Springe nei ynhâld

Johan Picardt

Ut Wikipedy
Johan Picardt
Ets fan reuze hunebêdbouwers
Titelside Antiquiteten út 1660

Johan Picardt (as Piccardt) (Bad Bentheim, 5 febrewaris 1600 - Coevorden, 21 maaie 1670) wie in Dútsk-Nederlânsk histoarikus, medikus, ûntginner en predikant. Hy hearde by de lutersk-grifformearde streaming.

Johan wie de âldste soan fan de herfoarme predikant Johan Pickhart (1560 - 1629) en syn frou Elske Kemener (1569 - 1607). De famylje Picardt hâlde al generaasjes lang ta yn it Greefskip Bentheim [1]. De famylje hie wol bannen mei Nederlân. Sa fjochte Johan syn broer Bruder Alexander Pickhart (berne 1604) as kaptein yn Hollânske tsjinst oant syn dea yn 1640 ta.

Picardt folge de Hege Skoalle yn Steinfurt en studearre dêrnei teology en letter (-1628) ek medisinen oan de Universiteit fan Leien. Yn 1623 waard er predikant yn Egmond oan See. Hy wie dêr ek dokter. Dat joech lykwols frijwat opskuor, want de provinsjale synoade wie fan betinken dat in dûmny net tagelyk dokter wêze mocht.[2] 1625 troud er mei Roeka Brederode út Egmont (†1666 yn Coevorden). Sy hiene sân bern. Krekt letter pachte er in pachte er yn Drinte, yn Rhee, in eardere kleasterpleats [3] en fan doe ôf bemuoide er him mei problemen op it mêd fan lânbou. Yn 1644 waard hy predikant yn Rolde. Dêr krige er skeel mei de gemeenteleden om't er de gewoante hie allinne mar oer net wenstige bibelteksten te preekjen. 1647 is er oan de Universiteit fan Grins ynskreaun, faaks wie er dêr ek warber mei lânbouproblematyk. Da er hier wahrscheinlich auch mit Problemen der Landwirtschaft beschäftigt war, wurde er 1647 Foar de Bentheimske greve Ernst Wilhelm om him ta Directeur fan it heechfean te beneamen Tagelyk wie Picardt fan 1648 ôf dûmny yn Coevorden.

Om de lânbou te ferbetterjen besiket er yn 1645 om in kanaal yn it greefskip Bentheim oan te lizzen. Dat barde lykwols earst yn de 20e iuw; it kanaal krige de namme Coevorden-Piccardie-Kanaal. Yn it earstoan bleaune de resultaten fan krewearjen foar ûntginning en lânbouferbettering beheind, mei troch politike ûnrêst en striderij tusken de Münsterken en Nederlanners yn dy kontreien. Yn 1655 wurdt lykwols in nije koloanje yn ûntgûn gebiet stifte, dy't earst Ernstdorf, letter nei de stifter Piccardie hjitte, en no Alte Piccardie.

Picardt wie in bern fan syn tiid, hie gjin muoite mei de slavernij fan swarten, ferdigene it bestean fan spûken, tsjoenders, wite wiven en de duvel (dy't tahâlden yn it ûnlân). Megalityske stienheapen bringt er yn ferbân mei huynen oftewol reuzen. De tsjintwurdige namme hunebêd is dêr fan ôflaat.[4].

Omdat Picardt in grut part fan syn libben yn Drinte tahâlde en ek de earste wie dy't in skiednisboek oer dy kontreien skreaun hat (de Antiquiteiten of de Annales Drenthiae), wurdt er wol beskôge as 'de heit fan de Drintske skiedskriuwerij'. It hat letter út ûndersyk bliken dien dat in protte fan syn wurk net kloppe.

Picardt hie ek in soad ynteresse yn de apokrive bibelboeken.

  • Korte Beschryvinge van eenige Vergetene en Verborgene Antiquiteiten Der Provintien en Landen gelegen tusschen de Noord-Zee, de Yssel, Emse en Lippe. Mei tolve etsen fan Gerrit van Goedesbergh. Amsterdam 1660. Fannijs útjûn yn 1731 (sûnder de etsen) en yn 1971 (as relaasjepresint). 2008 ferskynde it boek wer, doe mei in ynlieding oer boek en skriuwer.

