Tasjkent
Tasjkent Toshkent | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Oezbekistan | |
Provinsje | gjint (federaal distrikt) | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.909.466 (2022) | |
Oerflak | 334,8 km² | |
Befolkingsticht. | 8.690,2 / km² | |
Hichte | 455 m | |
Oar | ||
Stifting | 5e iuw f.Kr. | |
Tiidsône | UTC +5 | |
Simmertiid | (gjin simmertiid) | |
Koördinaten | 41°18′40″N 69°16′47″W | |
Offisjele webside | ||
tashkent.uz | ||
Kaart | ||
Tasjkent (Oezbeeksk: Toshkent; Russysk: Ташкент, "Stienstêd") is de haadstêd fan Oezbekistan en leit tichtby de grins mei Kazachstan, Kirgyzje en Tadzjikistan. It hat hast trije miljoen ynwenners - mei in grutte Russyske minderheid – en is de wichtichste stêd yn Sintraal-Aazje.
Oars as in protte oare stêden yn dy kontreien is Tasjkent in frijwat moderne stêd. It hat bygelyks in modern metrosysteem, ferskillende universiteiten en hegesskoallen, bioskopen en konsertsealen, kantoaren fan kompjûterbedriuwen en grutte Amerikaanske en Europeeske bedriuwen, ensafuorthinne.
Yn it ferline wie Tasjkent in wichtige halte op de siderûte tusken Europa en Aazje. In soad histoaryske gebouwen binne fernield ûnder de sosjalistyske revolúsje fan 1917 en by in grutte ierdskodding yn 1966.
-
Modern kantoargebou mei âlde kommunistyske flat op eftergrûn
-
Oliy Majlis, it parlemintsgebou
-
Kristlike tsjerke yn Tasjkent
-
Spoarstasjon
Susterstêden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Berlyn, Dútslân
- Dnipro, Oekraïne
- Istanbûl, Turkije
- Karachi, Pakistan
- Seattle, Feriene Steaten
- Kortrik, Belgje
Berne yn Tasjkent
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Gennadi Vladimirovitsj Tsjernov (1937), Oezbeeksk komponist en muzykpedagooch
- Djamolidin Abdoesjaparov (1964), Oezbeeksk hurdfytser
- Filura Bulatova (9 july 1963), Oezbeeksk-Italjaansk tafeltennisster
- Rodion Gataullin (23 novimber 1965), Russysk heechljeppers
- Zoelfia Zabirova (19 desimber 1973), Russysk hurdfytster
- Alina Kabajeva (12 maaie 1983), Russysk turnster en parlemintslid
- Mark Weil (25 jannewaris 1973), Oezbeeksk-Joadsk teaterregisseur
- Peter Odemwingie (15 july 1981) Nigeriaansk fuotballer