Sankt Goar

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Sankt Goar
Sankt Goar, útsicht op de stêd.jpg
Sifers
Ynwennertal 2713 (31 december 2013)
Hichte 74 meter boppe seenivo
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Rynlân-Palts
Regio Hunsrück
Stedsyndieling Boppard
Oar
Postkoade 56329
Webside http://www.st-goar.de

Sankt Goar is in stêd yn it Rhein-Hunsrück-Kreis yn Rynlân-Palts oan de loftse kant fan de Middelryn. De stêd heart by de Verbandsgemeinde Sankt Goar-Oberwesel.

De stêd[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

DEU Sankt Goar COA.svg

Sankt Goar tanket syn namme oan de hillige Goar, in preester út Akwitaanje dy't hjir in klûs stifte.

It plak is in wichtich toeristysk sintrum yn it UNESCO-wrâlderfskip Boppe Midden-Ryndelte. Boppe de stêd leit it ymposante kompleks fan de boarch Rheinfels. Oan de oare kant fan de Ryn leit de susterstêd Sankt Goarshausen mei de boargen Katz en Maus. In oerset oer de Ryn soarget foar de ferbining mei de susterstêd fan Sankt Goar. Tichteby leit de stream mei it útsicht op de legindaryske Loreley, in hege rots dy't oan de oare kant fan de Ryn opriist.

Ta Sankt Goar hearre ek de doarpen Biebernheim, Werlau en de buorskippen Fellen en An der Loreley.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De boarch Rheinfeld leit boppe de stêd en waard yn 1245 troch de greve fan Katzenelnbogen stifte. De boarch waard útboud ta in fêsting en waard it grutste ferdigeningwurk yn de Middenryndelte en wie in foarbyld foar de bou fan boargen yn it Dútske Ryk. Oan it ein fan de 18e iuw fernielden Frânske troepen de fêsting. Dêrnei waard de ruïne brûkt foar de winning fan boumaterjaal. Yn 1843 wist prins Wilhelm fan Prúsen, de lettere keizer Wilhelm I, de boarch yn syn besit te krijen en sa bleau it bouwurk foar fierdere delgong bewarre. Sûnt 1925 is de gemeente Sankt Goar eigner fan de boarch, dy't hjoeddedei as hotel en restaurant tsjinnet. Dêrnjonken is der yn de boarch in museum ûnderbrocht.

De oan de hillige Goar wijde protestanske stiftstsjerke yn it sintrum fan de stêd is in tsjerke mei romaanske en goatyske ynfloeden. De romaanske krypt datearret út it lêste stik fan de 11e iuw. Yn de trijebeukige goatyske tsjerke binne muorrebeskilderingen út de 2e helte fan de 15e iuw te sjen.

De roomske Sint-Goartsjerke is in neogoatysk bouwwurk út de 19e iuw. De toer fan de tsjerke is in ûnderdiel fan de âlde stedsbemuorring fan Sankt Goar. Yn de tsjerke is in goatyske sark fan de hillige goar en it altaar hat in letgoatysk altaar, dat út de yn 1800 ôfbrutsen Sint-Pitertsjerke fan Frankfurt ôfkomstig is.

ôfbyldings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]