Springe nei ynhâld

Singeltsjerke (Coevorden)

Ut Wikipedy
Singeltsjerke

Singelkerk

bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Drinte
plak Coevorden
adres Van Heutszsingel 21
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1913
arsjitekt J.D. Meppelink
monumintnûmer 468607 [1]
offisjele webside
Side PKN Coevorden

De Singeltsjerke is de grifformearde tsjerke yn Coevorden. De tsjerke is oansletten by de PKN.

Yn 1842 fûn yn Coevorden de ynstitúsje fan in ôfskieden tsjerke plak. Sûnt 1852 tsjinne in ferboude smidterij de grifformearden fan Coevorden ta tsjerke. Oan de arsjitekt Meppelink waard yn 1911 frege om in nije tsjerke te ûntwerpen, wêrfoar't op 15 augustus 1912 de earste stien lein waard.

De yn 1913 yn gebrûk nommen tsjerke krige oan it begjin fan de jierren 1950 in oanbou foar de jongerein, dy't yn 1990 ôfbrutsen en ferfongen waard troch it nije gebou "De Hoekstien".

It oargel waard yn 1912 troch Martinus Vermeulen út Woerden boud, dy't fakentiden materjaal fan eardere oargels by de bou fan nije oargels tapaste. It wie in twamanualich ynstrumint mei 13 registers en oanhongen pedaal. Yn 1940 waard it oargel troch Valckx en Van Kouteren út Rotterdam fergrutte en krige doe in elektryske wynfoarsjenning. Yn de jierren 1961 fernijde G.A.C. de Graaf út Amsterdam it oargel en wreide it út mei in rechposityf. Nei't tsjin it ein fan de jierren 1980 bliken die dat it ûnderhâld fan it oargel striemin wie, waard besletten om Mense Ruiter te freegjen it ynstrumint te renovearjen. Op it haadwurk sette Mense Ruiter in Trompet 8′ fan Bakker & Timmenga út 1913, dy't fan in oargel út Mitselwier ôfkomstich is.

Nei de restauraasje wie de disposysje feroare en telde it oargel 22 registers en 1373 pipen, ferdield oer haadwurk, rêchwurk en pedaal.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: