Springe nei ynhâld

In Wrâldreis yn Tachtich Dagen

Ut Wikipedy
In Wrâldreis yn Tachtich Dagen
De foarside fan 'e Fryske oersetting, útjûn troch it (Nederlânske) Jules Verne Genoatskip yn 2010.
De foarside fan 'e Fryske oersetting, útjûn troch it (Nederlânske) Jules Verne Genoatskip yn 2010.
algemiene gegevens
oarspr. titel Le Tour du monde en quatre-vingts jours
auteur Jules Verne
taal Frânsk
foarm roman
sjenre aventoereroman
1e publikaasje 1872, Parys
oarspr. útjwr. Pierre-Jules Hetzel
rige
rige Voyages Extraordinaires
● foarich diel Le Pays des Fourrures
● folgjend diel L'Île Mystérieuse
oersetting nei it Frysk
Fryske titel In Wrâldreis yn Tachtich Dagen
publikaasje 2010, Doardt
útjouwer Jules Verne Genoatskip
oersetter Syt Palma
ISBN oers. 978-9 07 83 63 163

In Wrâldreis yn Tachtich Dagen, yn it oarspronklike Frânsk: Le Tour du monde en quatre-vingts jours, is in aventoereroman fan 'e hân fan 'e ferneamde Frânske skriuwer, toanielskriuwer, dichter, essayist en publisist Jules Verne (1828-1905). Dit boek waard foar it earst publisearre yn 1872, as fúljeton yn it Frânske tydskrift Le Temps. It ferhaal giet oer de eksintrike Ingelske hear fan stân Phileas Fogg en dy syn noch mar krekt oannommen Frânske liiffeint Passepartout, dy't om in weddenskip te winnen besykje om yn tachtich dagen om 'e wrâld te reizgjen.

Le Tour du monde en quatre-vingts jours is Verne syn meast ferneamde wurk en wurdt rûnom beskôge as in klassiker fan 'e Frânske en bredere njoggentjinde-iuwske literatuer. It is troch de jierren hinne adaptearre ta in ferskaat oan oare sjenres, wêrûnder film, tillefyzje, harkspul, toaniel en musical. Ek is der in boerdspultsje op basearre en sels in ferdivedaasjepark (Worlds of Fun, yn Kansas City, yn 'e Amerikaanske steat Missoery). De Fryske oersetting fan Syt Palma, útjûn troch it Jules Verne Genoatskip, kaam út yn 2010.

Phileas Fogg is in eksintrike Ingelske hear fan stân, dy't in fierhinne in solitêr liedt en allinne mar omgiet mei de oare leden fan 'e Reform Club, in feriening dy't bestiet út leden fan 'e Londenske elite. Hy libbet syn libben mei hast wiskundige sekuerens, en hat koartby syn liiffeint James Foster ûntslein om't dy him skearwetter brocht mei in temperatuer fan 29° C ynstee fan 30° C. As ferfanger fan Foster hat er de Frânsman Jean Passepartout oannommen.

It ferhaal begjint op tiisdei 1 oktober 1872, as Fogg op 'e Reform Club in mieningsferskil kriget mei guon oare leden oer in krante-artikel yn 'e Daily Telegraph, wêryn't steld wurdt dat men, troch de yngebrûknimming fan in nij stik spoar yn Britsk-Ynje, no yn tachtich dagen om 'e wrâld reizgje kin. Fogg is it mei de skriuwer fan dat stik iens, mar de oare leden fan 'e klub fine it in healwize bewearing. Uteinlik slút Fogg in weddenskip mei harren om £20.000 (yn hjoeddeistich jild sa'n £1,6 miljoen) dat hy yn tachtich dagen om 'e wrâld reizgje kin.

Alsa set Fogg de oare deis, op woansdei 2 oktober 1872, de jûns om kertier foar njoggenen, yn it selskip fan Passepartout út Londen ôf. Om 'e weddenskip te winnen, moat er him op sneon 21 desimber 1872, jûns foàr kertier foar njoggenen wer op 'e klub melde. Se reizgje mei de trein nei de kust ta, stekke it Kanaal oer mei in fear, reizgje op 'e nij mei it spoar troch Frankryk en nimme in steamskip oer de Middellânske See nei Suëz, yn Egypte, dêr't se nei 7 dagen oankomme. Wylst se dêr oan lân geane, wurde se opmurken troch in resjersjeur fan Scotland Yard mei de namme Fix, dy't út Londen wei útstjoerd is op 'e siik nei in bankrôver. Om't Fogg as twa drippen wetter op 'e sochte misdiediger liket, sjocht Fix him dêrfoar oan. Hy besiket om in arrestaasjebefel tsjin Fogg te krijen, mar rêdt dat yn 'e beskikbere tiid net op, en boekt dan ek mar in reis op it steamskip dat Fogg en Passepartout fan Egypte fia de Reade See en de Arabyske See nei Bombay yn Britsk-Ynje bringt, dêr't se 13 dagen letter oankomme. Underweis soarget Fix derfoar dat er mei Passepartout yn 'e kunde komt sûnder dat er syn eigen missy oan 'e Frânsman ferret.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Fogg is tige optimistysk, om't se by har oankomst yn Ynje al twa dagen foarlizze op it skema dat er yn 't foar útwurke hie. Yn Bombay nimme se de trein dwers troch it Yndiaaske subkontinint nei Kalkutta, oan 'e eastkust, mar ûnderweis docht bliken dat it artikel yn 'e Daily Telegraph it by it ferkearde ein hie: it spoar is noch net ôf, en healwei ûntbrekt der in stik fan 50 myl tusken Kholby en Allahabad. Unferfeard keapet Fogg in oaljefant, hiert er in gids yn en set sa ôf nei Allahabad, fol selsfertrouwen dat er mei de earder wûne tiid syn wrâldreis dochs noch yn tachtich dagen folbringe kin.

