Ludwigsburg
Ludwigsburg | ||
Protestantske stedstsjerke fan Ludwigsburg | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Baden-Wuertemberch | |
lânkring | Ludwigsburg | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 94.157 (2022) | |
Oerflak | 43,34 km² | |
Befolkingsticht. | 2.173 ynw./km² | |
Hichte | 295-365 m | |
Oar | ||
Postkoade | 71634-71642, 71672 | |
Koördinaten | 48° 53' N 9° 11' E | |
Offisjele webside | ||
www.ludwigsburg.de | ||
Kaart | ||
Ludwigsburg is in plak yn 'e Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. It is de Kreisstadt fan 'e lânkring Ludwigsburg.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Stifting troch Eberhard Loadewyk fan Wuertenberch (1704–1733)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ludwigsburg waard ferneamd nei hartoch Everhard Loadewyk fan Wuertemberch, dy't nei it foarbyld fan Versailles yn it jier 1704 bûten it âlde Stuttgart in slot bouwe liet. Ynearsten soe dat in ienfâldich jachtslot wurde, mar dy plannen feroaren. Stuttgart wie in midsiuwske stêd en it slot dêr hie tusken dy bebouwing net in soad romte. It slot yn Ludwigsburg derfoaroer moast in represintatyf gebou wurde, mei in grut slotpark en brede leanen. Hjoed-de-dei it slot it grutste, nea ferneatige barokke slot fan Dútslân.
Mei de bou fan it slot wie it noch net dien mei de ambysjes fan de hartoch. Hy woe syn status ek ferheegje ta karfoarst en om dy ambysje te ûnderstreekjen stifte er sûnt 1709 in hiele stêd by it slot. It paleis waard yn stêd de haadas en de nije stêd soe oanlein wurde yn in rjochthoekich strjittepatroan mei sletten bebouwing om in sintraal plein.
Op 3 septimber 1718 krige de stêd stedsrjochten. Om ynwenners te lûken ûnthiet de hartoch harren allerhande foardielen en frijstellings. Dochs soe Ludwigsburg mar stadich groeie. Dat hie te meitsjen mei de easken dy 't de hartoch oan de nije bewenners oplei om in ideale stêd sûnder earmoede te krijen. De nije ynwenners moasten bygelyks in fermogen fan minsten 1.000 daalders ha en mochten hja gjin boer wêze. It konsept hie lykwols gjin kâns fan slagjen om reden dat op it bouplak fan it slot allinnich al in soad ienfâldich, leechbetelle folk wurke. Tagelyk makke er fan Ludwigsburg de haadstêd fan it hartochdom en twong er de amtners te ferhûzjen nei de faak noch net iens ôfboude hûzen. Mei it ferstjerren fan de hartoch yn 1733 telde it plak om en de by 6.000 ynwenners.
Karel Aleksander fan Wüertemberch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Opfolger Karel Aleksander ferhûze fuort nei de dea fan Everhard Loadewyk van Württemberg de residinsje werom nei Stuttgart. Mear as de helte fan de ynwenners folge de hartoch om't hja ekonomysk fan it hôf ôfhinklik wiene. Om de delgong fan de stêd te kearen rjochte Karel Aleksander yn 1736 in finzenis en tichthûs foar dakleazen, kriminelen en psychiatryske pasjinten op, dy't yn in lekkenfabryk wurkje moasten. Ek soe Karel Aleksander in porsleinfabryk stiftsje.
Ien fan 'e ynwenners fan Ludwigsburg waard de joadske bankier fan 'e hartoch, Joseph Süß Oppenheimer, dy't oan 'e hjoeddeiske Mömpelgardstraße 18 wenne. Nei de dea fan Karel Aleksander ferfoel de beskerming fan 'e hartoch en waard Joseph Süß slachtoffers fan in justisjele moard. Hy waard falsk beskuldige fan heechferried, majesteitsskennis, it stellen út de steatskas, misdraging, korrupsje, ûnthilliging fan 'e protestantske godstsjinst en seksuele omgong mei kristlike froulju. Yn 1940 soene de nasjonaalsosjalisten de propagandafilm Jud Süß yn Ludwigsburg filmje.
Karel Eugenius fan Wüertemberch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei de iere dea fan syn heit Karel Aleksander waard de 9 jier âlde Karel Eugen hartoch fan Wuertemberch. Dy drige om de residinsje te ferhûzjen nei Ludwigsburg en om him yn Stuttgart te hâlden kearden de stannen de bou fan in nij slot goed yn Stuttgart. Dochs ferlear Stuttgart op 'e nij de status fan haadstêd nei in eskalaasje fan in konflikt tusken de hartoch mei de stannen fan Wuertemberch en it ôfbaarnen fan it hast foltôge nije slot; yn 1764 waard Ludwigsburg op 'e nij de haadstêd fan Wuertemberch, mar dat duorre net hiel lang want yn 1775 waard Karel Eugen twongen syn residinsje definityf werom nei Stuttgart te ferhûzjen.