Priuwke fan syn wurk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In stikje út de Annales Drenthiae, 1660:
Voorst zijn in deze landen geëerd Lahra, Welda (. . .) Freja, Wodan: eenschoon gezelschap. Hoe moet satan in zijn vuist gelachen hebben, als hij dit vuile, snode gespuis hier en in de omliggende landen heeft ingedrongen om als hemelse goden en godinnen met aanbiddinge, offeranden en eerbiedigheid geëerd te worden. Velda is geweest die vermaarde kol, die zich met wichelarij, waarzeggen en duivelsbezweren en andere zwarte kunsten een grote naam gemaakt heeft.

  • Wilhelm Baake, Johan Picardt, yn: Bentheimer Heimatkalender 1951 (= Das Bentheimer Land Bd. 38), Nordhorn 1950, s. 53-55.
  • Horst H. Bechtluft, Emsländische Lebensbilder - Dr. Johan Picardt (1600-1670), yn: Jahrbuch des Emsländischen Heimatbundes Bd. 28/1982, Sögel 1981, s. 10-16.
  • Horst H. Bechtluft, Johan Picardt - Ein Moorkolonisator ohne Grenzen, yn: Studiengesellschaft für Emsländische Regionalgeschichte (Hrsg.), Emsländische Geschichte Bd. 2, Köln/Papenburg/Meppen 1992, s. 138-145.
  • Horst H. Bechtluft, Dr. Johan Picardt (1600-1670). Die geschichtliche Einordnung des Grafschafter Kolonisators, yn: Der Grafschafter 3/1982, s. 12.
  • Horst H. Bechtluft, Dr. Johan Picardt als Kolonisator (1600-1670), yn: Johannes Rüschen (Hrsg.), Emsländische Lebensbilder aus vergangener Zeit. Biographische Notizen zu emsländischen Persönlichkeiten vom 9. Jahrhundert bis heute, Bremen o.J. (1992), s. 91-98.
  • Horst H. Bechtluft, Dr. Johan Picardt (1600-1670) - Pastor, Medinziner, Landwirt, yn: Niedersachsenbuch ’91. Hrsg. von Gerhard Glogowski, Hameln 1991, s. 96-104.
  • Horst Heinrich Bechtluft, Art. Picardt, Johan, yn: Emsländische Geschichte Bd. 6. Hrsg. von der Studiengesellschaft für Emsländische Regionalgeschichte, Dohren 1997, s. 275-277.
  • Ludwig Edel, Zur älteren Geschichte des Geschlechts Pickhart, yn: Der Grafschafter Folge 33, 10/1955, Nordhorn 1955, s. 263-264.
  • Andreas Eiynck, Art. Picardt, Johan, yn: Rainer Hehemann (Bearb.), Biographisches Handbuch zur Geschichte der Region Osnabrück. Hrsg. vom Landschaftsverband Osnabrück, Bramsche 1990, s. 226.
  • Karl-Hermann Jacob-Friesen, Johan Picardt, der erste Urgeschichtsforscher Niedersachsens, yn: Nachrichten aus Niedersachsens Urgeschichte 23/1954, Hildesheim 1954, s. 3-19.
  • L. Knappert, Dr. Johan Picardt - Zijne taal en zijne bronnen, yn: Nieuwe Drenthsche Volksalmanak 1899.
  • Ernst Mawick, Dr. Johann Picardt - Pfarrer, Arzt und Kolonisator, yn: Jahrbuch des Heimatvereins der Grafschaft Bentheim 1953 (= Das Bentheimer Land Bd. 42), o.O. u. J., S. 67-71.
  • Heinrich Voort, Dr. Johan Picardt - ein Emsländer?, yn: Der Grafschafter 2/1982, s. 6.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Dat de Frânsk oandwaande famyljenamme hat neat te krijen mei de Frânske goa Pikardje sa't wolris tocht wurdt
  2. Bouwman, W., Dominee klust bij als dokter, 27-07-2009 yn Nederlands Dagblad, s. 3.
  3. Picardt-hoeve te Rhee
  4. Witte wijven; Korte Beschryvinge van eenige vergetene en verborgene Antiquiteten der provincien en landen gelegen tusschen de Noord-Zee, de Yssel, Emse en Lippe. Waer by gevoeght zijn Annales Drenthiae, [Johan Picardt (1660)