Underweis komme se in prosesje tsjin dy't in jonge Yndiaaske frou, Aouda, nei de kremaasje fan har man ta bringt om as ûnderdiel fan 'e ferbeane praktyk fan sûttiïsme of widdoferbrâning op 'e brânsteapel fan har man libben meikremearre te wurden. Om't hja bedwelme is mei opium en dúdlik net frijwillich oan dat ritueel meiwurket, beslute Fogg en Passepartout om har te rêden. Se folgje de prosesje nei it plak fan 'e kremaasje, dêr't Passepartout it plak ynnimt fan Aouda har ferstoarne man. As de deade healwei de seremoanje oereinkomt, wurde de brachmaanske preesters en it roufolk dêr rare kjel fan, wat Passepartout by steat steld om mei Aouda yn 'e earms fan ruten te spyljen. Hoewol't se mei dit útstapke frijwat tiid ferlern hawwe, spyt it Fogg en Passepartout neat.

De omslach fan 'e earste edysje út 1873.

De reizgers hastigje har nei Allahabad ta, dêr't se de trein nei Kalkutta nimme mei Aouda by har. It docht bliken dat it fanke in fier famyljelid yn Hongkong hat, en sadwaande beslute se har mei te nimmen dêrhinne. Yn 'e haven fan Kalkutta, dêr't se 3 dagen nei har oankomst yn Bombay arrivearje, boeke se in reis op steamskip, mar foar't dat ôfsette kin, wit Fix in arrestaasjebefel te bemachtigjen en lit er Fogg en Passepartout oppakke. Nei't se op boarchtocht frijkommen binne, naaie se út troch har daliks yn te skypjen op it steamskip, dat har yn 13 dagen oer de Golf fan Bingalen nei it suden, troch de Strjitte fan Singapoer en om it skiereilân Malakka hinne, en dan oer de Súdsineeske See nei it noarden nei Hongkong ta bringt. Fix kin net oars as harren wer folgje, dat hy boekt in reis op itselde skip, dêr't Passepartout alhiel feringele is om syn maat fan 'e reis fan Egypte nei Bombay wer te treffen.

Yn Hongkong komt oan it ljocht dat Aouda har famyljelid dêrwei emigrearre is, mooglik nei Nederlân, dat Fogg beslút om it fanke mei te nimmen nei Jeropa. Hoewol't er op 'e nij sûnder arrestaasjebefel sit, sjocht Fix Hongkong as syn lêste kâns om Fogg op Britsk grûngebiet op te pakken. Underwilens is Passepartout derfan oertsjûge rekke dat Fix in spion is dy't troch de oare leden fan 'e Reform Club stjoerd is om Fogg yn 'e tsjillen te riden. As Fix him dan einlings yn fertrouwen nimt en ferteld oer syn jacht op 'e bankrôver, leaut Passepartout der neat fan. Om foar te kommen dat Passepartout syn master oer de foarútskode ôffeart fan harren folgjende skip fertelle kin, soarget Fix derfoar dat er de feint dronken kriget, en tsjinnet er him dan dêropta ek nochris opium ta. Likegoed slagget it Passepartout dochs noch om sels it steamskip nei Yokohama te heljen.

Fogg wit lykwols fan neat, en mist letterlik en figuerlik de boat. Hy siket nei in oar skip dat him en Aouda nei Japan ta bringe kin, en reizget úteinlik yn 6 dagen mei in wurkboat oer de Súdsineeske See nei Sjanghai, dêr't se in oansluting krije kinne op in passazjiersskip oer de Eastsineeske See nei Yokohama. Yn Japan arrivearre, fine se Passepartout werom, dy't dêr jild foar syn thúsreis oan it byinoar garjen is mei wurk yn in sirkus. Trijeresom nimme se in steamskip dat har yn 22 dagen oer de Stille Oseaan nei it Amerikaanske San Fransisko ta bringt. Fix is ek wer op itseldichste skip oanwêzich, mar hy ûnthjit Passepartout no dat er helpe sil om harren sa fluch mooglik werom te krijen nei Jeropa, mei't er yn it bûtenlân gjin jurisdiksje hat.

