Kreisstadt

Ut Wikipedy

In Kreisstadt is in stêd yn Dútslân, dêr't it bestjoer fan in lânkring (Landkreis) of kring (Kreis) syn sit hat. Net alle lânkringen hawwe in Kreisstadt.

Kreishauptort[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De útwurking fan in Kreisstadt is yn Dútslân net unifoarm en dat betsjut dat der tusken de dielsteaten lytse ferskillen wêze kinne. As it bestjoer fan in gemeente syn sit hat yn in plak dy't net de stedsstatus besit, wurdt dat plak Kreishauptort neamd. Dit bart lykwols net faak, en sûnt Westerstede offisjeel stêd wurden is, is allinne Garmisch-Partenkirchen yn Beieren oerbleun as Kreishauptort.

Lânkring[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Derbinne ek lânkringen, der't it bestjoer syn sit fan hat yn in oanbuorjende stêd. Meastentiids joech dy stêd de namme oan de lânkring, wylst de stêd dêr sels gjin diel fan útmakket. In foarbyld dêrfan is de lânkring Heilbronn.

Große Kreisstadt[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In aparte groep stêden foarmje de Große Kreisstädte. Dy groep hat yn in lânkring in bysûndere status mei't hja in tal taken fan de lânkring oernimme en foar de stêd sels útierd. De Große Kreisstadt is dus in tuskenfoarm fan de lânkring en de Kreisfreie Stadt.