Freark I fan Wuertemberch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hartoch Freark I joech Ludwigsburg wer in ympuls troch dêr simmerdeis ta te hâlden. Hy liet de parken en it slot troch de hofarsjitekt Nikolaus Friedrich von Thouret neffens de nije moade fan it klassisisme feroarje.
Napoleon woe fan Wuertemberch ien fan 'e bufferstaten meitsje tsjin Prusen en Eastenryk. Troch de sekularisaasje krige Wuertemberch der grutte gebieten by en hartoch Freark krige yn 1803 de status fan karfoarst. Op oantrunen fan Napoleon waard Freark op 1 jannewaris 1806 ta kening beneamd. De nije titel soarge op 'e nij foar grutte ynvestearings yn it hôf. Sa waard ien fan 'e paleissealen ta troanseal ferboud. De baldakyn dêrfan waard mei brokaat en side fersierd, dat ôfkomstich wie fan 'e konfiskearre liturgyske gewaden út de ophefte kleasters fan it katolike bolwurk Opper-Swaben, dat yn 'e Frânske tiid by it nije keninkryk Wuertemberch foege wie.
Jongere skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1921 waard Ludwigsburg de grutste garnizoensstêd fan Súdwest-Dútslân en dêrfandinne krige de stêd de bynamme 'Swabysk Potsdam'.
Sûnt de 19e iuw wennen der ek joaden yn Ludwigsburg, dy't in synagoge bouden. De synagoge waard yn novimber 1938 troch SA-manlju ferneatige.
De stêd hat yn ferlikening mei oare Dútske stêden yn 'e Twadde Wrâldkriich minder te lijen hân fan bombardeminten. Likernôch 2% fan de stêd waard fernield en 1.500 minsken ferlearen harren libben. Nei 1945 wie der in kamp oant 1946 foar oarlochsmisdiedigers. Ek wiene der ferskillende kampen foar flechtlingen.
Yn 1962 moeten Konrad Adenauer, de bûnskânsler fan West-Dútslân, en Charles de Gaulle, de president fan Frankryk, inoar yn Ludwigsburg yn it ramt fan de freonskip tusken beide lannen. Nei in iuw fan oarloggen tusken de twa lannen betochten hja dat de relaasje no goed wie.
Stedsgebiet
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kearnstêd Ludwigsburg is ferdield yn 'e wiken Mitte, West, Nord en Ost. Stadtteile binne: Pflugfelden, Eglosheim, Hoheneck, Oßweil, Grünbühl-Sonnenberg, Neckarweihingen en Poppenweiler.
Stedsdiel | Ynwenners (2016) |
---|---|
Mitte | 11.155 |
West | 11.459 |
Nord | 3.186 |
Ost | 15.396 |
Süd | 4.066 |
Eglosheim | 11.858 |
Grünbühl-Sonnenberg | 3.656 |
Hoheneck | 5.068 |
Neckarweihingen | 6.910 |
Oßweil | 10.826 |
Pflugfelden | 4.627 |
Poppenweiler | 4.671 |
Meiïnoar | 92.878 |
Ynwenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei it begjin fan de yndustrialisaasje yn 'e 19e iuw woeks de befolking fan 'e stêd tige fluch. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch hie de stêd net it meast te lijen sadat de befolking yn dy tiid wol wat efterút gie, mar net sa slim as yn oare Dútske stêden.
Ludwigsburg wie lykas Baden-Wuertemberch by de stifting in protestantske stêd. Njonken in lutherkse gemeente ûntstie der ek al gau in kalvinistyske gemeente. Der wennen ek katoliken, benammen Italjaanske arsjitekten dy't holpen by de bou fan de barokke residinsje, mar dy hiene gjin eigen tsjerke. Karel Aleksander wie de earste katolike hartoch sûnt de reformaasje en liet de slotkapel yn in katolike tsjerke ferbouwe, mar it duorre oant 1806 doe't it katolisisme wer like rjochten krige.
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1718 | 1726 | 1774 | 1803 | 1843 | 1890 | 1900 | 1933 | 1945 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 600 | 2.442 | 11.607 | 5.248 | 10.726 | 17.418 | 19.436 | 34.135 | 38.804 |
Jier | 1975 | 1990 | 2000 | 2005 | 2010 | 2015 | 2020 | ||
Ynwenners | 83.622 | 82.343 | 86.897 | 87.673 | 87.735 | 92.973 | 93.358 |
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It arsjitektonyske en kulturele erfgoed fan de eardere residinsje set noch altiten syn stimpel op de stêd.
It sintrum fan de barokke stêd foarmet it Marktplatz mei de boarne, de as herfoarme en letter katolisearre Trije-ienheidstsjerke (1721–1727) en de protestantske Stadtkirche (1718–1726). Noardlik fan it Marktplatz leit de Holzmarkt mei in obelist.
De belangrykste gebouwen foarmje sûnder mis it residinsjeslot, it jachtslot Favorite en it slot Monrepos.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Garnisonsmuseum
- Residenzschloss Ludwigsburg
- Ludwigsburg
- Schlagzeugmuseum Ludwigsburg (Drumstelmuseum)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Ludwigsburg
|