Springe nei ynhâld

Ecclesia en Synagoge

Ut Wikipedy
Replika's fan 'e katedraalbylden fan Ecclesia en Synagoga út Straasburch.

Ecclesia en Synagoge binne yn 'e ikonografy fan 'e Westerske keunst allegoaryske foarstellings, wêrby't Ecclesia (tsjerke) it Nije Testamint en Synagoge it Alde Testamint fertsjintwurdiget. Ek it is in foarstelling dat it Kristendom, it Nije Bûnsfolk, foar it Joadendom, it Alde Bûnsfolk oer set.

Ecclesia en Synagoge wurde útbylde as twa froulju en komme foar oan 'e portalen fan grutte midsiuwske katedralen, op âlde ramen of yn 'e 15e en 16e-iuwske skilderkeunst. Yn 'e regel waarden de bylden foar inoar oer set.

Ecclesia wurdt yn 'e regel foarsteld as in moai en grutsk frommis. As hearskeresse draacht hja in kroan en yn har hân hâldt hja in prosesjekrús. De tsjelk yn har hân symbolisearret it Nije Bûn.

Synagoge dêrfoaroer wurdt as in swak frommes mei in blyndoek ôfbylde om't hja it Wiere Leauwe net erkend. Hja draait har holle ôf en yn har iene hân hâldt hja de Wet ûndersteboppe, wylst de oare hân in brutsen skepter fêsthâldt as teken dat hja har status oan it triomfearjende Kristendom ôfstean moast. It komt ek foar dat Synagoge in torarol of in geitekop as symboal fan 'e sûndebok by har hat.

Hjoeddeiske tapassing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
In moderne Synagoga en Ecclesia.

Nei de reformaasje waarden Ecclesia en Synagoge minder yn 'e keunst tapast. Dochs ferskynden der oant yn 'e 20e iuw noch bylden fan Ecclesia en Synagoge oan tsjerken en sels yn 'e tiid nei de Twadde Wrâldoarloch, doe't de tsjerken nei bettere ferhâldings mei it joadendom sochten, binne der noch nije foarstellings fan Ecclesia en Synagoge op ruten of reliëfs makke.

Dêrfoar oer binne der ek foarstellings fan Ecclesia en Synagoge ûntstien, dy 't de ferbettere ferhâldings tusken kristenen en joaden wjerspegelje sûnder de eartiidske negative gefoelswearden. In foarbyld dêrfan is it Synagoge en Ecclesia-keunstwurk, dat yn 2015 nei oanlieding fan it 50-jierrich jubileum fan de pauslike ferklearring Nostra Ætate by de katolike Sint-Joazefuniversiteit fan Philadelphia oprjochte waard.

Bekende foarstellings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bekende foarstellings fan Ecclesia en Synagoge binne te sjen oan de Notre-Dame fan Parys, oan de Bamberger domtsjerke, de Freiburger munster, de katedraal fan Metz, de Leaffrouwetsjerke fan Trier en de Notre-Dame fan Straasburch.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ecclesia en Synagoge fan Wikimedia Commons.