Abdij fan Prüm

Ut Wikipedy
Abdij fan Prüm
Wapen
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
plak Prüm
koördinaten 50° 12' N 6° 25' E
Kleastergegevens
bisdom Trier
oarde Benediktinen
Kaart
Abdij fan Prüm (Rynlân-Palts)
Abdij fan Prüm

De abdij fan Prüm is in benediktynsk kleaster yn Prüm yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sandalen fan Kristus.

De earste stifting yn 721 troch Bertrada de Aldere en Charibert fan Laon mei muontsen út it kleaster Echternach mislearre. Bertrada wie de oerbeppe fan Karel de Grutte. Troch de heit en mem fan Karel de Grutte, Pepyn de Koarte en syn frou Bertrada de Jongere, waard de abdij yn 752 mei Benediktynske muontsen befolke op 'e nij stifte. Pepyn liet it kleaster mei muontsen út it Sint-Fiakriuskleaster yn Meaux by Parys befolkje en joech it kleaster de wichtichste reliken, dy't noch jimmeroan troch de abdij bewarre wurde. Ut tank foar syn help by de stifting fan de tsjerkesteat hie Pepyn nammentlik fan paus Zacharias dielen fan 'e sandalen fan Kristus krige. De abdij en de tsjerke waarden opdroegen oan de Allerhillichste Ferlosser - Sint-Salvator. Dy namme seit al dat Prüm yn dy tiid de wichtichste abdij fan it Ryk wie. As hûskleaster hat de abdij altiten ferbûn west mei it Karolingyske Hûs. Nei't Lotarius I him as keizer werom loek, wenne er syn lêste dagen yn 'e abdij, dêr't er yn 'e tsjerke ek begroeven waard.

De Sint-Salvatortsjerke waard yn 799 troch paus Leo III yn oanwêzigens fan Karel de Grutte wijd. Syn pakesizzer, keizer Lotarius I, soe nei de dieling fan Prüm sels yn it kleaster tatrede, mar hy ferstoar al gau dêrnei.

It liber aureus.

Yn it jier 882 oerfoelen Wytsings de abdij en by dy oerfal waarden de gebouwen en de bibleteek yn 'e brân stutsen, wêrby 90% fan alle manuskripten ferlern gyngen. Tsien jier letter folge in twadde oerfal fan Wytsings. De muontsen flechten doe nei Dasburg. Yn 'e tiid fan 891 oant 919 ûntstie it Liber aureus fan Prüm, de belangrykste dokumintesamling út de Karolingyske tiid dy't yn it Rynlân bewarre bleaun is.

De abdij krige yn 1222 fan keizer Freark II de status fan in foarstedom.

De samling manuskripen fan de abdij gie yn 1511 by in transport folslein ferlern. De omstannichheden oer it hoe en wat binne net bekend. Allinne de kroniken fan Regino fan Prüm en de muonts Wandelbert binne as ôfskrift fan de midsiuwske Prümer manuskripten bewarre bleaun, om 't dy flak foar dy tiid yn oare kleasters kopiearre binne.

De abdij waard yn it jier 1576 tsjin it sin fan de abdij by it karfoarstedom Trier yndield nei de lêste foarst-abt Christoph fan Manderscheid-Kayl dat jier stoar en de aartsbiskop Jakob III fan Eltz himsels yn Prüm as opfolger beneamde. It eardere besit fan it kleastser waard sûnt yn Trier as Amt Prüm bestjoerd. Yn 'e 18e iuw folge ûnder karfoarst Franz Ludwig von Pfalz-Neuburg de nijbou fan de kleastertsjerke. Under karfoarst Franz Georg fan Schönborn waarden healwei de 18e iuw ek de kleastergebouwen troch nijbou ferfongen.

Mei de besetting fan 'e lofter Rynkant troch de Frânske troepen yn 1794 kaam oan it âlde allegear in ein. De abdij waard sletten en de muontsen waarden ferdreaun. De abdijgebouwen waarden sûnt troch ferskillende gemeenten brûkt en hjoeddedei is der in skoalle yn ûnderbrocht. De abdijtsjerke waard yn 1802 de parochytsjerke fan Prüm.

Kleastergebouwen.

By de ôfbraak fan it âlde heechalter waarden yn 1860 de bonken fan keizer Lotarius I weromfûn. Mei finansjele help fan keizer Wilhelm I waard yn 'e tsjerke yn 1874-1875 in grêfmonumint foar him set. De Prümer dokters en apotekers joegen yn 1891 in nije relykskryn foar de hillige Trije Dokters. Yn 1896 waard in kostbere skryn foar de sandalen fan Kristus skonken. De tsjerke krige yn 1927 it hjoeddeiske barokke alter, dat oarspronklik yn 'e karmelitetsjerke fan Bad Kreuznach stie.

Yn 'e Twadde Wrâldoarloch namen optsjende alliearde troepen sûnt 16 septimber 1944 Prüm ûnder fjoer. De bombardeminten boazen fral nei 23 desimber (Ardinnenoffinsyf) oan en de abdijgebouwen rekken earnstich skansearre. Op 'e krystjûn fan 1945, in oere foar de nachttsjinst, stoarte as gefolch fan 'e oarloch it ferwulft fan it midden- en it rjochter sydskip yn.

De weropbou fan 'e tsjerke wie foar it measte yn 1950 dien. Tagelyk krige de tsjerke doe fan paus Pius XII de titel basilica minor pontificia. Oant 1952 waard der wurke oan de weropbou fan 'e kleastergebouwen.

Belang[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It besit fan 'e abdij wie ûnbidich en lei fan 'e Ryn oant yn Bretanje en de Nederlannen. Hûnderten plakken yn 'e Eifel, oan 'e Ahr, op 'e Taunus, yn 'e omkriten fan Sankt Goar, yn Frankryk, yn Belgje en yn Nederlân waarden foar it earst yn it urbarium fan Prüm neamd, it register mei besittings fan 'e abdij.

Om al dat besit te bestjoeren hie de abdij fan Prüm fâldijen en filiaalkleasters yn bygelyks Revin (Frankryk), Güsten by Jülich, Münstereifel, Kesseling en Altrip.

Ferneamd wie de abdij ek fanwegen de kleasterskoalle, dêr't de soannen fan 'e Karolingyske adel ûnderwiisd waarden. Neffens in oarkonde út 762 hie de abdij ek in hospitaal foar earmen, in ferpleechhûs dêr't earme, lichaamlik beheinde minsken fersoarge waarden. Guon bleaune dêr in libben lang en moasten yn ruil foar de soarch passende putsjes útfiere, lykas it lieden fan klokken. Yn it hospitaal waarden ek earme minsken foar in koartere tiid fersoarge.

Bûten Lotarius I hawwe mear Karolingen foar in koarter of langer skoft yn 'e abdij wenne:

  • Pepyn de Bultige (in soan fan Karel de Grutte), † 811 yn Prüm.
  • Karel de Keale, de earste kening fan Frankryk. Hy waard yn 'e âldens fan sân jier nei Prüm ferballe en yn 'e kleasterskoalle foarme.
  • Hugo (soan fan Lotarius II), † 895 yn Prüm.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Abtei Prüm