oan 'e Ryksuniversiteit Grins.

Njonken har wurk fersoarget Palma ynboargeringslessen foar froulju út Aazje, Afrika en Súd-Amearika. Teffens wie hja tsien jier lang wurksum as begeliedster fan Frânsktalige asylsikers en tolk-oersetter yn Ingelsk-Frânske tsjerketsjinsten foar asylsikers. Ek is se as frijwillichster belutsen by de Fûgelbeskerming.

Om 2008 hinne waard Palma út namme fan it Nederlânske Jules Verne Genoatskip frege om Le Tour du Monde en Quatre-vingts Jours yn it Frysk oer te setten. Dy fertaling kaam yn 2010 út (by it Jules Verne Genoatskip te Doardt) ûnder de titel In Wrâldreis yn Tachtich Dagen. Palma krige de smaak te pakken, en besleat ek de roman La Peste, fan Camus, oer te setten. It resultaat, De Pest, waard yn 2012 publisearre troch Utjouwerij Elikser te Ljouwert. Sawol fan Verne as fan Camus wie Palma harres de earste oersetting yn it Frysk. Yn 2015 kaam by Elikser in trêde oersetting fan 'e Palma har hân út, diskear fan Verne syn De la Terre à la Lune, ûnder de titel In Reis nei de Moanne.

Oersettings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: