Krústsjerke (Coevorden)
Krústsjerke | ||
![]() | ||
![]() | ||
Lokaasje | ||
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
plak | ![]() | |
adres | Kerkstraat | |
koördinaten | 52°39' N 6°44' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1641-1645 | |
monumintale status | ![]() | |
monumintnûmer | 11490 (tsjerke) [1] 11491 (toer) [2] | |
Webside | ||
Side PKN-Coevorden | ||
Kaart | ||
De Krústsjerke, of de Grutte Tsjerke, oan 'e Kerkstraat yn Coevorden, Drinte, is de eardere herfoarme stedstsjerke. Mei de fúzje fan 'e herfoarme en grifformearde gemeente yn 2022 ta ien protestantske gemeente, waard besletten dat de Singeltsjerke oanholden en de Krústsjerke ôfstjitten waard.[3] Op Pinkstersnein 2022 fierde de PKN-gemeente foar it lêst in tsjinst.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De hjoeddeiske tsjerke waard yn 'e jierren 1641-1645 boud op it plak fan in foargonger, dy't yn 1598 ferneatige waard. Foar de nijbou hie de drost fan Coevorden en Drinte tastimming jûn om in ynsammeling te hâlden. Yn 1641 waard útein set mei it lizzen fan 'e fûneminten fan 'e tsjerke. Foar it fûnemint en it ûnderste diel fan 'e muorren waarden mei Bentheimer sânstien brûkt. By de bou waarden fierder ek dielen fan 'e roomske foargonger brûkt.
Doe't de muorren likernôch twa meter heech wiene koe de bou fanwegen jildbrek net fierder. Mei help fan bydragen fan 'e Oeriselske stêden, in troch it gemeentebestjoer ynfierde tsjerkebelesting, in liening en in tal jeften koe de tsjerke yn 1645 foltôge wurde.
Yn 1890 waard it tuorke troch bliksemynslach troffen. By it dwêsten fan 'e brân ûnstie der skea oan 'e tsjerke en it 17e-iuwske oargel.

Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ynrjochting fan 'e tsjerke datearret foar in grut part út de boutiid, lykas de preekstoel, de banken, de kommandantsbank, it doopfont en in houten offerblok. Yn 'e toer hingje twa klokken, getten troch Willem Wegewaert yn 1588. It mechanyske toeroerwurk is út 1895.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It tsjerkeoargel fan 'e Krústsjerke waard yn 1897-1898 boud troch Jan Proper út Kampen. Fan 'e 17e-iuwske foargonger fan Theodorus Faber bleau allinne de oargelkreake bewarre. It Faber-oargel waard ferkocht oan 'e Remonstrantske tsjerke fan Hoogeveen, mar it foldie dêr net en waard dêr al gaueftich ferfongen en trochferkocht. Yn 1970 krige de firma Van den Berg en Wendt út Swol/Nimwegen de opdracht om it Proper-oargel hielendal te fernijen, mei behâld fan in tal registers en de oargelkas fan 1897. De oargelbouwers bouden in oargel fan 27 registers, ferdield oer haad- en boppewurk en pedaal. De yn 'e jierren 1950 wyt farve oargelkas waard yn it ramt fan 'e bou fan it nije ynstrumint yn de oarspronklike kleur werombrocht. Ek de oargelbalustrade ûndergyng in restauraasje.[4]
Bysûnderheden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Willem Hendrik Zwart wurke fan 1945 oant 1954 as organist yn de tsjerke.
- Johan Picardt hat yn de tsjerke preke en is ek yn Coevorden ferstoarn.
- Yn de tiid fan de besetting troch Bearn Poep waard de tsjerke as finzenis brûkt. Tegearre mei Carl von Rabenhaupt makke koster Mijndert van der Thijnen plannen om Coevorden te befrijen. Dy persoanen wurde yn de tsjerke mei in monumint betocht.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Singeltsjerke (PKN)
- Sint-Willibrordustsjerke (RK)
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|