Dom fan Berlyn

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Berliner Dom)
Berliner Dom
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
plak Berlyn
adres Am Lustgarten
koördinaten 52° 31' N 13° 24' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Evangelyske Tsjerke yn Dútslân
Arsjitektuer
arsjitekt Julius Raschdorff
boujier 1894-1905
boustyl neorenêssânse, neobarok
Webside
www.berlinerdom.de
Kaart
Dom fan Berlyn (Berlyn-Sintrum)
Dom fan Berlyn

De Dom fan Berlyn (Dútsk: Berliner Dom) is in 19e-iuwske protestantske katedraal yn it sintrum fan Berlyn op it Spree-eilân. It is ien fan 'e grutste tsjerken fan Dútslân en de grutste tsjerke fan Berlyn.[1]

De domtsjerke lit ynfloeden fan 'e Italjaanske hege renêssânse en neobarok sjen.

Bouskiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Goatyske tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De goatyske tsjerke healwei de 17e iuw.

Om it slot fan Berlyn stiene eartiids ferskillende tsjerken. Yn 'e midsiuwen stie súd fan it kastiel in Dominikaansk kleastertsjerke, dy't yn opdracht fan karfoarst Joachim II yn 1535 hinne fergrutte en as foarstelik begraafplak ynrjochte waard. De domtsjerke waard yn 1536 ynwijd, mar yn 1539 gie Joachim II op 'e nije, lutherske leare oer en de katolike domtsjerke waard no in protestantske domtsjerke. Yn 1608 waard ek it kapittel opheft, de dom wie no de belangrykste parochytsjerke fan Cölln, ien fan de twa oarspronklike Berlynske susterstêden.

Barokke tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De barokke bou fan Bouman/Von Knobelsdorff.

De ferfallen midsiuwske tsjerke waard yn opdracht fan Freark II ôfbrutsen en tusken 1747 en 1750 ferfongen troch in barokke tsjerke. Dat barde oan 'e Lutstgarten, de hjoeddeiske lokaasje fan 'e dom. Tagelyk ferhûzen ek de sarken nei de krypte ûnder de nijbou. Arsjitekt fan de op 6 septimber 1750 ynwijde nijbou wiene de Nederlanner Jan Bouman en Georg Wenzeslaus von Knobelsdorff.

Neoklassisistyske tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De neoklassisistyske dom fan Schinkel.

Yn it ramt fan de unikaasje fan de lutheranen en kalvinisten yn Dútslân waard de tsjerke yn 'e jierren 1816-1821 yn neoklassisistyske styl ferboud neffens in ûntwerp fan Karl Friedrich Schinkel.

Hjoeddeiske dom[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't Berlyn yn 1871 de haadstêd fan it Dútske Keizerryk waard, wie de katedraal te lyts foar in keizerlike haadstêd. De arsjitekt Julius Raschdorff presintearre yn 1885 syn ûntwerp foar in nije domtsjerke dy't bettere past by de keizerlike status, mar it duorre noch oant keizer Willem II it beslút naam om de âlde domtsjerke ôf te brekken en te ferfangen troch in nijenien, dy't yn 1905 foltôge waard.

Krypte[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under de domtsjerke is in grutte krypte foar de grêven fan de Prusyske keninklike famylje. Yn 'e krypte binne in soad grêven fan de karfoarsten fan Brandenburch en lettere Prusyske kenings, mar gjin ien Dútske keizer waard dêr byset. De lêste kening fan Prusen dy't dêr byset waard wie Freark Willem II. De krypte is lykas de domtsjerke iepen foar toeristen.

Twadde Wrâldkriich en werbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De domtsjerke yn 1945.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich rekke de Berliner Dom swier skansearre. Yn 1951 krige de stikkene tsjerke in provisoarysk dak. De rekonstruksje begûn yn 1975 en yn 1992 waard de nije tsjerke iepene.

It bouwurk is 116 meter heech op in oerflak fan 73 by 93 meter. De koepel hat in trochsneed fan 33 meter en der binne 2100 sitplakken yn 'e domtsjerke.[2] Mei in trep kinne besikers by de koepel komme, dêr't se rûnom sicht hawwe oer de stêd.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Berliner Dom

  1. Ynformaasje oer de Berliner Dom
  2. Feiterige op structurae