Springe nei ynhâld

Lorelei

Ut Wikipedy
De Loreley
Loreley

De Loreley of Lorelei is in 132 meter hege rots oan de rjochterouwer fan de Ryn by it Dútske plak Sankt Goarshausen (tusken Koblenz en Wiesbaden) yn de dielsteat Rynlân-Palts.

Yn de skiednis binne in soad skippen by de Lorelei ferûngelokke. De Ryn, dy't mei in skerpe bocht om de rots hinne slingeret, is op dat punt op syn smelst (mar 113 meter), mar mei 25 meter ek op syn djipst. Boppedat stiet der in gefaarlike streaming. Hoewol't de gefaarlikste stikken fan de Loreley al yn de jierren trittich weihelle binne, wurdt de skipfeart ek hjoed-de-dei noch foar de passaazje warskôge. De Loreley wurdt alle jierren troch in soad toeristen beklommen. Op de rots leit in útsjochpunt.

De Loreley heart ta it UNESCO-wrâlderfgoed Cultuurlandschap Oberes Mittelrheintal.[1]

Lorelei ôfbyld troch Johann Köler, 1887

Neffens in leginde soe boppe-op Loreley in sjongende nimf mei gouden hierren sitten hawwe dy't mei har gesang de skippers ôfliede, sadat se tsjin dizze rots farden. Dat is itselde tema dat ek bekend is fan de Sirenes út de Odyssee. Underoan de Loreley stiet in stânbyld fan de nimf.

De dichter Heinrich Heine hat oer de leginde in gedicht skreaun, wêrby't ek in meldij makke waard: Ich weiß nicht was soll es bedeuten, daß ich so traurig bin. Dit liet heart noch altiten ta de populêrste fan alle Dútske lieten.

Ferskillende komponisten hawwe in opera wijd oan de Loreley-leginde, ûnder oaren Alfredo Catalani en Max Bruch.

  • It Suske en Wiske-ferhaal De snokkerjende Sirene is basearre op de leginde fan de Loreley.
  • It Reade ridder-ferhaal De Lorelei is basearre op de leginde fan de Loreley.
Loreley besjoen fan de lofter Rynouwer
Loreley besjoen fan de lofter Rynouwer

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (in) Upper Middle Rhine Valley (Unesco) Rieplachte op 16 april 2022.