Eberhard Friedrich Walcker
Eberhard Friedrich Walcker (berne op 3 july 1794 yn Cannstatt - ferstoarn op 2 oktober 1872 yn Ludwigsburg) is de belangrykste Dútske oargelbouwer fan 'e 19e iuw. Syn oargelbedriuw hearde foar in skoft ta de grutste en meast bekende oargelboufirma's fan 'e wrâld.
Walcker wie de soan fan Johann Eberhard Walcker, ek in oargelbouwer, dy't yn it jier 1780 yn it Dútske Cannstatt in bedriuw iepene hie. Johann Eberhard Walcker makke syn soan bekend mei it oargelbedriuw. Yn 1920 ferhûze it bedriuw nei Ludwigsburg, dêr't it bedriuw lang bleau. Mei ferskillende technyske ferbetterings en in bettere klank krige it bedriuw dêr jimmeroan mear bekendheid. Eberhard Friedrich stifte yn 1821 in eigen bedriuw yn Ludwigsburg, dat sûnt 1854 de namme E.F. Walcker & Cie. droech. It earste bekend oargel fan him wie it yn 1833 foltôge oargel foar de Frankfurter Paulustsjerke (Opus 9), dat ynternasjonaal wurdearre waard.
Opfolging
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fiif fan Eberhard Friedrich Walcker's soannen soene letter yn syn bedriuw meiwurkje. Ut syn earste houlik fan 1821 mei Luise Beate Weigle (1793-1843), de suster fan 'e oargelbouwer Carl Gottlieb Weigle, wiene dat:
- Heinrich (*10 oktober 1828 yn Ludwigsburg, † 24 november 1903 yn Ludwigsburg)
- Friedrich (*17 september 1829 yn Ludwigsburg, † 6 desimber 1895 yn Ludwigsburg)
Ut it twadde houlik fan 1844 mei Marie Stumpp (* 21 oktober 1817 yn Kirchheim unter Teck, † 29 maaie 1887 yn Ludwigsburg), dêr't er meiïnoar 11 bern mei krige:
- Carl (* 6 maart 1845 yn Ludwigsburg; † 19 maaie 1908 yn Ludwigsburg)*
- Paul (1846–1928)
- Eberhard (* 8 april 1850 yn Ludwigsburg; † 17 desimber 1926 yn Ludwigsburg)
Sûnt 1857 wiene Heinrich Walcker en Friedrich Walcker oandielhâlders fan it bedriuw. Nei de dea fan Eberhard Friedrich Walcker yn oktober 1872 naam Carl Walcker de kommersjele lieding fan it bedriuw oer.
Doe't Heinrich Spaich (* 21 juny 1810; † 1908) earst as feint, doe as bedriuwslieder en dêrnei as oandielhâlder fan it bedriuw yn 1887 yn 'e rêst gie, krigen Paul en Eberhard Walcker yn syn plak de lieding oer it bedriuw. Eberhard Walcker bleau dat oant er yn 1915 in beroerte krige en it wurk opjaan moast.
Sûnt 1957 bestiet der ek in oargelfirma mei deselde namme yn Eastenryk.
Oscar Walcker: 1916–1948
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 1916 oant 1948 wie Oscar Walcker de iennige eigner fan it bedriuw. Hy makke fan it bedriuw in ynternasjonaal bekend bedriuw mei namme yn 'e hiele wrâld.
Werner Walcker-Mayer: 1948–1999
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Werner Walcker-Mayer folge Oscar Walcker yn 1948 op. Under syn lieding waarden mear as 3.000 oargels levere, wêrûnder letter ek lytsere- en searjeoargels.
Oargels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De presintaasje fan in oargel op de Wrâldútstalling yn Wenen fan 1873 wie sa'n grut sukses, dat it bedriuw yn 1878 de opdracht krige om foar de nije Votivkirche in oargel te bouwen. Yn 1883 krige it bedriuw ek de opdracht om foar de dom fan Wenen in nij oargel te bouwen.
Op de Wrâldútstalling fan 1876 yn Philadelphia hie it bedriuw minder sukses. Paul Walcker slagge der net yn om it dêr presintearre oargel te ferkeapjen en naam it wer mei werom nei Europa, dêr't it lang om let in plak krige yn 'e Michaelskirche fan Waiblingen.
Tusken 1872 en 1916 waarden likernôch 1600 oargels boud. Bekend Walcker-oargels binne (wiene):
- 1863 Boston, Methuen Memorial Music Hall, op. 193 mei IV/89
- 1883 Riga, Dom fan Riga, op. 413 mei IV/116
- 1886 Riga, Pitertsjerke, op. 452 mei III/52
- 1884 Leipzig, Gewandhaus (konsertgebou), op. 432 mei III/54
- 1895 München, Kaim-Saal (konsertgebou), op. 733 mei III/50
- 1902 Danzig, Sint-Johanneskerk, op. 1000 mei III/49
- 1912 Hamburch, Sint-Michaeltsjerke, op. 1700 mei V/163 (mit Fernwerk)
Ek levere Walcker oargels oan synagoges:
- 1910 Berlyn, Nije Synagoge op. 1526 mit IV/91
- 1912 Berlyn, Synagoge Fasanenstraße op. 1658 mit III/65
Learlingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Carl Gottlieb Weigle begûn yn 1826 as learling-oargelbouwer by syn sweager Eberhard Friedrich Walcker. Letter holp er by hast alle grutte oargels fan de firma, fral by de ferbouwing fan it oargel fan 'e Stuttgarter stifttsjerke fan 1837 oant 1845. Yn 1845 gie er foar himsels wurkjen ûnder de namme Orgelbau Friedrich Weigle.
Yn 1864 stifte Johann Nepomuk Kuhn, in eardere meiwurker fan Walcker, yn Männedorf am Zürichsee in eigen firma ûnder de namme Orgelbau Kuhn.
It grutste Walcker-oargel hie 220 registers en mear as 16.000 pipen. It oargel waard yn 1930 boud foar in kongreshal yn Neurenberch, dat yn 'e Twadde Wrâldkriich by de bombardeminten op de stêd ferneatige waard.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Eberhard Friedrich Walcker
|