Bisdom Erfurt
Bisdom Erfurt | ||
Basisgegevens | ||
Lân | Dútslân | |
Tsjerkeprovinsje | Paderborn | |
Biskopssit | Erfurt | |
Katedraal | Marijedom | |
Patroanhillige | Elisabeth, Bonifatius, Kiliaan | |
Hiemside | www.bistum-erfurt.de | |
Skiednis | ||
Oprjochting | 1994 | |
Hierargy | ||
Biskop | Ulrich Neymeyr | |
Statistyk | ||
Oerflak | 12.000 km² | |
Befolking | 1.800.000 (31.12.2018) | |
Wêrfan katolyk | 146.310 (8,1%) (31.12.2018) | |
Dekenaten | 7 (2018) | |
Parochy's | 34 2018) | |
Lokaasje bisdom Erfurt yn Dútslân. |
It Bisdom Erfurt (Latyn: Dioecesis Erfordiensis) is in roomsk-katolyk bisdom yn Dútslân. It bisdom is in suffragaan bisdom fan it aartsbisdom Paderborn en omfiemet likernôch de dielsteat Tueringen. De biskopssit is de dom fan Erfurt.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sint-Bonifatius stifte yn 742 in bisdom yn Erfurt. Dat bisdom waard lykwols al wer yn 755 opheft en by it bisdom Mainz foege. De iennige biskop fan dat bisdom wie Adalar.
Yn 'e tiid fan 'e Dutske dieling waarden yn 1973 mei in dekreet fan 'e Hillige Stoel de gebieten fan 'e bisdommen Fulda en Würzburg oan 'e East-Dútske kant fan it izeren gerdyn ûnder it nije biskoplike amt Erfurt-Meiningen ûnderbrocht. Juridysk bleaune dy gebieten lykwols ûnder de yn West-Dútslân lizzende bisdommen fallen. It biskoplike amt stie ûnder lieding fan 'e apostoalyske administrator Hugo Aufderbeck, dy't yn 1981 troch Joachim Wanke opfolge waard.
Op 8 july 1994 ferhefte paus Jehannes Paulus II mei de apostoalyske konstitúsje Quo aptius it biskoplike amt ta bisdom ûnder de tsjerkeprovinsje Paderborn. Paus Jehannes Paulus II wiisde mei de apostoalyske brief Fideles ecclesialis op 21 septimber 1994 de hillige Elisabeth fan Tueringen as haadpatroanhillige. Oare patroanhilligen fan it bisdom binne Sint-Bonifatius en Sint-Kiliaan. De earste biskop fan it bisdom waard de eardere apostoalyske administrator Joachim Wanke.
Biskoppen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1994–2012 Joachim Wanke
- 2014–Ulrich Neymeyr
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bisdom Erfurt fan Wikimedia Commons. |
Roomsk-katolike bisdommen en aartsbisdommen yn Dútslân | ||
---|---|---|
Hjoeddeistige bisdommen | Bisdom Aken • Bisdom Augsburg • Aartsbisdom Bamberg • Aartsbisdom Berlyn • Bisdom Dresden-Meißen • Bisdom Eichstätt • Bisdom Erfurt • Bisdom Essen • Aartsbisdom Freiburg • Bisdom Fulda • Bisdom Görlitz • Aartsbisdom Hamburch • Bisdom Hildesheim • Aartsbisdom Keulen • Bisdom Limburch • Bisdom Magdeburg • Bisdom Mainz • Aartsbisdom München en Freising • Bisdom Múnster • Bisdom Osnabrück • Aartsbisdom Paderborn • Bisdom Passau • Bisdom Regensburg • Bisdom Roottenburg-Stuttgart • Bisdom Spiers • Bisdom Trier • Bisdom Würzburg | |
Eardere bisdommen | Aartsbisdom Bremen • Bisdom Halberstadt • Prinsbisdom Lübeck • Bisdom Minden • Bisdom Verden | |
· · |