Springe nei ynhâld

Éditions Gallimard

Ut Wikipedy
Éditions Gallimard
algemien
hist. namme Les Éditions de la Nouvelle
   Revue Française (NRF)
nasjonaliteit Frânsk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier Parys (Frankryk)
oprjochte 1911
oprjochter Gaston Gallimard
dochters sjoch ûnder ymprints
offisjele webside
www.gallimard.fr

Éditions Gallimard (útspr.: [edi'ʃõ ɡali'ma:ʀ]) is ien fan 'e meast foaroansteande Frânske útjouwerijen, dy't fêstige is yn Parys. It bedriuw waard yn 1911 oprjochte troch útjouwer Gaston Gallimard (1881-1975), ûnder de namme fan Les Éditions de la Nouvelle Revue Française (NRF), in namme dy't troch Gallimard noch altiten brûkt wurdt as in soarte fan ymprint.

De Britske kwaliteitskrante The Guardian hat Éditions Gallimard omskreaun as de útjouwerij mei "de bêste fûnskatalogus fan 'e wrâld." Yn 2003 allinnich al publisearren Gallimard en syn ymprints 1.418 nije titels. Yn 2012 naam de útjouwerij konkurrint Groupe Flammarion oer fan 'e RCS MediaGroup.

  • Éditions Denoël
  • Les Éditions du Mercure de France
  • Nouveaux Loisirs (toeristyske gidsen)
  • Groupe Flammarion
  • Futuropolis
  • Gallimard Jeunesse (berneboeken)
  • P.O.L. (wêryn't Gallimard in mearderheidsbelang fan 88% hat)
  • Les Éditions de la Table Ronde
  • Bibliothèque de la Pléiade
  • Découvertes Gallimard (en)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.