Springe nei ynhâld

Provinsjale Steaten fan Grinslân

Ut Wikipedy
Wapen fan Grinslân
Dizze side giet oer de Provinsjale Steaten fan Grinslân, sjoch foar it haadartikel oer de Provinsjale Steaten: Provinsjale Steaten.

De Provinsjale Steaten fan Grinslân foarmje de folksfertsjintwurdigers fan de provinsje Grinslân. Dy folksfertsjinwurdiging is fêstige in it Provinsjehûs yn Grins. Ek de oare provinsjes fan Nederlân hawwe sa’n folksried.

De haadtaak fan de Steaten is it kontrolearjen fan de Deputearre Steaten fan Grinslân, dy't it deistich bestjoer fan de provinsje yn hannen hawwe.

De foarsitter fan de Steaten is de Kommissaris fan de Kening fan Grinslân. Sûnt 2016 is dat René Paas.

Oant de Steaten-ferkiezings fan 2007 wienen der 55 sitten te ferdielen yn de Provinsjale Steaten fan Grinslân. Sûnt dat jier is dat werom brocht ta 43 sitten.

De lêste ferkiezings wiene op 15 maart 2023. De sitferdieling fan de Provinsjale Steaten fan Grinsslân sjocht der sûnt 2007 sa út:

Partij20072011201520192023
BBB12
GrienLinks33365
PvdA1212655
KristenUny43443
Groninger Belang333
CDA95532
VVD56442
PVV3322
SP76842
D6613432
Partij foar de Dieren11212
FVD51
Partij voor het Noorden11121
Volt Nederland1
50+0010
Totaal4343434343

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]