Westerwâlde

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Westerwolde")
Jump to navigation Jump to search
De lizzing fan Westerwâlde binnen de provinsje Grinslân.

Westerwâlde (Nedersaksysk: Westerwoolde; Nederlânsk: Westerwolde) is in lânstreek yn it easten fan 'e Nederlânske provinsje Grinslân, dy't weromgiet op in Midsiuwske hearlikheid Westerwâlde. Lange tiid wie it in sterk isolearre gebiet, mei't it as in kyl oprûn yn it grutste oanienslettene moerasgebiet fan West-Jeropa, it Boertangerfean. Oarspronklik hearde Westerwâlde hielendal net by de Nederlannen, en wie it in besitting fan it rykskleaster Corvey (dat in selsstannige steat binnen it Dútske Ryk wie). Oars as it noardliker leine Reiderlân hie Westerwâlde ek nea in Frysk gebiet west. Yn 1530 kaam it yn 'e hannen fan hartoch Karel fan Gelre, mar yn 1536 waard it ferovere troch troepen fan keizer Karel V. Dy liet it him doe net mear ûntglûpe en foege it by syn besteande besittings yn 'e Nederlannen, mei as gefolch dat it gebiet úteinlik by Nederlân kaam te hearren ynstee fan by Dútslân.

Ta it histoaryske Westerwâlde hearre 3 tsjintwurdige gemeenten:

mei dêrby noch de súdeastlike dielen fan 2 oare hjoeddeistige gemeenten:

Westerwâlde as esdoarpelânskip, sa't it tsjintwurdich faak besjoen wurdt, is lykwols lytser, en omfiemet inkeld Flagtwedde foar it grutste part (útsein de súdpunt), de súdlike helte fan Bellingwedde en it noardeasten fan Stedskanaal. De rest fan it gebiet bestiet út in oar lânskipstype, nammentlik dat fan 'e feankoloanjes.

Stedskanaal is mei ôfstân it grutste plak yn Westerwâlde. Oare gruttere plakken binne Musselkanaal en Ter Apel. Yn it gebiet wurdt noch in Nedersaksysk dialekt sprutsen, it Westerwâldsk, dat fan âlds fierwei de meast ôfwikende foarm fan it Grinslânsk wie, mar dat sûnt in grut part fan syn karakteristike taaleigen kwytrekke is. Yn tsjinstelling ta de omlizzende gebieten hat Westerwâlde sûnt de Reformaasje altyd in sterk protestantsk karakter hân.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Externe link, op dizze side.