Yn San Fransisko nimme de fjouwer reizgers de trein oer it transkontinintale spoar nei New York, mar ûnderweis komme se ferskate obstakels tsjin. Earst belet in ûnbidige keppel bizons de trein de trochgong, dan komme se foar in ynsakke spoarbrêge te stean, en úteinlik wurde se oanfallen troch -krigers. Passepartout wurdt troch de Yndianen finzen nommen, mar Fogg wit him te rêden mei help fan 'e Amerikaanske kavalery. Se reizgje mei in slide dy't tarist is mei in seil fierder nei Omaha, dêr't se in oare trein nei de eastkust nimme. Se arrivearje yn New York 7 dagen nei't se yn San Fransisko oan lân kommen binne.

Om't se op 'e nij de boat mist hawwe, sjocht Fogg yn New York om nei in oar steamskip om 'e Atlantyske Oseaan mei oer te stekken. Hy fynt in skip dat as bestimming it Frânske Bordeaux hat. De kaptein wegeret om Fogg-en-dy ôf te setten yn Liverpool, dat Fogg leit him nei't it skynt del by in reis nei Bordeaux, en boekt passaazje op it skip foar $2.000 (yn hjoeddeistich jild rûchwei $39.600) per persoan. Sadree't se ûnderweis binne, keapet er lykwols de bemanning om om yn opstân te kommen tsjin 'e kaptein en koerts te setten nei Liverpool. Om't se mei folle krêft tsjin winen mei orkaankrêft ynfarre, rekket nei in pear dagen de branje op. Dêrop keapet Fogg it skip fan 'e kaptein en lit er de bemanning alle houten ûnderdielen ferstoke.

De Frysktalige stripbewurking fan it boek, yn 2016 publisearre troch Utjouwerij Regaad.

It selskip lânet te Queenstown, it hjoeddeistige Cobh, yn Ierlân, wêrwei't se har nei Liverpool bejouwe. Fix bemachtiget in nij arrestaasjebefel en lit Fogg yn 'e hechten sette, mar de betizing is dan gau opklearre, mei't de echte bankrôver trije dagen earder al yn Edinburch oppakt is. Troch it opûnthâld hawwe Fogg-en-dy lykwols de trein nei Londen mist, sadat Fogg úteinlik 9 dagen nei't er yn New York skipgien is, yn syn wenplak weromkeard, fiif minuten te let, sa mient er, om 'e weddenskip te winnen.

Fogg ûntskuldiget him foar Aouda oer, om't er syn hiele fortún oan 'e wrâldreis ferpankoekbakt hat, sadat er no yn earmoede libje moatte sil en har net ûnderhâlde kin. Dêrop bekent Aouda lykwols dat se fereale op him wurden is, en freget se him om mei har te trouwen. As Passepartout der de oare deis op út stjoerd wurdt om in dûmny te sykjen, kriget er dêrby foar it ferstân dat it net snein 22 desimber is, sa't Fogg en hy mienden, mar sneon 21 desimber: om't se nei it easten ta reizge binne, tsjin 'e tiid yn, hawwe se in dei wûn (wylst se as se westoan gien wiene in dei ferlern hawwe soene). Dit betsjut dat de weddenskip noch altyd wûn wurde kin, mar dan moat der wol oanmakke wurde. Passepartout hastiget him nei hûs ta om Fogg te warskôgjen, dy't dan halje-trawalje nei de Reform Club jachtet, dêr't er op it nipperke oankomt en de weddenskip wint. It boek einiget mei de trouwerij fan Fogg en Aouda.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske oersetting fan Le Tour du Monde en Quatre-vingts Jours waard yn 2010 publisearre ûnder de titel In Wrâldreis yn Tachtich Dagen. It boek waard mei stipe fan 'e Douwe Kalma Stifting útbrocht troch it Nederlânske Jules Verne Genoatskip te Doardt, ûnder einredaksje fan Garmt de Vries-Uiterweerd, de foarsitter fan dy organisaasje. Neffens it wurd foarop, skreaun troch Pyt Akkerman, hie it Jules Verne Genoatskip sels it inisjatyf nommen om ta in Fryske oersetting te kommen. Dêrta waard as fertaalster Syt Palma oanlutsen, dy't neitiid noch mear romans út it Frânsk nei it Frysk ta oerbringe soe, wêrûnder In Reis nei de Moanne, ek fan Verne, en De Pest, fan Albert Camus.

Yn 2016 brocht Utjouwerij Regaad fierders in Frysktalige stripbewurking fan Le Tour du Monde en Quatre-vingts Jours út, dy't ek de titel In Wrâldreis yn Tachtich Dagen krige. De tekstbewurking wie fan Bert-René Luimstra en it tekenwurk fan striptekener Roelof Wijtsma.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Verne, Jules, In Wrâldreis yn Tachtich Dagen (oers. Syt Palma), Doardt, 2010 (Jules Verne Genoatskip), ISBN 978-9 07 83 63 163.
  • Verne, Jules, In Wrâldreis yn Tachtich Dagen (stripferzje; tekstbewurking Bert-René Luimstra, plaatsjes Roelof Wijtsma), Grins, 2016 (Utjouwerij Regaad), ISBN 978-9 08 21 97 037.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Footnotes, op dizze side.