Springe nei ynhâld

Spree

Ut Wikipedy
Rin fan de Spree

De Spree (Sorbysk: Sprowja) is in rivier yn it easten fan Dútslân yn de dielsteaten Saksen, Brandenburg en Berlyn. De Spree ûntspringt yn Saksen yn it Lausitzer berchtme en mûnet by Berlyn yn de Havel út. De lingte is 382 oant 403 km, ôfhinklik fan de boarne dy't oanholden wurdt. It streamgebiet beslacht 10.105 km².

De trije boarnen fan de Spree lizze tichteby de grins mei Tsjechje, súdeast fan Ebersbach. Justjes westliker rint de Spree troch de Fugauer Zipfel, in tige smel stikje Tsjechysk grûngebiet.

Yn de stêd Bautzen streamt de Spree troch in koarte djippe kleau. Dêrnei rint sy oant de mûning troch leechlân mei in lyts ferfal. By de stêden Cottbus en Lübben foarmet de Spree yn it Spreewald in delta mei in protte sydtûken.

Mids Berlyn leit it Spree-eilân, in eilân dêr't it plak Cölln lei. Dat wie ien fan de twa plakken dy't úteinlik waaksten ta de stêd Berlyn. It noardlik part fan it eilân, it saneamde Museumsinsel, binne hjoeddeisk in protte ferneamde museums te finen. Yn itt westlik stedspart Spandau mûnet de Spree yn de Havel út.