Springe nei ynhâld

Lausitz

Ut Wikipedy
De regio Lausitz yn Europa

De Lausitz (Sorbysk: łuža) is in regio yn it easten fan Dútslân en it westen fan Poalen. De namme is ôflaat fan in Sorbysk wurd foar sompich greidlân. Yn 'e Lausitz wenje de Sorben, in Slavyske minderheid dy't it Sorbysk praat.

De Lausitz kin geografysk tusken Leech-Lausitz en Heech-Lausitz opdield wurde. De beide regio's wurde skieden troch de 'Lausitzer marrekrite', in rige fan marren dy't troch de brúnkoalwinning ûntstien binne. Leech-Lausitz is relatyf flak en de grutste stêd is Cottbus. Yn 'e Heech-Lausitz lizze folle mear bergen lykas it Zittauer Gebirge. De grutste stêd fan yn 'e Heech-Lausitz is Bautzen.