Remonstrantske tsjerke (Hoogeveen)
| Remonstrantske tsjerke | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| provinsje | ||
| plak | ||
| adres | Grote Kerkstraat 39 | |
| koördinaten | 52°43' N 6°28' E | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| tsjerkegenoatskip | Remonstrantske Bruorskip | |
| Arsjitektuer | ||
| arsjitekt | J. Carmiggelt | |
| boujier | 1894 | |
| monumintale status | provinsjaal monumint | |
| Webside | ||
| Side Remonstranten Hoogeveen Side NGG | ||
| Kaart | ||
De Remonstrantske tsjerke oan 'e Grote Kerkstraat is in tsjerkegebou fan 'e remonstrantske gemeente yn Hoogeveen yn 'e provinsje Drinte.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke waard yn 1894 boud foar de yn 1886 stifte gemeente en bea plak oan 350 minsken. De gemeente wie stifte út ûnfrede mei de tsjerkeried fan 'e herfoarme gemeente, dy't wegere in frijsinnich predikant te beroppen. De leden fan 'e remonstrantske gemeente wiene allegear ôfkomstich út de liberale boppelaach.
Yn 'e rin fan 'e tiid waarden der in pear feroarings oan it gebou útfierd, lykas in oanbou oan 'e efterkant foar de jongerein yn 1957. Yn 'e jierren 1960 fûn in restauraasje fan 'e tsjerke plak.
De remonstrantske gemeente hat te lijen fan krimp en fergrizing. Tsjintwurdich makket ek de gemeente fan 'e Nederlânsk Griffoarmearde Tsjerke gebrûk fan it gebou foar harren earetsjinsten.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ynearsten makken de remonstranten yn Hoogeveen gebrûk fan in Amerikaansk harmoanium, mar yn 1897 kocht de gemeente it út 1658 datearjende Faber-oargel fan 'e Herfoarme tsjerke fan Coevorden oan. It 17e-iuwske ynstrumint wie yn ûnderhâld by Jan Proper út Kampen, mar nei syn ferstjerren bleau it ûnderhâld fan it monumintale ynstrumint út en waard der klage oer de kwaliteit fan it oargel. Besletten waard in nij oargel oan te skaffen fan 'e firma A. Standaart út Schiedam, dat op 21 maart 1926 yn gebrûk nommen waard. It 17e-iuwske Faber-oargel waard ferkocht en krige letter in plak yn 'e tsjerke fan 'e Rekkense Inrichtingen yn Rekken, dêr't it yn 1934 ferfongen waard troch in oargel fan 'e firma Valckx en Van Kouteren. Sûnt is it spoar fan it 17-iuwske oargel bjuster. Yn 1960 folge der noch in restauraasje fan it Standaard-oargel, mar yn 'e rin fan 'e tiid rekke it oargel bûten gebrûk. De gemeente skafte in elektroanysk Johannes-oargel (Opus 60) oan, dat troch de organist Feike Asma ynspile waard.[1]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
